ID 117 amendemint FNP wenningbou
Tekst van het document
117 Amendemint ex art. 35 reglemint fan oarder foar de gemeenteriedsgearkomste fan de gemeente Hearrenfean Fan
: Ate Eijer
Oan
: De foarsitter fan de ried
Agindapunt
: 11 Untwerp omjouwingsfysje
Underwerp
: Wenningbouw lytse kearnen
De ried yn iepenbiere gearkomste byinoar
: 28 jannewaris 2021
Is fan betinken dat: Yn de tekst wurdt stelt “in kleine kernen loop de vraag naar woningbouw terug”. Dit is in efterhelle stelling. It docht bliken dat yn Fryslân de fraach nei wenningen yn lytse kearnen wol oanwêzich is. Yn it foarste plak troch ynwenners út de doarpen sels mar ek fan minsken út gruttere plakken en of oare regio’s. Dit wurdt noch fersterke troch de diskusje oer de Lelyline en de effekten troch Corona. Ek fan makelers komme der lûden dat der mear fraach is nei wenjen yn lytsere doarpen. Ekonomysk geograaf Daniël Depenbroch siet hjir oer yn it FD fan 23 jannewaris it folgende: “Beleidsmakers bij gemeentes en provincies willen de krimpproblemen in de toekomst voorkomen en proberen het met woningbouwafspraken helemaal dicht te denken. Maar er hoeft maar iets in de woningvraag te veranderen, zoals we nu zien, en de plannen raken achterhaald en bereiken het tegenovergestelde van wat ze willen.” Dizze feroaring docht ek bliken út eigen ûndersyk (fan de FNP) by de Pleatslike Belangen wêryn 67% fan de Pleatslike Belangen stelt dat der ferlet is fan mear romte foar de bou fan wenningen yn de doarpen. Beslút: Op side 27 fan de untwerp-omjouwingsvisie under 5.3.4.5 ‘Kleine kernen’ op pagina 27 van de ontwerp-omgevingsvisie de folsleine tekst te wizigjen yn: Kleine en vitale kernen De focus ligt hier op het benutten en verbeteren van het bestaand bebouwd gebied.
Kansen voor het toevoegen van woningen liggen hier op inbreidingslocaties en het hergebruiken of transformeren van leegstaande bebouwing maar ook moet er gekeken worden naar de behoefte van de eigen inwoners uit het dorp en gekeken worden naar (kleinschalige) uitbreiding van het woningbestand in de kleine kernen en de vitale dorpen.
Yntsjinne troch: FNP, HL, SP Dit amendemint is:
□ Oannommen
□ Fersmiten
□ Ynlutsen
Stimferhâlding: Fraksje(s) foar:______________ Fraksje(s) tsjin:_______________ Hantekening griffier: