Amendemint ID 21 FNP undersyk renovaasje gemeentehus
Tekst van het document
21
Amendemint ex art. 70 reglemint fan oarder foar de gemeenteriedsgearkomste fan de gemeente Heerenveen Fan
: Ate Eijer (FNP)
Oan
: De foarsitter fan de ried
Agindapunt
: Gemeentlike húsfêsting
Underwerp
: ûndersyk Gemeentlike húsfêsting
De ried yn iepenbiere gearkomste byinoar
: 19 december 2022
Stelt de wiziging fan it foarstelde beslút foar: Net earder in beslút te nimmen oer it útstel fan it kolleezje foar sloop en nijbou fan it gemeentehûs nei dat der in goed yngreven ûndersyk dien is nei in grutskalige renovaasje fan it besteande gemeentehûs Taljochting: Der is gjin yngreven ûndersyk dien nei in grutskalige renovaasje fan it besteande gemeentehûs. Der is by ynwenners en organisaasjes in soart krityk op it ynvestearren fan miljoenen euro’s yn de eigen húsfêsting. It kolleezje stelt dat renovearren fan it gemeentehûs op de langere termyn djoerder is dan nijbou. It is moeilik oan ynwenners er organisaasjes út te lizzen is dat renovaasje úteinlik djoerder dan nijbou. In goed in yngrevend ûndersyk nei grutskalig renovaasje, wêrby sjoen wurdt nei in de besteande ynstallaasjes en de mooglikheid foar de oanlis fan in skil om it besteande gebou, dúdlik meitsje kin wat de kosten foar renovaasje op de langer termyn binne. Riedsleden mei in nij undersyk better in antwurd jaan kinne op de krityk út de mienskip. In goed ûndersyk dien wurde kin foar 20.000 euro en trije moane tiid kostje sil. • Beslút: • Pas earst in beslút oer it útstel fan it kolleezje foar sloop en nijbou fan it gemeentehûs te nimmen nei dat der in goed yngreven ûndersyk dien is nei in grutskalige renovaasje fan it besteande gemeentehûs.
21 Yntsjinne troch: Ate Eijer (FNP) Dit amendemint is:
□ Oannommen □ Fersmiten
Stimferhâlding: .. stimmen foar, riedsleden fraksje(s): .. stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s): Hântekening griffier:
□ Yntrokken