CConstaterende datHeerenveen
Koppel je AI →
Document · PDF

bijlage - motie vreemd 16-9-2019 lachgas.pdf

Raadsvergadering 22 april 2021, gemeente HeerenveenBij agendapunt: INGETROKKEN: Moasje fremd lachgasballonnen en lachgaspatroanen - FNP ID 278340 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Moasje ex. art. 36 reglemint fan oarder foar de gemeenteriedsgearkomste fan de gemeente Hearrenfean Fan

: FNP

Oan

: De foarsitter fan de ried

Nei oanlieding fan agindapunt nr.

: Moasje frjemd oan ‘e oarder fan de dei

Underwerp

: Lachgasballonnen en lachgaspatroanen

Ried yn iepenbiere gearkomste byinoar op:

: 16-9-2019

Konstatearjende dat; • “lachgas” legaal te krijen/keapjen is, • it brûken fan “lachgas” de sûnens swier oantaast, • it “Trimbos Instituut” konkludearret dat it “maklik te krijen/keapjen” fan “lachgas” in wichtige faktor is oangeande de populariteit fan “lachgas”, • it brûken fan “lachgas” foaral populêr is by jongeren en jong folwoeksenen, • der in soad ôffal (restanten ballonnen en lege gaspatroanen) op iepenbiere plakken lizzen bliuwt wêr’t “lachgas”brûkt is, • der yn Hearrenfean al in ferbod jildt foar it oplitten fan ballonnen. Oerwagende dat; • der negative gefolgen foar de Folkssûnens binne troch it brûken fan “lachgas”, • it tal minsken mei neurologyske skea troch it brûken fan “lachgas” ta nimt, • der by ekstreem gebrûk fan “lachgas”, der skea oan it “ruggenmerg” ûntstean kin • der minsken binne dy’t troch it brûken fan “lachgas” in dwérsleezje krigen hawwe, (ferlammingsferskynsels omdat harren “ruggenmerg”oantaast is) troch in tekoart oan fitamine B12, ûntstien troch it misbrûken fan “lachgas”, • “lachgas” in soerstof tekoart yn’e harsens feroarsaket, wêrtroch oft brûkers yn’e war reitsje, pine yn’e holle krije en konsintraasje problemen krije, • der in kâns bestiet op it befriezing yn’e longen troch in ynazemjen fan “lachgas”, • restanten fan ballonnen en lege gaspatroanen noch jierren lang fersmoarging feroarsaakje yn de iepenbiere romte.

Fersiket it Kolleezje; • te ûndersykjen oft it mooglik is binnen de APV de ferkeap en it brûken fan “lachgas” yn’e iepenbiere romte te ferbieden en de útkomst fan dit ûndersyk noch dit jier te dielen mei de gemeenteried. • by it ferlienen fan fergunningen in ferbod op te nimmen oangeande it ferkeapjen en brûken fan “lachgas”. Datum: 16 septimber 2019 Undertekening(en), namme en partij: Alette de Jong FNP Dizze moasje is :

□ Oernaam

□ Oannaam

□ Fersmiten x Ingetrokken

Stimferhâlding: Fraksje(s) foar:______________ Fraksje(s) tsjin:_______________ Hantekening griffier:

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Heerenveen&id=866f87ae-c172-4d96-ab0c-612b7d2d9154