moasje 299 FNP deltaplan.docx
Tekst van het document
299
Moasje frjemd oan de oarder fan ‘e dei ex artikel 36 Reglemint fan Oarder foar de gearkomste fan de gemeenteried fan Heerenveen Fan
: Ate Eijer FNP
Foar
: De foarsitter fan de ried
Agindapunt
: Perspektyfnota
Underwerp
: Rol ried yn Deltaplan-Noard Nederlân
De ried yn gearkomste byelkoar
: 8 july 2021
Konstatearret dat:
Nije lokale demokrasy ien fan de spearpunten is fan it tema ”Samen met inwoners”. It Deltaplan Noard-Nederlân in grutte ynfloed ha kin op tal fan beleidsterreinen lykas: ynfrastruktuer en mobiliteit, wenjen, wurkjen, romtlike oardering, natuer en lânskip en de sosjaal-ekonomyske en sosjaal-kulturele struktuer fan ús gemeente. Dizze aspekten freegje om besprek, iepenbier debat en politike ôfwaging en beslútfoarming.
Is fan betinken dat:
Ûnder in hege tiidsdruk de Ried net yn posysje brocht is rûnom it saneamde ‘Deltaplan voor het Noorden’, en dat we as ried ús posysje as heechste orgaan fan dizze gemeente werompakke wolle. Ûntwikkelingen dy’t mooglik sokke grutte gefolgen ha, ordentlike beslútfoarming en in fundamentiel debat fertsjinje oer de winsklikheid fan ien en oar.
Fersiket it kolleezje:
de Ried te ynformearjen oer de planning fan mooglike ferfolchstappen oer it Deltaplan-Noard Nederlân. de Ried foarôf te ynformearjen en te hifkjen oer alle grutte folgjende stappen, ûntwikkelingen of bestjoerlike besluten dy’t te krijen hawwe mei it ferfolch en ynhâldlik útwurkjen fan it Deltaplan-Noard Nederlân, sadat de Ried ien en oar agindearje kin en dêroer it iepenbiere debat fiere kin. ûnderdielen dy’t yn de ynhâldlike útwurking in politike kar fereaskje yn alle gefallen foar beslútfoarming oan de Ried foar te lizzen. dit yn alle gefallen te dwaan foardat it kolleezje op basis fan dy ynhâld fierder ûnderhannelje sil mei Provinsje en Ryk.
Yntsjinne troch: FNP en HL
299 Dit amindement is:
□ Oannommen
Stimferhâlding: .. stimmen foar, riedsleden fraksje(s): .. stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s): Hântekening griffier:
□ Fersmiten
□ Yntrokken