CConstaterende datHeerenveen
Koppel je AI →
Document · PDF

ID 34 - Moasje frjemd Spukjilden brûke foar witgoedwissel - FNP, SP, PvdA, GL, GBH, HL, CU

Raadsvergadering 22 juni 2023, gemeente HeerenveenBij agendapunt: ID 34 - Motie vreemd - Spukjilden ” brûke foar “ witgoedwissel - FNP, SP, PvdA, GL, GBH, HL, CU380 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

ID-34 Moasje frjemd oan de oarder fan de dei artikel 71 Reglement van Orde gemeenteraad Heerenveen)

Spukjilden ” brûke foar “ witgoedwissel Yn de iepenbiere gearkomste fan

: 22 juni 2023

De folgjende riedsleden tsjinje dizze moasje frjemd oan de oarder fan de dei yn: A. Kleefstra, FNP

T. van der Ven, GBH

D. van Ruth, SP

A. Hartsuiker, HL

J.J. Buwalda

Y. van Woersem

L. de Heij

Wy stelle fêst dat: •

•

Der in miljoen euro oan saneamde “spukjilden’’ klearleit, om ynwenners dy’t mei ‘enerzjy earmoede” hawwe te meitsjen, temjitte te kommen trochmiddel fan in “witgoedwissel”. dizze “spukjilden” foar ûterlik 31 desimber 2024 ûtjûn wurde moatte, oars giet it jild werom nei it Ryk.

Wy hawwe neitocht oer en ús tinkt dat: •

• •

Wy ynwenners mei in ynkommen oan en mei 120 persint fan it saneamde ‘’bijstandsniveau”, dy’t sels finansjeel net by steat binne om âlde apparaten te ferfangen troch enerzjysûnige apparaten, temjitte komme wolle yn harren enerzjy earmoede mei dizze “witgoedwissel” It derneist ek nochris goed is foar it miljeu dat der sûnige apparaten brûkt wurde ynstee fan âlde enerzjyslurpende apparaten. Wy de ûndernimmers yn’e Gemeente Hearrenfean ek graach stypje wolle, mar fraude binnen dizze ‘’witgoedwissel” foar wêze wolle.

Wy stelle de rie foar om it folgjende beslút te nimmen: Wy freegje it kolleezje om: Foar 1 septimber 2023 (as ûterlik foar de earste Riedsgearkomst nei it simmerreses) mei in foarstel ynklusief tiidsplân te kommen nei de Ried, ûnder de folgjende betinksten, • De Enerzjycoach aktief belûke/meitinke litte oer de opset fan dit foarstel en de ûtfiering hjirfan.

ID-34 • •

• •

Ynwenner de kar jaan út 3 soarten apparaten, te witten waskmasjine, kuol/fries kombinaasje as in friezer, 1 apparaat per hûshâlden foar maksimaal 750,- euro. Lokale ûndernimmers dy’t it ‘witgoed’ leverje kinne te benaderjen en ôfspraken meitsje dat by levering fan in nij apparaat, it âlde apparaten fuortdalikst mei werom te nimmen. (dit om fraude foar te kommen) Te ûndersykjen at de “Spukjilden” ek oanfolle wurde kinne mei jild út it “needfûns” en dat jild dan ek ynsette. Ynwenners mei in ynkommen oant 120 persint fan it “bijstandsniveau”, aktief benaderje dat sy yn oanmerking komme foar dizze ‘’witgoedwissel’’.

Dit amindement is:

□ Oannommen

Stimferhâlding: .. stimmen foar, riedsleden fraksje(s): .. stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s): Hântekening griffier:

□ Fersmiten

□ Ynlutsen

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Heerenveen&id=d6429348-99b1-41df-8be7-c8e0533efeb5