ID 110 - moasje FNP - Frijstelling betelle parkearren for sporters Sportstad
Tekst van het document
ID 110 Moasje (artikel 71 Reglement van Orde gemeenteraad Heerenveen)
Frijstelling betelle parkearren foar sporters Sportstad
Dizze moasje heart by
: Parkeartariven
Yn de iepenbiere gearkomste fan
: 11 december 2025
Tsjinnet it folgjende riedslid dizze moasje yn: A. Eijer, FNP
Wy stellen fêst dat: • •
•
it kolleezje fan B&W fan doel is om foar it gebiet om Sportstad hinne in regeling foar betelle parkearjen út te wurkjen; in grut tal ynwenners, lykas âlders mei bern op swimles, sporters en refalidaasjepasjinten, meardere kearen yn ’e wike gebrûk makket fan de foarsjennings fan Sportstad; betelle parkearjen foar dizze groepen in finansjele drompel wêze kin om diel te nimmen oan sport en beweging;
Wy hawwe neitocht oer en fine dat: • •
•
de gemeente It Hearrefean sport, bewegen en sûnens aktyf stimulearje wol; ferskate gemeenten mei sukses wurkje mei digitale frijstelling- of koartingsregelingen foar fêste brûkers fan sportfoarsjenningen, sûnder negative ynfloed op de parkeardruk; in frijstellingsregeling it parkearbelied earliker en better útbalansearje kin;
ID 110 Wy stellen de rie foar om it folgjende beslút te nimmen: Wy freegje it kolleezje om : •
•
yn oerlis mei Sportstad It Hearrefean, in útfierbere regeling út te wurkjen wêryn sporters en brûkers fan it swimbad dy’t meidogge oan lessen, trainingen of oare fêste aktiviteiten, frijsteld wurde kinne fan de parkearheffing of in passende koarting krije; en de rie hjirby te ynformearjen by de fierdere útwurking fan de plannen foar betelle parkearren.
Dizze moasje is: ynlutsen
de griffier,
de voorzitter,
Signed By: L. Roest - Jonkers 2025-12-12T12:01:56+01:00 ID: 28c0924b-47e2-4c3c-9fc0-756b3ead6d0d Auth: Scribble
{{SIGNER2}}
Signed By: Fokkens - Kelder, Avine 2025-12-12T13:23:20+01:00 ID: 28c0924b-47e2-4c3c-9fc0-756b3ead6d0d Auth: Scribble
L. Roest-Jonkers
M.A. Fokkens-Kelder
{{SIGNER1}}