Bijlage bij technische vraag ID 156 (FNP)
Tekst van het document
Vraag 1: Hoe ferhâlde de hjoeddeiske kosten foar asfaltûnderhâld har ta de kosten yn 2024 en 2025? De ferwachting is dat de kosten fan it asfaltûnderhâld yn 2026 sa’n 10% heger útfalle sille as yn 2024 en 2025. Dit komt oan ’e iene kant trochdat út de oanbesteging fan it asfaltûnderhâlds-bestek bliken docht dat de útfieringskosten heger lizze as begrutte wie as gefolch fan priisstigingen binnen de grûn -, wegen- en wetterbousektor. Oan 'e oare kant is yn 2026 sprake fan in gruttere ûnderhâldsopjefte troch boppe-trochsneed winterskea as gefolch fan froast, teiwaar en struisâlt. Oangeande de beskikbere middels is fan 2026 ôf en de jierren dêrnei, jierliks om-ende-by 20% minder budzjet beskikber foar ûnderhâld oan ferhurdingen. Yn de Perspektyfnota 2026 is nammentlik besletten de jierlikse ûntlûking út de foarsjenning grut ûnderhâld kapitaalguod te ferleegjen. It beskikbere budzjet wurdt dêrmei ferdield oer 12 jier yn plak fan 10 jier. Hjirtroch is fan 2026 ôf minder budzjet beskikber foar ûnderhâld oan ferhurdingen, wylst de kosten en ûnderhâldsferlet tanimme.
Vraag 2: Hokker diel fan de ekstra lêsten wurdt feroarsake troch priisûntwikkelingen en hokker diel troch de omfang fan it út te fieren ûnderhâld? De totale oanfoljende budzjetfraach bestiet út twa ôfsûnderlike ûnderdielen: -Ekstra kosten regulier asfaltûnderhâld (€ 150.000) Dit bedrach slacht op priisûntwikkelingen yn 'e merk. Ut de oanbesteging fan it asfaltûnderhâldsbestek 2026 docht bliken dat de ynskriuwsom sa'n 15% heger leit as it beskikbere budzjet. De hegere kosten wurde benammen feroarsake troch eksterne merkûntwikkelingen, lykas oprinnende grûnstofprizen, hegere enerzjy - en brânstofkosten en algemiene priisstigingen binnen de GWW-sektor. It giet hjir net om útwreiding fan wurksumheden, mar om deselde ûnderhâldsopjefte tsjin hegere útfieringskosten. -Winterskea asfalt (€ 200.000) Dit bedrach slacht op in gruttere ûnderhâldsopjefte. Troch de winterske omstannichheden yn de winter fan 2025-2026, wêrûnder froast, teiwaar, snie en struisâlt, is mear skea oan asfaltferhurdingen ûntstien as gebrûklik. Ut de winterskou docht bliken dat der op mear lokaasjes ûnderhâld needsaaklik is as wêr’t yn de reguliere begrutting rekken mei hâlden is. Dy oanfoljende middels binne nedich om de ekstra konstatearre skea te werstellen by de reguliere ûnderhâldsronde.
Vraag 3: Hokker finansjele gefolgen ferwachtet it kolleezje foar de kommende jierren op dit ûnderwerp? De oanfraach foar winterskea is in ynsidintele situaasje. De omfang fan winterskea ferskilt fan jier oant jier en is ôfhinklik fan waarsomstannichheden. Op dit stuit wurdt dêrom gjin struktureel finansjeel effekt foar takomstige jierren foarsjoen. Foar it asfaltûnderhâld jildt dat de hjoeddeistige oanfraach allinnich mar betrekking hat op 2026. De finansjele gefolgen foar 2027 en de jierren dêrnei kinne op dit stuit noch net mei genôch wissichheid bepaald wurde. De ûntwikkeling fan de kosten binnen de grûn -, wegen- en wetterbousektor wurdt mei beynfloede troch merkûntwikkelingen, grûnstofprizen en de periodyk fêststelde GWW- yndeks. By it opstellen fan takomstige begruttingen en ûnderhâldsplannen sil beoardiele wurde oft de beskikbere ûnderhâldsbudzjetten noch oanslute by de aktuele priisûntwikkelingen. Vraag 4: Meitsje de kosten dy't ûntstien binne troch âldjiersskea ûnderdiel út fan de neamde ekstra budzjetten foar asfaltûnderhâld en winterskea? De kosten dy’t ûntstien binne troch de skea mei âldjiersdei falle bûten die ekstra budzjetten; dizze skea wurdt út it reguliere budzjet dutsen.