CConstaterende datHeerenveen
Koppel je AI →
Document · PDF

ID 61 - Moasje FNP wiksellokaasjes

Raadsvergadering 29 februari 2024, gemeente HeerenveenBij agendapunt: Moasje - ID 61 - FNP wiksellokaasjes349 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

61 Moasje (artikel 71 Reglement van Orde gemeenteraad Heerenveen)

Wiksellokaasjes AZC Dizze moasje heart by

: Lokaasje foar in AZC yn It Hearrenfean

yn de iepenbiere gearkomste fan

: 29 febrewaris 2024

It folgjende riedslid tsjinnet dizze moasje yn: Ate Eijer, FNP

Wy stellen fêst dat: • • • •

Der yn de ried yn grutte mearderheid foarstanner is fan meardere lokaasjes foar in AZC yn stee fan ien lokaasje. De gemeenteried fan It Hearrenfean ynstimt hat mei in amendemint AZC om te sjen nei minimaal 2 (lytsere) lokaasjes. Der yn de gemeente It Hearrenfean by meardere doarpen lokaasjes binne wêrop de “wet voorkeursrecht” fan tapassing is. Der yn meardere doarpen fan de gemeente frege wurdt om mear wenningen foar de eigen ynwenners.

Wy hawwe neitocht oer en fine dat: • •

De termyn fan 10 jier op ien lokaasje foar in protte ynwenners in grut beswier is. Troch de “wet Voorkeursrecht “ de gemeente mooglikheden hat om dependânses foar in AZC te realisearjen op meardere lokaasjes yn de gemeente. • Troch op de lokaasje reguliere wenningen foar in dependânse fan in AZC te bouwen kin nei in oantal jierren (bygelyks 3 jier) de wenningen brûkt wurde foar wenningen foar de eigen ynwenners. Wêrtroch we foldogge oan de fraach fan it COA om 10 jier romte beskikber te stellen.

Wy stellen de rie foar om it folgjende beslút te nimmen: Wy freegje it kolleezje om by it útstel oan de ried foar de kar fan de mooglike lokaasje fan in AZC ek te sjen nei de mooglikheden foar tydlike dependânses foar ûngefear 3 jier op meardere lokaasjes en om nei dizze 3 jier in oare lokaasje oan te wizen foar in tydlik AZC. Dizze proseduere te werheljen sa dat der yn totaal 10 jier in AZC mei meardere dependânces yn It Hearrenfean beskikber is.

61 Dizze moasje is: Fersmiten Stimferhâlding: 3 stimmen foar, riedsleden fraksje(s): FNP 25 stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s): CU, HL, PvdA, GBH, GL, D66, CDA, SP, VVD Hântekening griffier: Signed By: L. Roest-Jonkers <L.Roest@heerenveen.nl>

01/03/2024 11:28:39 CET {{SIGNER1}}

ID: f42dfe2e-5bd2-4e3a-9587-bd8e45acb4d2 Auth: Scribble

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Heerenveen&id=43cc97b5-829d-49ee-b3a0-0a018c752ab8