CConstaterende datHeerenveen
Koppel je AI →
Document · PDF

Beantwurding technyske fraach ID 170 Fryske oersetting

Commissie Gezamenlijk 8 oktober 2026, gemeente HeerenveenBij agendapunt: Realisatie permanente busremise Mercurius - Leefomgeving - 20:14291 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fryske oersetting | ID 170 1. Is it prinsipe fan dat de gemeente de grûn bouryp makket foardat it ferkocht wurdt oan de provinsje in line dy't de provinsje hantearret mei oare gemeenten mei in busremize? Dit is hoe’t we gewoanwei wurkje: we jouwe grûn bouryp út neffens de algemiene útjeftebetingsten. De kosten fan it bouryp meitsjen binne ferrekkene yn de keappriis, omdat de taksaasje útgien is fan bouripe grûn. Dêrneist is it bestriden fan de reuzereadskonk (Japanse duizendknoop) in gemeentlike taak. It leit foar de hân dat de gemeente dat sels útfiert. 2. Wat is de taksaasje fan de grûn op dit stuit? En wat is de ferwachting fan de wearde fan de grûn nei it bouryp meitsjen? De taksaasje fan € 605.000 eks. btw (om ende by € 71 m2 by 8.530 m2) giet út fan bouripe grûn. Dat is dus de wearde nei it bouryp meitsjen. 3. Hokker finansjeel risiko bliuwt ùteindelik by de gemeente? It meast wichtige risico foar de gemeente is dat it fuortheljen fan de Japanse duizendknoop djoerder útfalle sil as rûsd. Eventuele mearkosten komme dêrtroch foar rekken fan de gemeente. Yn de rûzing is al rekken holden mei it fuortheljen. Dêrneist lit de grûn-eksploitaasje in posityf saldo sjen fan sa’n € 97.000. Tsjinfallers foar it fuotheljen fan de Japanse duizendknoop (reuzereadskonk) kinne binnen de grûn- eksploitaasje opfongen wurde, sûnder dat dit gefolgen hat foar de algemiene middels.

It risiko wurdt dêrom as beheind ynskatten. 4. Wat binne de risiko's dat it resultaat leger útfalle kin? Lykas beskreaun yn it antwurd op fraach 3 is it risiko behind. Dêrby is it sa dat, as it risiko him foardocht, de grûn-ekploitaasje in posityf saldo hat wêrmei’t dit opfongen wurde kin.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://heerenveen.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/889ee7e2-012f-434c-ab08-b3f5812dd286?agendaItemId=ff2385ca-64a9-49d5-a840-00a4c8d94d01