Beantwoording technische vragen Mobiliteitsvisie
Tekst van het document
ID
Agendapunt
Fractie
Vraag
Antwoord
74
Commissie ROM 04-09-2025 8. Mobiliteitsvisie
FNP
1. De ûntwikkeling fan drones stean net yn dizze fyzje. Hat de ûntwikkeling fan drones (fleanende objekten) ynfloed op de mobiliteit?
1. Der jilde Europeeske regels foar it fleanen mei drones yn Nederlân. De mooglikheden foar it ynsetten fan drones yn it deistich ferfier en transport binne op dit stuit noch hiel beheind. Wol wurde drones tsjintwurdich hieltyd faker ynset, bygelyks by medyske transporten, ynspeksjes en tafersjoch. Faak is dit noch yn in eksperimintele faze. Wy ferwachtsje dat dizze ûntwikkelingen de kommende jierren noch net liede sille ta nije foarmen fan (drone)mobiliteit dy’t op grutte skaal beskikber komme foar of ynfloed hawwe op ús ynwenners.
2. En we sjogge de beneaming ‘diesel’ net werom yn it stik. Is hjir in reden foar?
2. Troch it hegere abstraksjenivo fan de Mobiliteitsfyzje binne hjir gjin spesifike brânstofsoarten yn opnommen.