ID 57 Amendemint D66 FNP SP GBH HL - Feiligheidsplan senario 2
Tekst van het document
ID57 Amendemint (ex art. 70 Reglement van Orde gemeenteraad Heerenveen)
Feiligheidsplan senario 2 Dit amendemint heart by
: Perspektyfnota 2024
Yn de iepenbiere gearkomste fan
: 18 juli 2024
It folgjende riedslid tsjinnet / De folgjende riedsleden tsjinje in oanpassing op it útstel yn: O.Chang, D66
A.Eijer, FNP
D. van Ruth, SP
T. van der Ven
A. Hartsuiker
Stelt/stelle foar om it foarstelde beslút te wizigjen: Te ynvestearjen yn iepenbiere oarder en feilichheid yn ús gemeente troch de yn de perspektyfnota troch it kolleezje foarstelde strukturele mutaasje foar Bestjoersstipe alhiel te brûken foar it ferheegjen fan it Veiligheidssenario nei nivo 2. Taljochting: Wêrom ynvestearje yn Iepenbiere oarder en Feiligens? Yn de okkerdeis presintearre Finansjele Benchmark wurdt dúdlik dat gemeente It Hearrenfean op it stuit fan de referinsjegemeenten relatyf minder jild útjout oan Iepenbiere oarder en Feiligens; Resinte petearen oer it gebrûk fan middels troch jongerein mei ynwenners út 3 doarpen fan ús gemeente hawwe de needsaak om te ynvestearjen yn Iepenbiere oarder en feiligens ûnderstreke; Ek resint publisearre regionaal ûndersyk nei kriminaliteit en ûndermeining hat de needsaak om te ynvestearjen yn Iepenbiere oarder en feiligens ûnderstreke. Wy binne fan betinken dat de dekking fûn wurde kin yn de troch it kolleezje foarstelde strukturele mutaasje foar bestjoersstipe, mei de neikommende arguminten. Beslút: De perspektyfnota 2024 fêst te stellen mei de folgjende wiziging: 1. De strukturele mutaasje foar Bestjoersstipe (€ 194.000, -) net op te nimmen; 2. It nedige budzjet foar Veiligheidssenario 2 (april ’23: € 262.095, -) yn de perspektyfnota 2024 op te nimmen.
Dit amendemint is:
Fersmiten
Stimferhâlding: 11 stimmen foar, riedsleden fraksje(s): HL, GBH, SP, D66, FNP 17 stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s): CU, VVD, CDA, GL, PvdA
ID57 de griffier,
de voorzitter,
19/07/2024 12:08:54 CEST {{SIGNER2}}
19/07/2024 22:13:35 CEST {{SIGNER1}}
Signed By: L. Roest-Jonkers <L.Roest@heerenveen.nl>
Signed By: Fokkens - Kelder, Avine <a.fokkens@heerenveen.nl>
ID: fb4917ec-abcf-4ec9-a9ac-ce66c580c500
ID: fb4917ec-abcf-4ec9-a9ac-ce66c580c500
Auth: Scribble
Auth: Scribble
L. Roest-Jonkers
M.A. Fokkens-Kelder