CConstaterende datHeerenveen
Koppel je AI →
Document · PDF

Bijlage bij beantwoording ID 75 FNP - Frysk

Raadsvergadering 18 september 2025, gemeente HeerenveenBij agendapunt: Bindend advies over aanvraag omgevingsvergunning Heerenveen, Leeuwarderstraatweg (t.o. nr. 105)1.011 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

ID

Agenda punt

Frac tie

Vraag

75

Commiss ie ROM 04-092025 9. Rijksweg nabij nummer 19 Omgevin gsvergu nning ontwerp VVGB

FNP

Fragen oer sawol agindapunt 9 en 10.

Antwoord

Sinnepark no agriryske bestimming. 11 ha “ lânskipsfersmoarging ” Gjin 50% lokale finansjele partisipaasje. Dat moat kompensearre wurde as dat nei 1 jier noch sa is. Op syn heechst bydrage hinget ôf fan it opsteld fermogen. En noch 10.000 stoarten yn enerzjyfûns jierliks. 1. kinne wy ynsjoch krije om hokker bedraggen it giet foar elk opsteld fermogen?

1) De jierlikse ôfdracht is bepaald op basis fan de ferwachte businesscase fan it sinnepark. Dy is sa ynrjochte dat der parallellen binne mei 50% lokaal eigendom (50% finansjele partisipaasje troch in lokale partij). Sa is de ôfdracht middels in bonus-malusregeling ôfhinklik fan de gemiddelde enerzjyopbringst yn in jier. Der is keazen foar de opsje fan jierlikse ôfdracht as klausule omdat dy it meast lokaal eigendom neiboasket en belutsenens garandearret. As útgongspunt foar de jierlikse ôfdracht wurdt útgien fan in opbringst fan €80,-- per MWh; by dit bedrach is de jierlikse ôfdracht €46.113,-- oan it fûns. Mei in bonus-malusregeling wurdt elts jier de ôfdracht bepaald om it lokaal eigendom sa folle mooglik te neiboaskjen. Dizze jierlikse ôfdracht stiet gelyk oan 50% lokaal eigendom. Om dizze fariant net as ‘ôfkeap’ fan lokaal eigendom te sjen, wurdt hjir boppe-op noch in jierlikse stimulearringspremie fan €10.000,-- hantholden. Troch

dizze oanpak wurdt de ûntwikkelder stimulearre om serieus wurk te meitsjen fan lokaal eigendom, wylst der tagelyk in solide alternatyf útwurke is om de belangen fan de lokale mienskip te bewarjen. 2. is dat fêst bedrach foar it enerzjyfûns allinnich fan tapassing as der gjin 50% partisipaasje is?

3. telle de panielen op wetter by Omrin mei binnen de fyzje op sinnepanielen?

4. En hoe passe dizze beide plannen yn it totale byld fan it belied sinneparken by it doarp It Hearrenfean?

2) Los fan de bydrage sa’t yn it foarige punt beskreaun is, wurdt der altyd in bydrage dien oan it enerzjyfûns, krekt sa’t dat ek by oare sinneparken bart. Dit bedrach is € 0,80 per MWh foar in perioade fan 15 jier. Dit komt del op in jierlikse bydrage fan € 8.755. Dizze bydrage wurdt dus ek dien as lokaal eigendom wol ynfolle wurdt. 3) Ja, dizze telle mei, mar falle yn in oare trede fan de Sinneleadder sa’t beskreaun yn ús beliedskader. 4) De projekten drage by oan de duorsumensdoelstellingen fan de gemeente Heerenveen. Wy hawwe de ambysje om yn 2050 enerzjyneutraal te wêzen. As tuskenstap wolle wy yn 2030 in CO₂-reduksje fan 49 persint realisearre hawwe yn ferliking mei 1990. Dat hâldt ek yn dat wy 70 persint fan it elektrisiteitsferbrûk fan ús gemeente lokaal en duorsum opwekke. Om ús duorsumensdoelstellingen te berikken, hawwe wy neist de hjoeddeiske projekten, enerzjybesparring en sinnepanielen op dakken ek (ekstra) sinneparken op lânbougrûn nedich. Yn it beliedskader Sinneparken wurdt hjir romte foar jûn en mei dizze twa parken bliuwe wy binnen de stelde grinzen. Fraach en oanbod fan elektrisiteit moatte byinoar lizze, dêrom wurdt by it doarp Heerenveen de measte romte jûn foar opwekking.

Romtlike ûnderbouwing “ ûnder de sinnepanerlen wurdt blomryk gerslân siedde. " Nei in pear jier ferskralingsbehear. (pag 12) 5. wêrom is dat ferskralingsbehear nedich? 6. En hoefolle jier ha we it dan oer? 7. en yn it ferlingde hjirfan: wannear wurdt der úteinset mei ynsiedzjen? 8. en is dêr tafersjoch op dat dit barre sil?

9. wêrom dit plantsje

Nasjonaal omjouwingsfisy (NOVI) Sinnepanielen op dakken en gevels, dêrnei beboud gebiet en dêrnei lanlik gebiet. Provinsjaal belied: leit eins te fier fan yndustryterrein en is te grut (pag 18) Dêrnei op pag 19 wurdt oanjûn dat it maksimum 20 ha is by stedssintra. En dêrom past it yn it

5) It ferskralingsbehear hat as doel om fiedingsstoffen effektyf ôf te fieren, sadat de begroeiïng him ûntwikkelje kin fan in produktive, soartenearme begroeiïng nei in folle minder produktive, mar folle blomriker begroeiïng.

6, 7 en 8) Op in fiedselryk (eartiids bemeste) greidlân kin it trije oant tweintich jier of langer duorje foardat it ferskraljen genôch effektyf is, ôfhinklik fan de grûntype en it bemestingsferline. It ynsiedzjen kin plakfine yn it earstfolgjende siedzjierrige nei’t de sinnepanielen pleatst binne. Dit wurdt as betingst opnommen yn de omjouwingsfergunning. Ek wurdt der yn opnommen dat, as de begroeiïng net oanslacht, it yn it neifolgjende siedzjierrige opnij ynsiedd wurde moat, oant it winske resultaat berikt is. As net foldien wurdt oan de fereasken fan de omjouwingsfergunning, kin de gemeente gebrûk meitsje fan har hanthavingsbefoegdheid. 9) In antwurd op dizze fraach koene wy op dizze koarte termyn net by de ûntwikkelder achterhelje.

belied, dit wylst it stedsk sintrum fier fuort is. 10. Is dat krekt?

10) Binnen it besteande stedelik weefsel is net genôch romte beskikber om in sinneweide fan dizze omfang te realisearjen. By dit plan giet it om lânbougrûn dy't oanslút op it besteande stedelik gebiet. Ten westen fan it projektgebiet lizze stedelike funksjes dy't troch de provinsje oanwiisd binne as besteand stedelik gebiet. Der is dus sprake fan in sinneweide dy't oanslutend op it besteande stedelik gebiet realisearre wurdt. It projektgebiet is yn it gemeentlik belied foar sinneparken út 2016 oanwiisd as sykgebiet dêr’t grutskalige sinnefjilden ûnder betingsten tastien binne. De maksimale omfang fan in sinnepark yn Heerenveen is 20 hektare. It foarlizzende projekt foarsjocht yn de realisaasje fan in park mei in omfang fan 6,5 hektare. Der wurdt dus foldien oan de maksimale omfang fan opstellingen foar sinne-enerzjy.

11. Ek moat der sprake wêze fan finansjele partisipaasje en lokaal eigendom. Ek oan dat fereaske wurdt hjir net foldien dochs? (pag 22)

11) De inisjatyfnimmer fan it sinnepark oan de Leeuwarderstraatweg is Sinnefjild Leeuwarderstraatweg. Dit is in gearwurkingsferbân op lykweardige basis tusken de grûneigner en de SHEC (Samenwerkende Heerenveense Energie Coöperatie). De SHEC is in oerkoepeljend orgaan fan de lokale Heerenveenske enerzjykoöperaasjes. Sawol de grûneigner as de SHEC binne foar 50% oandielhâlder. Dit is fêstlein yn in gearwurkingsôfspraak. Troch de SHEC wurdt it lokale eigendom ynfolle.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Heerenveen&id=7fe6bef9-f56a-446d-809c-3836d62f54ba