ID 60 Amendemint FNP SP HL GB - ynsidintele mutaasjes
Tekst van het document
ID60 Amendemint (ex art. 70 Reglement van Orde gemeenteraad Heerenveen)
Ynsidintele mutaasjes Dit amendemint heart by
: Perspektyfnota 2024
Yn de iepenbiere gearkomste fan
: 18 july 2024
De folgjende riedsleden tsjinje in oanpassing op it útstel yn: Ate Eijer , FNP
Dimph van Ruth, SP
Age Hartsuiker, HL
Tino van der Ven, GB
Stelt foar om it foarstelde beslút te wizigjen: 1. No noch gjin beslút te nimmen oer de ynsidintele oanfragen foar Museum Belvedére, it eveneminteburo en de regiomarketing, de bestjoersoerienkomst De Fryske Marren en it Gebietsperspektyf Oranjewâld. 2. Dizze oanfragen mei te nimmen by de ôfwagingen by it fêststellen fan de begrutting 2025. Taljochting: It finansjeel perspektyf fan de gemeente liket net sa goed. Reden om te ûndersykjen op hokker belied der ombûgingen trochfiert wurde kinne. Tagelyk wurdt der oan de ried foar lein om wol yn te stimmen mei bepaalde ynsidintele oanfragen. It is mar de fraach oft in oantal fan dizze oanfragen op dit momint needsaaklik binne. Dit giet dan om de oanfragen foar: · Museum Belvedére, · it eveneminteburo en de regiomarketing, · de bestjoersoerienkomst De Fryske Marren · Gebietsperspektyf Oranjewâld Beslút: Beslispunt 1 sa oan te passen: De Perspectiefnota 2024 fêst te stellen mei de folgjende wiziging: 1. No noch gjin beslút te nimmen oer de ynsidintele oanfragen foar Museum Belvedére, it eveneminteburo en de regiomarketing, de bestjoersoerienkomst De Fryske Marren en it Gebietsperspektyf Oranjewâld, 2. Dizze oanfragen mei te nimmen by de ôfwagingen by it fêststellen fan de begrutting 2025.
Dit amendemint is:
Fersmiten
Stimferhâlding: 8 stimmen foar, riedsleden fraksje(s): FNP, SP, GBH, HL 20 stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s): D66, CU, VVD, CDA, GL, PvdA
ID60 de griffier,
de voorzitter,
19/07/2024 12:08:56 CEST {{SIGNER2}}
19/07/2024 22:13:37 CEST {{SIGNER1}}
Signed By: L. Roest-Jonkers <L.Roest@heerenveen.nl>
Signed By: Fokkens - Kelder, Avine <a.fokkens@heerenveen.nl>
ID: fb4917ec-abcf-4ec9-a9ac-ce66c580c500
ID: fb4917ec-abcf-4ec9-a9ac-ce66c580c500
Auth: Scribble
Auth: Scribble
L. Roest-Jonkers
M.A. Fokkens-Kelder