CConstaterende datHeerenveen
Koppel je AI →
Document · PDF

ID 2634 - Brief inwoner - Nijbou by Akkrum (geanonimiseerd)

Commissie Leefomgeving 14 maart 2024, gemeente HeerenveenBij agendapunt: Behandelverzoek D66 en GL over brieven Stichting Mooi Akkrum455 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Van: Aan: Cc: Onderwerp: Datum:

Eade Schaafsma Griffie mariajansen@xs4all.nl; Ellen Schaafsma nijbou by Akkrum maandag 11 maart 2024 12:38:27

U ontvangt niet vaak e-mail van eadescha@xs4all.nl. Meer informatie over waarom dit belangrijk is

LET OP: Dit bericht is afkomstig van buiten de organisatie. Klik niet op links of bijlagen tenzij je de afzender en de inhoud van het bericht vertrouwt.

Oan de gemeenterie en B&W fan It Hearrefean giet oer: hûzen Akkrum Akkrum, 11 maart 2024

Goeie,

Jim sille it meikoarten ha oer de plannen foar nijbou yn Akkrum, hjir myn miening. Hûzen foar ynwenners, jongerein en âlderein, liket my in goed plan. Allinnich skynt it dat jild, stikstofromte, boumaterialen en arbeiders d'r net binne. Dan fernúfert it my dat immen dan wol fakaansjehûskes delsette kin. Oan de noard-eastkant fan de Meinesleat hat de 'verrroompottisering' - krekt as op mear plakken yn ús moaie provinsje - al taslein, de minsken dy't dêr jierrenlang in plakje hiene binne fuortjage. No stean op dat plak fekânsjehûskes fan rike minsken dy't dit sjogge as in manier om noch mear jild te fertsjinje. Oan de oare kant fan de Meinesleat soe ek in moai plan foar sosjale wenningbou foar gewoane minsken útfierd wurde kinne. Misken dy't yn de sosjale hiersekter wenje wolle of moatte ha faaks ek graach in boatsje by de doar. In pear net al te djoere keapwenten soe âlderein út harren te grutte hûs lokke kinne. En ha jo heard fan it plan by Heech om in plak foar wenarken te meitsjen? Soks soe hjir ek kinne. De man dy't it besteande park ûntwikkele hat skynt in minnenien te wêzen, as ik de berjochten sa hear. Dêrnjonken binne op syn minst 13 hûskes ferkeard, sy kinne yn brân fleane; en de oannimmer en ontwikkelder draaie harren konten d'r foarwei. Mei dat soart minsken ferlieze jo it as gemeente altyd.

Dizze 100 hûskes mei harren wikseljende bewenners binne foar de winkelmisken faaks in knappe ynstruier. Wy fernimme bygelyks dat wy gjin iten mear keapje kinne by Poeisz, want de toeristen wienen earder én it soart guod it op harren rjochte is mei in protte fekaansje-fretterij. Ik hear ek dat dizze Rotteveel hjir earst hûskes delsette wol foar asylsikers en oare flechtlingen; sa kin hy om prosedueres hinne en fluch syn plan útfiere. Noch mear drokte yn it doarp (en op it wetter) fan fekânsjegongers hoecht om my net. Fan misken dy't hjir komme hear ik dat it hjir sa lekker rêstich en stil is en dat sy bliid binne mei de romte en frisse lucht. Dy stilte en romte ferdwine as jo mear fekânsjehûskes tastean. Dus: gjin nij fekânsjepark; al (sosjale) wenningbou.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Heerenveen&id=0741e0c5-841c-45a9-aaff-24c57de7f388