ID13_amindemint needfûns taheakjen maatskiplike organisaasjes FNP GBH
Tekst van het document
13
Amendemint ex art. 70 reglemint fan oarder foar de gemeenteriedsgearkomste fan de gemeente Heerenveen Fan
: A.Eijer, FNP
Oan
: De foarsitter fan de ried
Agindapunt
: Noodfonds
Underwerp
: needfûns taheakjen maatskiplike organisaasjes
De ried yn iepenbiere gearkomste byinoar
: 10 novimber 2022
Stelt de wiziging fan it foarstelde beslút foar: Under beslispunt 1 en beslispunt 2 oan ynwenners en ûndernimmers ta te heakjen: Maatskiplike organisaasjes, lykas doarpshuzen, (sport)ferienings en kulturele ynstelling Taljochting: Dizze krisis taast net allinnich de besteanswissichheid fan ynwenners en ûndernimmers oan, mar ek dy fan maatskiplike organisaasjes lykas doarpshuzen, (sport) ferienings en kulturele ynstellings. Troch de stigende enerzjykosten komme dizze organisaasjes en ferieningen yn de problemen. It is fan krúsjaal belang om de wurkgelegenheid en de basisynfrastruktuer foar ús maatskiplike organisaasjes yn stân te hâlden. Ek foar dizze maatskiplike organisaasjes moatte dêrom oanfoljende regelingen troffen wurde. Beslút: Beslútpunt 1 en 2 sa oan te foljen: 1. In Needfûns yn te stellen om ynwenners, ûndernimmers en maatskiplike organisaasjes, lykas doarpshuzen, (sport)ferienings en kulturele ynstellings dy 't yn akute problemen komme, te stypjen. 2. It kolleezje te freegjen om it Needfûns fierder út te wurkjen mei it yngean fan 1 desimber 2022. As kritearia mei te jaan a. It Needfûns is ienfâldich tagonklik.
b.Ynset fan kommunikaasje moat deroan bydrage dat: • it Needfûns bekend is by ynwenners, ûndernimmers en maatskiplike organisaasjes, lykas doarpshuzen, (sport)ferienings en kulturele ynstellingen • gemeentlike regelingen dy ’t der al binne, bekend binne by ynwenners, ûndernimmers en maatskiplike organisaasjes, lykas doarpshuzen, (sport)ferienings en kulturele ynstellingen c. Ynwenners, ûndernimmers en maatskiplike organisaasjes, lykas doarpshuzen, (sport)ferieningen en kulturele ynstellings dy ’t in berop dogge op it Noodfonds wurde gau holpen en holpen.
13 d. It Needfûns is bedoeld foar ynwenners, ûndernimmers en maatskiplike organisaasjes, lykas doarpshuzen, (sport)ferienings en kulturele ynstellings dy 't ynskreaun stean op It Hearrenfean. e. is in maksimumbydrage de ynwenner, ûndernimmer of maatskiplike organisaasje, lykas doarpshuzen, (sport)ferienings en kulturele ynstellings.foar it Noodfonds:
Yntsjinne troch: A.Eijer (FNP) Dit amendemint is: □ Oannommen Stimferhâlding: .. stimmen foar, riedsleden fraksje(s): .. stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s): Hântekening griffier:
□ Fersmiten
□ Yntrokken