CConstaterende datHeerenveen
Koppel je AI →
Document · PDF

Moasje frjemd AZC wikselende lokaasjes

Raadsvergadering 25 september 2023, gemeente HeerenveenBij agendapunt: INGETROKKEN Moasje fremd - FNP - AZC wikselende lokaasjes343 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

ID 47 Moasje frjemd oan de oarder fan de dei artikel 71 Reglement van Orde gemeenteraad Heerenveen)

AZC op wikselende lokaasjes

Yn de iepenbiere gearkomste fan

: 25 septimber 2023

It folgjende riedslid tsjinnet / De folgjende riedsleden tsjinje dizze moasje frjemd oan de oarder fan de dei yn: A.Eijer, FNP

Wy stelle fêst dat: • •

• •

De ried op 20 april yn grutte mearderheid ynstimt hat mei it prinsipe útstel foar it fêstigjen fan in AZC yn de gemeente It Hearrenfean. Dit beslút basearre is op de fraach oan it COA foar in langjierrige gearwurking tusken de gemeente It Hearenfean foar in perioade fan minimaal 10 jier mei ûngefear 450 plakken foar asylsikers. Der yn de gemeente It Hearrenfean by meardere doarpen lokaasjes binne wêrop de “wet voorkeursrecht” fan tapassing is. Der yn meardere doarpen yn de gemeente frege wurdt om mear wenningen foar de eigen ynwenners.

Wy hawwe neitocht oer en ús tinkt dat: • • • •

De termyn fan 10 jier op ien lokaasje foar in protte ynwenners in grut beswier is. De gemeenteried fan It Hearrenfean ynstimt hat mei de moasje AZC op lytsere lokaasjes. Troch de “wet Voorkeursrecht “ de gemeente mooglikheden hat om dependânses foar in AZC te realisearjen op meardere lokaasjes yn de gemeente. Troch op de lokaasje reguliere wenningen foar in dependânce fan in AZC te bouwen kin nei in oantal jierren (bygelyks 3) de wenningen brûkt wurde foar wenningen foar de eigen ynwenners.

Wy stelle de rie foar om it folgjende beslút te nimmen: Wy jouwe it kolleezje opdracht om: Om by it útstel oan de ried foar de kar fan de lokaasje fan in AZC ek te sjen nei de mooglikheden foar tydlike dependânces foar ûngefear 3 jier op meardere lokaasjes en om nei dizze 3 jier in oare lokaasje oan te wizen foar de it tydlike AZC. Dizze proseduere te werheljen sa dat der yn totaal 10 jier in AZC mei meardere dependânces yn It Hearrenfean beskikber is.

ID 47 Dizze moasje is: □ Oannommen

□ Fersmiten

Stimferhâlding: .. stimmen foar, riedsleden fraksje(s): .. stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s): Hântekening griffier:

□ Ynlutsen

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Heerenveen&id=0aedc322-9f46-4374-acd8-591b119ae63f