M10 - Moasje PRO - Romte foar de takomst fan Aldeboarn-De Deelen
Tekst van het document
M10 Moasje (artikel 77 Reglement van Orde gemeenteraad Heerenveen) Romte foar de takomst fan Aldeboarn-De Deelen Dizze moasje heart by : Begrutting 2027 Yn de iepenbiere gearkomste fan : 12 novimber 2026 Tsjinnet it folgjende riedslid dizze moasje yn: J. Tuimaka-Calsbeek PRO De ried fan de gemeente Hearrenfean, yn gearkomste byinoar, Wy stelle fêst dat: • yn it feangreidegebiet fan de gemeente Hearrenfean it gebietsproses Aldeboarn-De Deelen rint, dêr't boeren, bewenners, natuerorganisaasjes en oerheden gearwurkje oan in takomstbestindige ynrjochting fan it gebiet; • binnen dit proses socht wurdt nei oplossingen foar fraachstikken op it mêd fan lânbou, wetterbehear, boaiemdelgong, natuer, rekreaasje en leefberens; • it kolleezje oankundige hat mei in begruttingswiziging nei de ried te kommen; • Yn de begrutting wurdt net genôch omtinken joun oan de ûntjouwings yn dit gebiet. Wy ha neitocht oer en fine dat: • grutte opjeften allinne mei súkses oanpakt wurde kinne as ynwenners en ûndernimmers mei-eigner binne fan de oplossingen; • boeren net allinne produsinten fan iten binne, mar ek ûndernimmers, lânskipsbehearders en in ûnmisbere pylder ûnder de leefberens fan it plattelân;
M10 • it gebietsproses Aldeboarn-De Deelen sjen lit dat ferskillen yn belangen net hoege te lieden ta tsjinstellingen, mar krekt liede kinne ta mienskiplike kânsen foar lânbou, natuer, rekreaasje en wenjen; • it gebietsproses kânsen biedt foar in sterke lânbousektor, in oantreklik lânskip, rekreaasje, bioferskaat en de leefberens fan de doarpen yn it feangreidegebiet; • de gemeente net de iennige partij is yn it gebietsproses, mar wol in wichtige partner foar ynwenners, ûndernimmers en oare oerheden dy't gearwurkje oan de takomst fan it gebiet; • in sterke posysje fan de gemeente needsaaklik is om kânsen op kofinansiering fanút provinsje, wetterskip, Ryk en Europeeske programma’s it bêste te benutten; • ynvestearrings yn gebietsûntwikkeling bydrage oan in takomstbestindich en leefber feangreidegebiet. Wy stelle de rie foar om út te sprekken, dat: • de gemeente Hearrenfean fertrouwen hat yn de krêft fan gebietsrjochte gearwurking; • ynwenners en ûndernimmers yn it gebiet perspektyf fertsjinje op in ekonomysk fitaal, leefber en takomstbestindich feangreidegebiet; • de gemeente in aktive en konstruktive partner bliuwe wol yn de fierdere ûntwikkeling fan it gebietsproses Aldeboarn-De Deelen. Wy fersykje it kolleezje om: 1. yn de oankundige begruttingswiziging eksplisyt omtinken te jaan oan de fuortgong en fierdere útwurking fan it gebietsproses Aldeboarn-De Deelen; 2.
begryplik yn byld te bringen hokker rol de gemeente Hearrenfean de kommende jierren ferfolje wol binnen it gebietsproses en hokker stipe dêrfoar nedich is. M10 Dizze moasje is: Fersmiten Stimferhâlding: 7 stimmen foar, riedsleden fraksje(s): PRO, FrisseWind21, CU 22 stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s): CDA, D66, FvD, VVD, HL, SP, FNP de griffier, de voorzitter, {{SIGNER2}} {{SIGNER1}} L. Roest-Jonkers M.A. Fokkens-Kelder