Amendement 140 FNP second opinion sammelbeslút
Tekst van het document
140
Amendemint ex art. 35 reglemint fan oarder foar de gemeenteriedsgearkomste fan de gemeente Heerenveen Fan
: Ate Eijer - FNP
Oan
: De foarsitter fan de ried
Agindapunt
: Verzamelbesluit 2021-2
Underwerp
: ‘“Second opinion Sportstad” út it sammelbeslút heljen
De ried yn iepenbiere gearkomste byinoar
: 8 july 2021
Stelt de wiziging fan it foarstelde útstel foar: € 24.075,00 foar it ûnderwerp ‘“Second opinion Sportstad” út it sammelbeslút ( pagina 15) te heljen en dit yn in separaat riedsfoarstel oan de ried foar te lizzen. Taljochting: Op 22 maaie 2017 hat de ried fêststelt dat de utgongspunten foar opname yn it sammelbeslút is dat de foarstellen “Onvermijdbaar en Onuitstelbaar” wêze moatte. Underwerpen dy’t hjir net oan foldogge moatte yn it separaat riedsútstel oan de ried foarlein wurde. It útstel yn it sammelbeslút oer in second opinion Sportstad foldocht net oan dizze easken. (Top)sport is in aspekt wêr in soad oer te sizzen is en is ek in ûnderwerp dat libbet yn de mienskip. Utstellen oangeande (top)sport hearre dêrom as folsleine underwerpen troch de ried behannele te wurden en kinne en meie net fuort stoppe wurde yn in sammelbeslút. Beslút: Om € 24.075,00 foar it ûnderwerp ‘“Second opinion Sportstad” út it sammelbeslút (pagina 15) te heljen en dit yn in separaat riedsfoarstel oan de ried foar te lizzen.
Yntsjinne troch: SP, HL, FNP en CU Dit amendemint is:
□ Oannommen □ Fersmiten
Stimferhâlding: .. stimmen foar, riedsleden fraksje(s): .. stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s): Hântekening griffier:
□ Yntrokken