ID 47 - Amendemint FNP-HL-SP Kredyt parkeargaraazje
Tekst van het document
47 Amendemint (ex art. 70 Reglement van Orde gemeenteraad Heerenveen)
Kredyt parkeargaraazje Dit amendemint heart by
: aktualisaasje ynvestearingsaginda 2024
Yn de iepenbiere gearkomste fan
: 29 febrewaris 2024
It folgjende riedslid tsjinnet yn: Ate Eijer, FNP
Age Hartsuiker, HL
Jan van der Veen
Stelt foar om it foarstelde beslút te oan te foljen mei: Sawol it beslút fan 2021 oer de ynvestearring fan 14.7 miljoen euro as it útstel oer in ekstra kredyt fan 9.4 miljoen euro foar de bou fan in parkeargaraazje ûnder it BK plein mei te nimmen yn de aktualisaasje ynvestearringsplanning 2024 en de beide krediten ta te heakjen oan it oersicht fan de bylage oersicht weroerwagingen ynfestearringsplanning 2024 by punt A: Ynvestearringen 2024 yntegraal ôf te wagen by de perspektyfnota. Taljochting: De ried hat yn desimber 2021 14.7 miljoen euro beskikber stelt foar de bou fan in parkeargaraazje ûnder it BK plein. Op 11 jannewaris 2024 hat de ried in útstel foar in ekstra kredyt fan rom 9 miljoen euro foar de parkeargaraazje fan de aginda helle. Ien fan de redenen om it útstel fan de aginda te heljen wie dat de fraach foar in ekstra kredyt net goed ûnderboud wie. Dizze ûnderbouwing is der noch altiten net en it liket der no op dat dizze ynformaasje net earder as yn april nei de ried ta komt. Dit is mar in pear wike foar it opstellen fan de perspektyfnota. Yn it útstel dat no foar leit mei de aktualisaasje ynvestearringsplanning 2024 wurde in soad dossiers meinaam nei de perspektyfnota. De ynvestearringen yn de parkeargaraazje ûntbrekke yn it oersicht.
Neffens de FNP hearre beide ynvestearringen yn de parkeargaraazje, it fêststelde kredyt mar ek it ekstra kredyt fan 9,4 miljoen, belutsen te wurden by it fêststellen fan de persektyfnota. Beslút: •
Sawol it beslút fan 2021 oer de ynfestearring fan 14.7 miljoen euro as it útstel oer in ekstra kredyt fan 9.4 miljoen euro foar de bou fan in parkeargaraazje ûnder it BK plein mei te nimmen yn de aktualisaasje ynfestearringsplanning 2024 en de beide kredyten ta te heakjen oan it oersicht fan de bylage oersicht weroerwagingen ynfestearringsplanning 2024 by punt A: Ynfestearringen 2024 yntegraal ôf te wagen by de perspektyfnota.
47 Dit amendemint is: Fersmiten Stimferhâlding: 8 stimmen foar, riedsleden fraksje(s): FNP, SP, HL 20 stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s): GBH, D66, PvdA, CU, GroenLinks, VVD, CDA Hantekening griffier: Signed By: L. Roest-Jonkers <L.Roest@heerenveen.nl>
01/03/2024 11:28:39 CET {{SIGNER1}}
ID: f42dfe2e-5bd2-4e3a-9587-bd8e45acb4d2 Auth: Scribble