ID 11_amindemint toekomstbestendig en duurzaam_FNP, SP, GBH
Tekst van het document
11
Amendemint ex art. 70 reglemint fan oarder foar de gemeenteriedsgearkomste fan de gemeente Heerenveen Fan
: G. Jansen (FNP)
Oan
: De foarsitter fan de ried
Agindapunt
: Temabegrutting 2023 - 2026
Underwerp
: Toekomstbestendig en duurzaam p.32
De ried yn iepenbiere gearkomste byinoar
: 10 november 2022
Stelt in wiziging op de foarstelde tekst foar: • Neist de agraryske sektor moatte ek de yndustry-, mobiliteit-en bousektor in bydrage leverje yn it ferminderjen fan stikstof, de omgong mei drûchte, de feangreide problematyk en it fergrutsjen fan it bioferskaat, foarse útdagings dêr 't wy mei-inoar foar steane. Taljochting: • Oan `e hân fan it stikstof rapport (op pagina 25) fan dhr. Remkes `wat wel kan......`): Alle sektoaren moatte bydrage. Ik ferwachtsje nei in earste analyze dat de measte pykbelêsters agraryske ûndernimmingen wêze sille. Dat liedt net ta it lykwichtige byld dat wol beëage wie. Dat betsjut lykwols net dat de yndustry op koarte termyn neat hoecht te dwaan. Om ta in lykwichtiger byld te kommen, moatte op koarte termyn ek ôfspraken oer in stikstofoanpak foar de sektoaren yndustry, mobiliteit en bou makke wurde, om de stikstoftekken earder werom te bringen. Beslút: • Understeande tekst (p.32) oan te passen troch de reade tekst ta te foegjen: Binnen de agraryske-, yndustry-, mobiliteit- en bousektor binne it werom bringen fan stikstof, en wêr relevant de omgong mei drûchte, de feangreide problematyk en it fergrutsjen fan it bioferskaat foarse útdagings dêr 't wy mei-inoar foar steane.
Yntsjinne troch: G. Jansen (FNP), SP Dit amendemint is:
□ Oannommen □ Fersmiten
Stimferhâlding: .. stimmen foar, riedsleden fraksje(s): .. stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s): Hântekening griffier:
□ Yntrokken