CConstaterende datHeerenveen
Koppel je AI →
Document · PDF

Bijlage bij technische vraag ID 155 (FNP)

Raadsvergadering 17 september 2026, gemeente HeerenveenBij agendapunt: Tussenrapportage (Algemene Zaken) - 20:34376 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Vraag 1: Hokker objekten falle ûnder de neamde NBD-bewegwizing? De NBd giet oer alle ferkearsbuorden dy’t minsken op de dyk ferwize nei geografyske bestimmingen lykas stêden en doarpen. Dit binne de blauwe buorden mei wite letters foar autoferkear en de reade buorden mei in wyt fjild en reade letters foar fytsers. Poddestuollen hearre ek by de fytsbeweiwizering. Dizze buorden falle net ûnder de NBD-beweiwizering: - ferkearsbuorden lykas foarrangsbuorden, warskôgingsbuorden en gebodsbuorden - rekreative beweiwizering - objektbewegwizering - fuotgongers-beweiwizers - fytsknooppunten. Vraag 2: Kin it kolleezje ynsjoch jaan yn it reguliere ûnderhâldsbudzjet foar bewegwizing yn de ôfrûne tsien jier? Yn de ôfrûne jierren lei it reguliere ûnderhâldsbudzjet tusken de 15 oant 16 tûzend euro. Vraag 3: Wat is de technyske en finansjele ûnderbouwing fan it oanfrege bedrach fan € 200.000? Der hat in skou west, wêrby't de kondysje fan alle beweiwizering opnaam is. Dêrby is beoardiele wat de kwaliteit is fan de beweiwizering. Om de urginsje te bepalen is gebrûk makke fan de metodyk út de rjochtline ‘Kwaliteitscatalogus Openbare Ruimte 2023’ fan it CROW. Dêryn wurde fjouwer nivo’s beskreaun, sjoch ûndersteande tabel. Op basis fan dy beoardieling is it foarstel om dat wat him op nivo C en D befynt oan te pakken en foar nivo B it reguliere ûnderhâldsbudzjet te brûken.

Nivo C en D is op jild setten en dat giet om in ynsidinteel budzjet fan € 200.000,-. Vraag 4: Binne der binnen de iepenbiere romte mear ûnderdielen dêr't sprake is fan efterstallich ûnderhâld dat op dit stuit net yn de begrutting ferwurke is? Binnen de iepenbiere romte wurdt kapitaalguod periodyk ynspektearre en monitoard. Eventuele ûnderhâldsopjeften wurde ferwurke yn behearplannen, de reguliere begrutting of, as dat nedich is, troch ôfsûnderlike útstellen oan de ried foarlein. Op dit stuit binne gjin oare ûnderhâldsopjeften bekend dy't ferlykber binne mei de no frege oanfoljende middels foar it

ûnderhâld fan de beweiwizering troch de Nasjonale Bewegwizeringstsjinst (NBD) en dy't noch net ferwurke binne yn de planning, begrutting of ôfsûnderlike kredytoanfragen. Wol binne foar inkelde oeverlokaasjes ôfsûnderlike ferfangingsynvestearringen oanfrege. Dy slaan op beskoeiingen dy't de ein fan harren technyske libbensdoer berikt hawwe en betreffe dêrmei in ferfangingsopjefte en gjin efterstallich ûnderhâld. It kolleezje makket hjirby ûnderskied tusken regulier ûnderhâld, ynsidintele ûnderhâldsopjeften en ynfestearrings foar ferfanging.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://heerenveen.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/baa93991-b03f-49f6-b0be-0bcd0a28ce4c?agendaItemId=f8b6bdc2-8db0-4e1e-8def-517da03b7e02