CConstaterende datHeerenveen
Koppel je AI →
Document · PDF

Moasje frjemd ID 18 FNP keamerferhier

Raadsvergadering 19 december 2022, gemeente HeerenveenBij agendapunt: Moasje frjemd ID 18 - Keamerferhier - FNP, HL, VVD359 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

18

Moasje frjemd oan de oarder fan de dei ex artikel 71 Reglemint fan Oarder foar de gearkomste fan de gemeenteried fan Heerenveen Fan

: A.Eijer (FNP)

Foar

: De foarsitter fan de ried

Agindapunt

: Moasje frjemd oan de oarder fan ‘e dei

Underwerp

: Oanpassen hehearsferordening keamerfierhier 2019

De ried yn gearkomste byelkoar

: 19 december 2022

Konstatearret dit probleem: • It oantal oanfragen foar fergunningen om wenningen beskikber te meitsjen foar it ferhier fan keamers nimt ta. • Yn omlizzende gemeenten wurde maatregelen naam om it oantal wenningen foar keamerferhier te beheinen. • Troch dizze maatregelen by omlizzende gemeenten sil en kin de druk op de fraach en oanbod fan wenningen yn de gemeente Hearrenfean dy’t beskikber binne of makke wurde kinne foar keamerferhier ferheegje. • Der binne no in soad klachten fan út de omjouwing fan strjitten wêr meardere wenningen brûkt wurde foar keamerferhier. Sjocht as oplossing(en): • Evaluearje en oanpasse fan de oardering dêr ’t yn alle gefallen by opnommen wurde moat in minimale ôfstân fan 200 meter tusken wenten dêr ’t sprake is fan keamerferhier en dat wenten foldwaan moatte oan it keurmerk SNF1. Sjocht as gefolgen fan de mooglike oplossingen: • Dat der minder klachten komme oer oerlêst. • Dat de leefberens yn de omjouwing fan wenningen mei keamerferhier ferbettere wurdt. • Dat de kwaliteit fan de wenningen dy’t oanbean wurde foar keamerferhier oan in bepaalde kwaliteit foldwaan moatte.

1 Stichting Normering Flexwonen (SNF) is it keurmerk foar húsfêsting fan arbeidsmigranten en stiet foar

kwaliteit fan de húsfêsting fan arbeidsmigranten. De Stichting is oprjochte yn 2013 as útfloeisel fan de Nationale Verklaring Huisvesting Arbeidsmigranten dy 't yn 2012 troch in grut tal partijen ûndertekene is.

18 Draacht it kolleezje op: 1. De behearsferoardering keamerferhier te evaluearjen en de ried op koarte termyn in oanpaste behaersferoardening foar te lizzen. 2. By de evaluaasje ek te sjen nei in minimale ôfstân tusken wenningen mei

keamerferhier, it karmerk SNF, de kwaliteit fan de wenningen wêr’t in fergunning keamerferhier foar oanfrege wurdt en de noarm foar parkearen foar selsstannige wenromten.

Yntsjinne troch: A.Eijer (FNP) Dit amindement is:

□ Oannommen

Stimferhâlding: .. stimmen foar, riedsleden fraksje(s): .. stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s): Hântekening griffier:

□ Fersmiten

□ Yntrokken

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Heerenveen&id=801d0229-f46d-4425-8b2e-2f2abf50cd8d