CConstaterende datHeerenveen
Koppel je AI →
Document · PDF

Beantwoording technische_vragen_commissies_januari_2026 Lokaal eigendom

Raadsvergadering 29 januari 2026, gemeente HeerenveenBij agendapunt: Gemeentelijke invulling van lokaal eigendom bij de ontwikkeling van energieprojecten393 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

ID

Agendapunt

Fractie

Vraag

Antwoord

188

Commissie ROM 1501-2026 8. Gemeentelijke invulling van lokaal eigendom bij de ontwikkeling van energieprojecten

FNP

Yn it beliedskar sinneparken fan desimber 2022 wurdt stelt dat der romte is foar 58 hektare nije sinneparken op lânbou en natuer grûn en dat dit mei maatskiplike inisjativen groeie kin nei 115 hektare. Wat is no de stân fan saken. Is de 58 hektare al berikt en is der noch romte oant de 115 hektare?

Der wurdt no 24,6 bunder (ha) grûn brûkt foar de opwek fan sinne-enerzjy op lânbou - en natuergrûn (trede 4 fan de sinneljedder). It giet om sinnepark Omweg (9,6 bunder) en it sinnepark by Hearrenfean-Súd/Nijskoat (15 bunder). Dizze sinneparken binne realisearre foardat it 'Beleidskader Zonneparken' fêststeld is. Dêrneist rinne der op it stuit twa inisjativen foar sinne-enerzjy op lânbougrûn, ek binnen trede 4 fan de sinneljedder: Sinnefjild Leeuwarderstraatweg (6,5 bunder) en it sinnepark oan de Rijksweg (11 bunder). It totaal fan besteande sinneparken en rinnende inisjativen op lânbou - en natuergrûnen is dêrmei 43,9 ha. TREDE 1, 2 en 3 ‘Beleidskader Zonneparken’ (2022) brocht de potinsjele opwek foar de earste trije treden fan de sinneljedder yn byld. Eartiids waard dy rûsd op 85 miljoen kWh. Ein 2024 is yn in evaluaasje de aktuele oerbleaune potinsje foar sinneenerzjy yn trede 1, 2 en 3 op ’e nij beoardiele. It giet om 74,8 miljoen kWh: sa'n 75 bunder oan dakken en grûnen. Hjirfan falt 66,5 miljoen kWh yn trede 1. De potinsje yn trede 2 (binnenstêdlik) en trede 3 naam ôf om’t beskikbere bedriuwskavels al útjûn binne of yn opsje naam. AMBYSJE De ambysje fan de gemeente is om yn 2030 70% fan it elektrisiteitsferlet duorsum op te wekken. Dêrfoar is in duorsume opwek fan 267 milj kWh nedich, útgeande fan in totale elektrisiteitsferlet fan 381 milj kWh yn 2030.

Op dit stuit giet it om 160,8 milj kWh, benammen fia sinne-enerzjy en sa'n 5 milj kWh fia wynenerzjy. Dêrneist wurde der inisjativen taret mei in ferwachte opwek fan 20,4 milj kWh. Dit betsjut dat der noch 85,8 miljoen kWh oan duorsume elektrisiteitsopwek nedich is om de doelstelling foar 2030 te heljen. It ferwachte elektrisiteitsferlet yn 2050 sil in ferdûbeling wêze mei de ambysje om 100% lokaal en duorsum op te wekken.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Heerenveen&id=bb40fe6c-d3c0-4754-8d5d-36185ea985da