ID 111 - moasje FNP SP - 2e wenning
Tekst van het document
ID 111 Moasje (artikel 71 Reglement van Orde gemeenteraad Heerenveen)
Bouw fan in 2e wenning op it eigen hiem. Dizze moasje heart by Yn de iepenbiere gearkomste fan
: Utgongspunten Omjouwingsfysje : 11 december 2025
Tsjinnet it folgjende riedslid dizze moasje yn: A. Eijer, FNP
D. van Ruth, SP
Wy stelle fêst dat: • •
•
ynwenners fan ús gemeente hieltyd faker tsjin grinzen oanrinne as it giet om wenplak, trochstreaming en famylje-soarchsituasjes; de hjoeddeistige regels foar it realisearjen fan in twadde wenning op ien kavel tige beheind binne en meastentiids allinnich tydlik en mantelsoarch-relatearre tapast wurde; de Omjouwingsfyzje romte biedt foar mear ynwennersinisjatyf en fleksibiliteit, mar dat dit yn praktyk noch net foldwaande benut wurdt.
Wy hawwe neitocht oer en fine dat: • • •
it frijlitten fan mear mooglikheden foar in twadde wenning op it eigen hiem in direkte bydrage leveret oan mienskipskrêft, leefberens en it fermogen fan minsken om yn har eigen doarp te bliuwen; Fryske doarpen en buorskippen altyd bouwe op it prinsipe fan skaal, karakter en it DNA fan it doarp — mar dat dy kwaliteit krekt behâlden wurde kin troch maatwurk en dúdlike kaders, net troch beheining of ûnwil; dat ynwenners folle mear romte krije moatte om har eigen libbensrin en wenplak te foarmjen, yn stee dat se oanrinne tsjin strange regels dy’t net meigroeie mei de werklikheid.
Wy stellen de rie foar om it folgjende beslút te nimmen: •
út te sprekken dat wy as ried it ûndersyk nei it mooglik meitsjen fan in twadde wenning op it eigen hiem net allinnich winsklik, mar needsaaklik achtsje yn it ramt fan leefberens, soarch en mienskipskrêft.
Wy freegje it kolleezje om : • • •
mei prioriteit en yn dúdlike taal yn kaart te bringen hokker mooglikheden der binne om de bou fan in twadde wenning op it eigen hiem struktureel ta te stean, net allinnich foar mantelsoarch mar breder; te ûndersykjen hoe’t dizze wenningen in eigen adres krije kinne en hoe’t prosedueres ferienfâldige wurde kinne, sadat ynwenners net langer tsjin ûnnedige burokrasy oandrave; de ried te foarsjen fan in dúdlik advys mei konkrete opsjes en oanbefellings.
ID 111 Dizze moasje is: oannommen Stimferhâlding: unaniem
de griffier,
de voorzitter,
Signed By: L. Roest - Jonkers 2025-12-12T12:01:56+01:00 ID: 28c0924b-47e2-4c3c-9fc0-756b3ead6d0d Auth: Scribble
{{SIGNER2}}
Signed By: Fokkens - Kelder, Avine 2025-12-12T13:23:20+01:00 ID: 28c0924b-47e2-4c3c-9fc0-756b3ead6d0d Auth: Scribble
L. Roest-Jonkers
M.A. Fokkens-Kelder
{{SIGNER1}}