CConstaterende datDantumadiel
Koppel je AI →
Document · PDF

RvO 2024 Frysk yn konsept

Raadsvergadering (Dantumadiel) 2 juli 2024, gemeente DantumadielBij agendapunt: RvO7.153 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Reglemint fan oarder foar de

gearkomsten fan de gemeenteried fan Dantumadiel 2024

De ried fan de gemeente Dantumadiel yn gearkomste byinoar op d.d. 02 july 2024 lêzen it foarstel d.d. 02 july 2024

let op kêst 16 fan de Gemeentewet; beslút:

fêst te stellen it folgjende:

Reglemint fan oarder foar de gearkomsten fan de gemeenteried fan Dantumadiel 2024

Haadstik 1: Algemiene bepalingen Kêst 1 Begrypsomskriuwingen Yn dit reglemint wurd ferstien ûnder: • •

foarsitter: de foarsitter fan de ried of syn ferfanger;

fisefoarsitter: in troch de ried út syn fermidden oanwiisde waarnimmend foarsitter fan de ried;

• •

griffier: griffier fan de ried of syn ferfanger;

amindemint: útstel ta in feroaring fan in ûntwerpferoardering of ûntwerpbeslút, nei de foarm gaadlik om dêryn opnommen te wurden;

•

subamindemint: útstel ta wiziging fan in amindemint dat foarleit, nei de foarm gaadlik om daliks op te nimmen yn it amindemint, dêr’t it betrekking op hat;

•

moasje: koarte en motivearre ferklearing oer in ûnderwerp dêr ’t in oardiel, winsk of fersyk yn útsprutsen wurdt;

• • •

útstel fan oarder: útstel oangeande de oarder fan de gearkomste;

inisjatyffoarstel op it stik fan in oardering of in oar útstel yntsjinne troch in riedslid;

ynterpelaasjeI it freegjen fan ynformaasje oan it kolleezje of de boargemaster oer in ûnderwerp:dat net op de aginda stiet;

•

skriftlike fraach / fersyk /útstel yntsjinje: in fraach /fersyk útstel kin sawol op papier as digitaal yntsjinne wurde, mei it oanjaan fan datum en ûndertekening;

•

M6nlinge fragen: oant uterlik 24 oeren foar it begjin fan de riedsgearkomste kinne mûnlnge fragen yntsjinne wurde;

• • •

webside: de gemeentlike iepenbiere webside; RIS: riedsynformaasjesysteem wet: Gemeentewet

Kêst 2a It riedspresidium

1.

It presidium bestiet út de fraksjefoarsitters en de boargemaster as foarsitter.

2.

De griffier of syn ferfanger is by eltse gearkomste fan it presidium oanwêzich;

3.

eltse fraksjefoarsitter hat ien stim yn it presidium.

4.

De foarsitter hat gjin stimrjocht.

5.

Foar it ta stân kommen fan beslút fia stimming wurdt folsleine mearderheid fan harren fereaske dy’t in stim útbrocht hawwe;

6.

Yn spoedeaskjende en / of bysûndere gefallen kinne de foarsitter en de griffier ûnderwerpen oan

7.

Fraksjefoarsitters wize elk in fêst riedslid oan dat har by ôfwêzigens yn it presidium ferfangt.

8. 9.

de aginda tafoegje.

By ôfwêzichheid fan de foarsitter, treedt de fraksjefoarsitter fan de grutste fraksje op as plakferfanger. Hy of sy hat wol stimrjocht.

It presidium kin oaren útnûgje om diel te nimmen oan syn gearkomsten.

10.

It riedspresitdium is in kommisje lykas bedoeld yn kêst 84 fan de Gemeentewet..

12.

It presidium komt op syn minst fjouwer kear jiers en sa faak as nedich byinoar.

11. 13.

De gearkomsten fan it riedspresidium binne net iepenbier.

It ferslach wurdt, na fêststelling yn de folgjende gearkomste, fertroulik oan de ried beskikber steld

Kêst 2b De taken fan it riedspresidium 1. 2. 3. 4.

It presidium docht oanbefelingen oan é ried oangeande de organisaasje en it funksjonearjen fan ‘e

ried, foarsafier ’t it net giet om de taken fan ‘e agindakommissje.

It presidium kin troch de boargemaster rieplachte urde oer oare oangelegenheden de gemeente

oangeande.

It presidium beneamt de wurkjouwerskommissje foar de griffier. It presidium kin foarstellen dwaan oan ‘e ried.

Kêst 2c Klankboerdgroep fan ‘e Rekkenkeamer (Nij) 1. 2.

It presidium fungearret as klankboerdgroep fan ‘e Rekkenkeamer. Op syn minst ien kear yn it jier is der in moeting tusken it Presidium en de leden fan de

Rekkenkeamer dêr ’t it ^ndersyksprogramma yn op tafel leit en de ried ûndersyksûnderwerpen oan de Rekkenkeamer oandrage kin.

3.

De Rekkenkeamer hat in eigen feroardering.

Kêst 3a De agindakommisje 1. 2. 3. 4. 5. 6.

De agindakommissie bestiet út de frakjsefoarsitters of harren ferfanger.

De leden fan de agindakommisje kieze út harren fermidden in foarsitter.

De gemeentesekretaris is adviseur fan de agindakommisje. By behindering nimt de loko-sekretaris

dizze taak wier.

De griffier of syn ferfanger is bij elke gearkomste fan de agindakommisje oanwêzich.

Frakjsefoarsitters litte harren by ôfwêzigens ferfange troch in riedslid of in beëdige stipefraksjelid.

Lêstneamde hat yn dat gefal gjin stimrjocht.

De agindakommisje komt ien kear yn é kalindermaonne gear, útsein de simmermoannen.

7. 8. 9.

10.

Elke fraksjefoarsitter of syn ferfanger hat ien stim yn ‘e kommissje. De kommisje beslút by mearderheid fan stimmen.

Ütsûndering op lid 8 is it agindearjen fan ûnderwerpen foar de riedsgearkomste. Dêrfoar jildt dat

as minstens twa leden fan de agindakommisje fersykje om in ûnderwerp op de aginda fan de ried te pleatsen, it ûnderwerp neffens it fersyk fan dizze leden op de aginda pleatst wurdt. De gearkomsten fan de agindakommisje binne iepenbier.

Kêst 3b De taken fan de agindakommisje 1.

It tarieden en fêststellen fan foarriedige aginda’s foar riedsgearkomsten en de wize fan

ôfhanneljen fan riedsütstellen, nammentlik opiniearjend of beslútfoarmjend. As de stikken net

folslein oanlevere binne foar de gearkomste fan de agindakommisje komt it punt net op ‘e aginda 2. 3. 4.

fan de riedsgearkomste, of it moast wêze dat der swierwagende arguminten foar binne. De planning fan de aktiviteiten fan de ried, lykas harksitten, ynformaasjegearkomsten,

wurkbesites en oare gearkomsten

It fêststellen fan gearkomsten lykas bedoeld in kêst 17, twadde lid, fan de wet. It fêststellen fan it jierlikse gearkomsteskema.

Kêst 4 De griffier 1.

De griffier is oanwêzich yn riedsgearkomsten en gearkomsten fan it presidium en de

2.

Bij ôfwêzigens wurdt de griffier ferfongen toch de adjunkt-griffier.

3.

agindakommisje.

De griffier kin op útnûging fan de foarsitter oan oerlis yn riedsgearkomsten meidwaan.

Kêst 5 Trajektgroep (tydlike kommisje) 1.

De ried kin in trajektgroep ynstelle en ook opheffe.

3.

De gearkomste fan de trajektgroep is net iepenbier, of it moat wêze dat de trajektgroep sels by

2.

4. 5. 6.

7. 8. 9.

Een trajektgroep is in kommisje lykas bedoeld in kêst 84 fan de Gemeentewet. mearderheid oars beslút.

De taken en foech fan in trajektgroep wurde bij apart riedsbeslút regele.

Yn oerlis mei de sekretaris/algemien direkteur kinne amtners op ad hoc basis as adviseur oan de kommisje tawiisd wurde.

De gearkomsten fan in trajektgroep binne tagonklik foar alle riedsleden en beëdige

stipefraksjeleden. Ek krije alle riedsleden en beëdige stipefraksjeleden de aginda en de beslútlisten.

De leden fan de trajektgroep wurde troch de ried beneamd.

It sekretariaat fan in kommisje wurdt fersoarge troch de griffier of syn plakferfanger. De tydlike kommisje bepaalt sels de data en plak fan syn gearkomsten.

10.

De stikken fan de kommisje dy 't op de aginda steane wurde foar elk digitaal op besjen lein.

12.

De fêststelde beslútlist wurdt mei in eventueel ferslach fan de befiningen fan de kommisje oan de

11.

Fan de gearkomste wurdt in beslútlist makke; dy wurdt fêststeld troch de kommisje. ried oanbean.

Kêst 6 De auditkommisje

1.

Der is in auditkommisje dy ‘t bestiet út riedsleden en/of stipefrakjsjeleden eventueel aoanfolle

2.

Een auditkommisje is in kommisje lykas bedoeld yn kêst 84 fan de Gemeentewet.

3. 4.

mei in saakkundige.

De gearkomste fan de auditkommisje is net iepenbier, of it moat wêze dat de auditkommisje sels by mearderheid oars beslüt.

De gearstalling, taken en foech fan ‘e auditkommisje wurde bij apart riedsbeslút regele.

Haadstik 2 Talitten fan nije leden, wethâlders en fraksjes Kêst 7 ûndersyk leauwensbrieven; beëdiging 1.

2.

3.

4.

5.

By elke beneaming fan nije leden stelt de ried in kommisje yn besteande út tije leden. De

kommisje ûndersyket de leauwensbreiven, de dêrop betrekking hawwende stikken fan nij te beneamen leden en it proces-ferbaal fan it (sintraal) stimburo.

De kommisje bringt nei har ûndersyk fan de leauwensbrieven ferslach út oan de ried en docht dêrby in foarstel faor in beslút. Yn it ferslach wurdt ek melding makke fan in minderheidsstânpunt.

Nei in riedsferkiezing ropt de foarsitter de talitten leden op om yn de earste gearkomste fan de

ried yn nije gearstalling, bedoeld yn kêst 18 fan de Gemeentewet, de foarskreaune eed of ferklearring en belofte ôf te lizzen.

Yn gefal fan in tuskentiidske fakatuereferfolling ropt de foarsitter in nij beneamd lid op foar de

gearkomste fan de ried dêr 't oer syn talitting yn beslist wurdt om de foarskreaune eed of ferklearring en belofte ôf te lizzen.

It ûndersyk fan it proses-ferbaal fan it sintraal stimburo fynt yn de lêste gearkomste fan de ried yn

it âlde gearstalling plak nei de riedsferkiezingen.

Kêst 8 Beneamberens wethâlders 1.

By elke beneaming fan wethâlders stelt de ried in kommisje yn dy 't út trije riedsleden bestiet.

2.

De kommisje wurdt stipe troch de griffier.

3.

Dy kommisje ûndersiket oft de beneaming fan de kandidaat wethâlder(s) foldocht oan de easken

4.

fan kêst 36 a, 36b, 41 b, earste, tredde en fjirde lid, en 41 c, earste lid, fan de gemeentewet.

De kandidaat-wethâlder leit yntiids de dokuminten en ynformaasje oer dy 't nedich binne foar de

yn it hjirnei lid troch de kommisje te ferrjochtsjen hifking. De kandidaat-wethâlder makket

boppedat alle oare ynformaasje troch him / har yn dat ferbân relefant achte oan de kommisje kenber. 5. 6.

De kommisje bringt dêrnei advys út oan de ried oer de beneaming ta wethâlder. De boargemaster jout foar de oanfang fan elke amtstermyn opdracht om de kandidaat-wethâlders

oan in risiko-analyze te ûnderwerpen. De boargemaster bringt oer it einresultaat dêrfan ferslach út oan de ried. De risiko-analyze en de einkonklúzje binne net iepenbier.

Kêst 9 Fraksjes

1.

2.

De leden fan de ried, dy 't troch it sintraal stimburo op deselde kandidatelist keazen binne, wurde

by de oanfang fan de sitting as ien fraksje beskôge. Is ûnder in listnûmer mar ien lid ferkeazen, dan wurdt dit lid as in aparte fraksje beskôge.

As boppe de kandidatelist in oantsjutting pleatst wie, fiert de fraksje binnen de ried dy

oantsjutting as namme. As gjin oantsjutting boppe de kandidatelist pleatst wie, dielt de fraksje yn de earste gearkomste fan de ried oan de foarsitter mei hokker namme dizze fraksje yn de ried

3.

fiere wol.

De nammen fan dejingen dy 't as foarsitter fan de fraksje en as dy syn plakferfanger optrede,

wurde sa gau mooglik trochjûn oan de foarsitter. As: a.

b. c. 4. 5

ien of mear leden fan ien of mear fraksje(s) as selsstannige fraksje begjinne te hanneljen;

twa of mear fraksjes as ien fraksje sille optrede;

ien of mear leden fan in fraksje him oanslute by in oare fraksje; wurdt dêr sa gau mooglik

skriftlik meidieling fan dien oan de foarsitter

Foar it splitsen dan wol it foarmjen fan nije fraksjes is gjin tastimming fan de ried fereaske. Mei de ûnder 3 beskreaun feroare situaasje wurdt rekken holden mei yngong fan de earstfolgjende gearkomste fan de ried nei de meidieling dêrfan.

Kêst 10 Stipefraksjeleden 1.

Elke fraksje kin heechút twa net-riedsleden foardrage foar beneaming ta stipefraksjelid. De foardroegen stipefraksjeleden stean op de kieslist fan de lêste riedsferkiezingen fan de oanbelangjende politike partij. Sy kinne oan in harksitting dielnimme as hy / sy de eed of belofte foar stipefraksjelid ôflein hat. Ek meie stipefraksjeleden dielnimme oan fertroulike en besletten gearkomsten. Se kinne lid wurde fan in kommisje dy 't troch de ried ynsteld is.

2.

Foardat de funksje as stipefraksjelid akseptearren, wurdt troch it stipefraksjelid yn hannen fan de foarsitter fan de ried de eed of belofte ôflein om trou te wêzen oan de Grûnwet en de wetten nei te kommen en alle plichten as stipefraksjelid nei eare en gewisse te ferfoljen.

3.

By it akseptearjen fan de funksje binne kêst 10, 11, 12, 13 en 15 fan de Gemeentewet fan oerienkomstige tapassing op in stipefraksjelid.

4.

De sitperioade fan in stipefraksjelid einiget yn alle gefallen oan de ein fan in sitperioade fan de

5.

Op fersyk fan de fraksje (of at bliken docht dat striid mei it bepaalde yn lid 3) sil de ried de

6. 7. 8. 9.

ried of wannear 't in fraksje yn in riedsperioade ophâldt te bestean. beneaming fan in stipefraksjelid ynlûke.

De beëdige stipefraksjeleden krije tagong ta alle beskikbere ynformaasje oer de agindearre ûnderwerpen, ek as dêroer geheimhâlding oplein is.

Beëdige stipefraksjeleden hawwe rjocht op deselde stipe en ict-middels as riedsleden.

De gedrachskoade foar de leden fan de ried is foar safier relevant fan oerienkomstige tapassing op de stipefraksjeleden.

Stipefraksjeleden krije in fergoeding foar harren wurk op 'e hichte fan de maksimale ûnbelêste

frijwilligersfergoeding. De fraksje keart dit bedrach út oan it stipefraksjelid en ferantwurdet dit by de ferantwurding besteging fraksjefergoeding.

Haadstik 3 Gearkomsten

Kêst 11 Ynformaasjejûn 1.

a.

In ynformaasjejûn wurdt brûkt om ynformaasje te jaan oer in bepaald ûnderwerp troch,

of út namme fan, it kolleezje of troch in eksterne persoan of groep.

b.

It foarsitterskip fan de gearkomste leit by de belutsen portefúljehâlder, of

-at de ried it inisjatyf hat - de twadde foarsitter fan de gemeenteried.

2.

Oan de ried wurdt gjin opiny of beslút frege. De ried beheint him ta it stellen fan ferhelderjende

3.

At de ynformaasjeferstrekking beselskippe giet fan in presintaasje, kin dy fersoarge wurde troch de

4.

In ynformaasjejûn is iepenbier, of it moast wêze dat de agindakommisje beslút om dy besletten te

5.

In ynformaasjejûn kin op lokaasje hâlden wurde. De agindakommisje beslút hjiroer.

fragen.

portefúljehâlder, in troch it kolleezje oanwiisde amtner of troch in persoan of groep. hâlden.

Kêst 12 Harksit Kêst 12a Begrypsomskriuwing Begrypsomskriuwingen: • • • •

petear: de harksit;

foarsitter: de foarsitter fan de harksit;

leden: 1 lid per fraksje of in stipefraksjelid;

griffier: griffier fan de ried of syn ferfanger.

Kêst 12b Gearstalling en beneaming 1.

De ried beneamt twa foarsitters dy ’t by toerbeurt de harksittingen foarsitte;

3.

Elke fraksje feardigt fertsjinwurdiger ôf.

2. 4. 5. 6.

Yn elts petear is de griffier of de adjunkt-griffier oanwêzich. Fertsjinwurdiger is: riedslid of in beëdige stipefraksjelid.

De agindakommisje kin beslúte dat yn in harksitting meardere fraksjefertsjinwurdigers útnûge wurde.

Kolleezjeferstjinwurdiging: dat wol sizze ien of mear kolleezjeleden en mooglikerwize amtlike stipe.

Kêst 12c Gearkomsten 1.

Doel: it sammeljen fan alle ynformaasje oer in ûnderwerp, sadat de ried dêroer in woegen útspraak

2.

De agindakommisje beslist oer it organisearjen fan in harksitting en oer it ûnderwerp.

3. 4. 5.

dwaan kin of beslút nimme kin.

Ynsprekkers: op útnûging fan de agindakommisje, en hja dy ‘t har foar it begjin fan de harksit melde by de foarsitter of de griffier.

De griffier of syn ferfanger kin op útnûging fan de foarsitter oan it petear meidwaan.

Ferslachjouwing: Griffier of ferfanger fersoarget in koart ferslach fan iepensteande fragen en diene tasizzingen. De harksit wurdt live útstjoerd fia de webside en de lokale telefyzje en -wêr nedich – opnommen.

6.

Iepenbierens: harksit is iepenbier, of it moast wêze dat de agindakommisje beslút dy besletten te

7.

De griffy soarget foar de útnûgingen foar it petear.

hâlden.

8.

De agindakommisje kin by in bij een spesifyk ûnderwerp beslúte de harksit op lokaasje binnen de

9.

Gearkomsten harksit: gearkomsten fan harksitten wurde lyksteld mei gearkomsten fan in kommisje

gemeentegrinzen te hâlden, mitsdat de akkommodaasje dêr geskikt foar is. lykas bedoeld yn kêst 82 fan de Gemeentewet.

Paragraaf 1 Foarm en tiid fan fergaderjen Kêst 13 Gearkomsten fan de ried 1. 2.

De gearkomste kin bestean út in opiniearjend en in beslútfoarmjend diel.

In riedsgearkomste is yn de regel ien kear yn ‘e moanne, en fierders sa faak as de agindakommisje it nêdich achtet. De gearkomsten binne meastentiids op tiisdei, fan 19.30 oere ôf en wurde holden yn it gemeentehûs. De opiniearjende gearkomsten wurdt úterlik om 23.00 oere ta in ein brocht.

3.

Ynwenners dy ’t ynsprekke wolle op ûnderwerpen dy ’t op de aginda stean fan de opiniearjende

4.

Ynsprekkers moatte harren uterlik 24 oeren yn it foar melde by de griffy.

5.

ried, krije dêr 5 minuten sprektiid foar, foardat de gearkomste begjint. Harren ynspraak moat passend wêze by it foarlizzende beslút.

At der om 23.00 oere sprake is fan noch net-behannele ûnderwerpen, dan wurdt de gearkomste in dei letter fuortset. Dizze gearkomste fangt oan om 19.30 oere. De foarsitter kin yn bysûndere gefallen:

· in oare dei;

· in oare begjintiid; · in oare eintiid;

· in oare lokaasje foar de gearkomste bepale.

Hij fiert hjiroer, of it moat wêze dat der in spoedeaskjende situaasje is, oerlis met de agindakommisje. 6.

It opiniearjende part fan de gearkomste hat as doel it debat, it hifkjen fan mieningen ta tarieding fan de beslútfoarming, it ynnimmen fan politike en/of bestjoerlike haadkarren of rjochtingjaande útspraken te dwaan foar de portefúljehâlder en/of it kolleezje.

7.

Oerlis opiniearjende part fan ‘e gearkomste a.

oan it opiniearjende part kinne riedsleden en beëdige stipefraksjeleden meidwaan.

c.

Earste termyn:

b.

It oerlis fynt plak yn twa terminen, of it moat wêze dat de foarsitter oars beslút. • • •

De foarsitter freget wa’t it wurd fiere wol oer it foarlizzende beslút

riedsleden kinne yn de earste termyn ek ferdúdlikjende fragen stelle oan it kolleezje

de foarsitter freget nei ynventarisearret oft de fragen genôch beäntwurde binne foar it

debat en ynventarisearret by de fraksjes of en sa ja, hokker fragen at noch iepen stean en oft der noch ferdúdlikende fragen binne •

it kolleezje krijt oan de ein fan de earste ronde nochris de mooglikheid om fragen te beäntwurdzjen.

d.

Twadde termyn: De wurdfierders kinne mei inoar yn debet gean. Yn it debat meie sprekkers

e.

Elke termyn wurdt troch de foarsitter ôfslúten.

g.

Oan de ein fan it opiniearjende part stelt de foarsitter fêst of it besprutsene as agindapunt

f.

inoar fia de foarsitter ûnderbrekke, of it soe wêze dat dit ta fersteuring van ‘e oarder liedt;

Foar elk ûnderwerp of útstel is der ien wurdfierder de fraksje, of it moat wêze dat de foarsitter oars beslist.

foar it beslútfoarmjende diel oan ‘e oarder komme moat.

h.

In it beslútfoarmjende diel nimt de ried beslúten. De riedsleden wurde hjirby yn ‘e

gelegenheid steld in stimferklearring ôf te lizzen.

Kêst 13b oardehanthavening by fersteuring

Dit kêst jout hannelingsperspektyf by fersteuring fan de gemeenteried. By fersteuring moatte de folgjende stappen set wurde: 1.

2.

De foarsitter skorst de gearkomste en beneamt de reden fan de skorsing. Hy freget de riedsleden om eventueel de seal te ferlitten oant de fersteuring beëinige is. Dit om de feiligens fan de riedsleden te garandearjen.

De foarsitter sprekt de oarder fersteurder oan op it net-winske hâlden en dragen.

* By in relatyf rêstige fersteuring: jou romte oan in koarte útering, mei de ôfspraak dat de fersteurder dêrnei plak nimt oft it gebou ferlit.

* By agressive en oanhâldende fersteuring, beneam dat fersteuring fan de gearkomste strafber is, 3.

en dat dit fersteurend gedracht fuortendaliks beëinige wurde moat. As de fersteuring ek nei werhelle oansprekken oanhâldt:

* foarderet de foarsitter de fersteurder fuort te gean: ‘Ik foarderje jo dat jo fuortendaliks it gebou ferlitte’ en

* makket de foarsitter of dejinge út namme fan de foarsitter daliks melding fan de fersteuring by de plysje. Dêrby wurdt meld dat it giet om in fersteuring fan de gemeenteried, wêrby de plysje frege 4. 5.

wurdt fuortendaliks de fersteuring te beëinigjen en de fersteurder út it gebou te heljen.

Jou romte oan de riedsleden om harren emoasje te úterjen en gean dêrnei at it kin wer troch mei de riedsgearkomste.

Doch, al nei gelang de situaasje, oanjefte by de plysje tsjin de fersteurder foar it fersteuren van de

riedsgearkomste.

Paragraaf 2 tariedings Kêst 14 Oprop en foarriedige aginda 1.

De foarsitter stelt op syn minst tsien dagen foar in riedsgearkomste de riedsleden de oprop en de

2.

De foarriedige aginda en de dêrby hearrende stikken, útsein de yn kêst 19, lid twa fan de

foarriedige aginda mei de dêrby hearrende stikken digitaal ta beskikking.

Gemeentewet neamde stikken wurde tagelyk mei de oprop oan de leden fan de ried digitaal beskikber steld.

Kêst 15 De aginda 1.

Foardat de skriftlike oprop ferstjoerd wurdt, stelt de agindakommisje de aginda fan de

2.

Yn spoedeaskjende gefallen kin de foarsitter nei it ferstjoeren fan de skriftlike opropping oant

3.

By it begjin fan de gearkomste stelt de ried de aginda fêst. Op útstel fan in lid fan de ried of de

4.

riedsgearkomste foarearst fêst.

uterlik 48 oeren foar it begjin fan in gearkomste in oanfoljende aginda opstelle. Dy wurdt mei de dêrby hearrende stikken oan de leden fan de ried ferstjoerd, en iepenbier makke.

foarsitter kin de ried by it fêststellen fan de aginda ûnderwerpen oan de aginda tafoegje. Foar it ôffieren fan in agindapunt is in mearderheid nedich.

As ien fraksje in agindapunt opiniërjend beprate wol, dan wurdt dy winsk altyd honorearre.

5.

Wannear 't de ried in ûnderwerp ûnfoldwaande foar de iepenbiere beried taret achtet, kin er it

6.

Op útstel fan in lid fan de ried of fan de foarsitter kin de ried beslute de folchoarder fan

ûnderwerp ferwize nei in harksit, in ynformaasjegearkomste of oan it kolleezje neiere ynljochtingen of advys freegje.

behanneling fan de agindapunten feroarje.

Kêst 16 As besjen lizze fan stikken 1.

Stikken, dy 't as taljochting fan de ûnderwerpen of foarstellen op de aginda tsjinje, wurde tagelyk

2.

Digitaal beskikbere stikken wurde op de webside fan de gemeenteried pleatst yn it RIS.

4.

As foar stikken op grûn fan kêst 19, twadde lid fan de Gemeentewet geheimhâlding oplein is,

3.

mei de oprop foar elk digitaal beskikber steld. De foarsitter makket fan de melding dy 't op besjen lein is yn de iepenbiere kundskip bedoeld yn kêst 17.

In orizjineel fan in op besjen lein stik wurdt net bûten it gemeentehûs brocht.

bliuwe dy stikken yn ôfwiking fan it earste lid, ûnder berêsting fan de griffier en ferlient de griffier de leden fan de ried ynsjen.

Kêst 17 Iepenbiere kennisjouwing Riedsgearkomsten wurde op iepenbiere kennis brocht troch oankundiging yn it regionale hûs-oanhûsblêd en troch pleatsing op de webside fan de gemeenteried. Yn spoedeaskjende gefallen kin de iepenbiere kundskip inkeld en allinne op digitale wei holden wurde.

Paragraaf 3 Yn de gearkomste Kêst 18 Presensjelist 1. 2.

De griffier soarget foar it byhâlden fan presinsjelêsten fan riedsgearkomsten.

By binnenkomst yn de gearkomsteseal tekenje riedsleden de presinsjelist, dy 't oan de ein fan elke riedsgearkomste troch de foarsitter en de griffier troch ûndertekening fêststeld wurdt.

Kêst 19 Amtsgebed De foarsitter sprekt foar oanfang fan in riedsgearkomste it amtsgebed út yn it Nederlânsk of yn it Frysk:

“Trouwe God, U bent de Bron fan al it leven, U geeft ons liefde en kracht. Wij bidden U om een zegen bij al it werk wat wij hier doen. Laat ons beseffen dat wij afhankelijk zijn fan U. Geef ons wijsheid en inzicht en laten wij, zorgvuldig en bedachtzaam zijn in ons handelen, ten gunste fan onze gemeente en haar inwoners. Dit bidden wij U om Christus wil” Amen Of “Trouwe God, Jo binne de Boarne fan al it libben, Jo jouwe ús leafde en krêft. Wy bidde Jo om in seine by al it wurk dat wy hjir dogge. Lit ús beseffe dat wy ôfhinklik binne fan Jo. Jou ús wiisheid en insjoch en litte

wy, soarchfâldich en betochtsum wêze in ús hanneljen, in it foardiel fan ús gemeente en har inwenners. Dit bidde wy Jo om Kristus wol” Amen

Kêst 20 Beslútelist 1.

De ûntwerpbeslútlist fan de foargeande gearkomste wurdt, sa mooglik, oan de leden fan de ried

beskikber steld tagelyk mei it digitaal beskikber stellen fan de stikken. De ûntwerpbeslútlist wurdt tagelyk oan de oare persoanen dy 't it wurd fierd hawwe, beskikber steld.

2.

By it begjin fan it beslútfoarmjende part fan de gearkomste wurdt, safolle mooglik, de beslútlist fan

3.

De leden, de foarsitter, de wethâlders, de griffier en de sekretaris hawwe it rjocht om in útstel ta

4.

De beslútlist moat ynhâlde: de nammen fan de foarsitter, de griffier, de sekretaris, en de op

de foarige gearkomste fêststeld.

feroaring oan de ried te dwaan, as de beslútlist ûnkrektheden befettet of net dúdlik werjaan wat sein of besletten is.

gearkomste oanwêzige leden en wethâlders, en ek fan de leden dy 't ôfwêzich wiene en oare persoanen dy 't it wurd fierd hawwe; a.

b.

in fermelding fan de saken dy 't oan 'e oarder west hawwe;

in oersjoch fan it ferrin fan elke stimming, mei fermelding by haadlike stimming fan de

nammen fan de leden dy 't foar of tsjin stimden, ûnder oantekening fan de nammen fan de leden dy 't neffens de Gemeentewet fan stimming ûntholden hawwe of har by it

c.

d. e.

5. 6. 7.

útbringen fan harren stim fergiste hawwe;

de tekst fan de inisjatyfútstellen en stimferklearringen dy 't yntsjinne binne; útstellen fan oarder, moasjes, amendeminten en subamendeminten;

By it oanbelangjende agindapunt de namme en de hoedanichheid fan dy persoanen oan

wa 't it op grûn fan it bepaalde yn kêst 28 troch de ried net tastien is om diel te nimmen oan de beried.

De beslútlist wurdt opsteld ûnder de soarch fan de griffier.

De beslútlist wurdt yn de earstkommende gearkomste fêststeld, wêrnei 't dat troch de foarsitter en de griffier ûndertekene wurdt.

Foarsafier 't de aard en de ynhâld fan de beslútfoarming him dêrtsjin net ferset, wurdt de beslútlist sa gau mooglik nei de gearkomste iepenbier makke troch pleatsing op de gemeentlike webside.

Kêst 21 Ynkommen stikken 1.

By de ried ynkomme stikken, wêrûnder skriftlike meidielings fan it kolleezje oan de ried, wurde op

2.

Nei it fêststellen fan de beslútlist stelt de ried op útstel fan de agindakommisje de wize fan ôfdwaan

in list pleatst. Dizze list wurdt oan de leden fan de ried tastjoerd en op besjen lein. fan de ynkommen stikken fêst.

Kêst 22 Beried 1.

De ried kin op útstel fan de foarsitter of in lid fan de ried beslute oer ien of mear ûnderdielen fan in

2.

Op fersyk fan in lid fan de ried of op útstel fan de foarsitter kin de ried beslute om de beried foar in

ûnderwerp of foarstel apart te berikken.

troch him te bepalen tiid te skorsen om it kolleezje of de leden de gelegenheid te jaan ta ûnderling neier beried. De beriedslagingen wurde wer oppakt neidat de skorsingsperioade ferstrutsen is. Nei weriepening jout de foarsitter as earste it wurd oan de oanfreger fan de skorsing.

Kêst 23 Dielname oan de beried troch oaren 1.

De ried kin bepale dat oaren dan de leden fan de ried, beëdige stipefraksjeleden, de wethâlder, de

2.

In beslút dêrta wurdt op útstel fan de foarsitter of ien fan de leden fan de ried nommen foardat er

sekretaris, de griffier en de foarsitter dielnimme oan de beried.

mei de beried oangeande it oan de oarder wêzen agindapunt in begjin nommen wurdt.

Kêst 24 Stimferklearring Foardat de ried ta stimming oergiet, hat elts lid it rjocht om út te bringen stim koart te motivearjen.

Kêst 25 Beslissing 1.

Wannear 't de foarsitter fêststelt, dat in ûnderwerp of útstel genôch taljochte is, slút er de beried, of

2.

Nei in stimming oer eventuele amendeminten, fynt de stimming plak oer it foarstel yn syn gehiel, sa

it moast wêze dat de ried oars beslist.

't it dan is, of it moast wêze dat der gjin stimming frege wurdt.

Paragraaf 4 Prosedueres by stimmingen Kêst 26 Algemiene bepalingen oer stimming 1.

De foarsitter freget oft stimming frege wurdt. As gjin stimming frege wurdt en de foarsitter ek dat

2.

Yn de gearkomste oanwêzige leden kinne oantekening yn de beslútlist freegje, dat se achte wurde

net langet, stelt de foarsitter fêst dat it foarstel sûnder stimming oannommen is.

wolle tsjin te stimmen of har op grûn fan kêst 28 fan de Gemeentewet fan stimming ûntholden te hawwen.

3.

As troch ien of mear leden stimming frege wurdt, docht de foarsitter dêrfan meidieling.

4.

De stimming bart troch de wei fan hân opstekken, of it moat wêze dat de foarsitter of de ried

5.

De foarsitter (of de griffier) ropt de leden op harren stim út te bringen.

6.

Foar it begjin fan in haadlike stimming wurdt by lotting beslist by hokker nûmer de ried, de

haadlike stimming hawwe wol.

haadlike stimming begjinne sil. Dêrta wurdt by lotting in folchnûmer fan de presinsjelist oanwiisd; by it dêr neamde lid begjint de haadlike stimming

7.

By haadlike stimming is elk ta in gearkomste oanwêzich lid, dat him net ferplichte fan dielnimming oan de stimming ûnthâlde moat op grûn fan kêst 28 fan de Gemeentewet, ferplichte syn stim út te bringen.

8.

De leden bringe har stim út troch it wurd ‘ foar ’ of ‘ tsjin ’ út te sprekken, sûnder wat tafoeging.

9.

Hat in lid him by it útbringen fan syn stim fersind, dan kin er dizze fersin noch herstelle foardat it

folgjende lid stimd hat. Bemerkt it lid syn fersin pas letter, dan kin er nei 't de foarsitter de útslach fan de stimming bekend makke hat wol oantekening freegje dat er him fersind hat; yn de útslach fan de stimming bringt dat lykwols gjin feroaring.

10.

De foarsitter dielt de útslach nei ôfrin fan de stimming mei, mei fermelding fan it oantal foar en tsjin útbrochte stimmen. Hy docht dêrby ek meidieling fan it beslút dat nommen is.

Kêst 27 Stimming oer amendeminten en moasjes 1.

As in amendemint op in oanslein foarstel yntsjinne is, dan wurdt earst oer dat amendemint stimd.

2.

As op in amendemint in subamendemint yntsjinne is, wurdt earst oer it subamendemint stimd en dêrnei oer it amendemint.

3.

As meardere amendeminten of subamindeminten op in oanhinklik útstel yntsjinne binne, bepaalt de

4.

As oangeande in oanhinklik foarstel in moasje yntsjinne is, wurdt earst oer it foarstel stimd en

5.

As meardere moasjes op in oanhingich foarstel yntsjinne binne, bepaalt de foarsitter de folchoarder

6.

As moasjes likegoed as amendeminten yntsjinne binne, dan fynt earst stimming plak oer

foarsitter de folchoarder dêr 't oer stimd wurde sil. Dêrby jildt de regel, dat it meast fiergeande amendemint of subamindemint it earst yn stimming brocht wurdt.

dêrnei oer de moasje. De ried kin beslute om fan dy folchoarder ôf te wiken. dêr 't hjiroer yn stimd wurde sil.

amendeminten en it foarstel, en dêrnei oer moasjes. De ried kin beslute om fan dy folchoarder ôf te wiken.

Kêst 28 Stimming over persoanen 1.

Wannear 't in stimming oer persoanen foar it dwaan fan in foardracht of it opstellen fan in

2.

ter gearkomste oanwêzich lid dat him net op grûn fan de Gemeentewet fan stimming ûnthâlde

3.

Der hawwe safolle stimmingen plak as der persoanen te beneamen binne, foar te dragen of oan te

4.

It stimburo ûndersiket oft it oantal ynlevere stimbriefkes gelyk is oan it tal leden dat nei oanlieding

5.

foardracht of oanbefelling plakhawwe moat, beneamt de foarsitter 3 leden ta stimburo. moat, is ferplichte om in troch it stimburo jout stimbriefke yn te leverjen.

rekommandearjen. De ried kin op útstel fan de foarsitter beslute dat beskate stimmingen gearfette wurde op in briefke.

fan it twadde lid ferplichte is in stimbriefke yn te leverjen. ~~~ As de oantallen net gelyk binne, wurde de stimbriefkes ferneatige sûnder dy te iepenjen en wurdt in nije stimming holden.

Foar it bepalen fan de folsleine mearderheid as bedoeld yn kêst 30 fan de Gemeentewet wurde achte gjin stim útbrocht te hawwen dy 't leden dy 't gjin behoarlik stimbriefke ynlevere hawwe. Under in net behoarlik ynfolle stimbriefke wurdt ferstien: a. in blanko ynfolle stimbriefke; b. in ûndertekene stimbriefke;

c. in stimbriefke dêr 't mear as ien namme op fermeld is, of it moast wêze dat de stimming ferskate 6. 7.

fakatueres oangiet;

By twivel oer de ynhâld fan in stimbriefke beslút de ried, op útstel fan de foarsitter.

Under de soarch fan de griffier wurde de stimbriefkes fuortdaliks nei it fêststellen fan de útslach ferneatige.

Haadstik 4: Rjochten fan leden Kêst 29 Amendeminten en subamendeminten 1.

lear lid fan de ried kin ta it sluten fan de beriedslagingen amendeminten yntsjinje. In amendemint kin it útstel ynhâlde om in agindearre útstel yn ien of mear ûnderdielen te splitsen, dêr 't

ôfsûnderlike beslútfoarming oer plakfine sil. Allinnich ree slagje kin oer amendeminten dy 't

yntsjinne binne troch leden, dy 't de presinsjelist tekene hawwe en yn de gearkomste oanwêzich binne.

2.

lear lid dat yn de gearkomste oanwêzich is, hat it foech op it amendemint dat troch in lid yntsjinne

3.

Elk (sub)amendemint en elk útstel moat om yn behanneling nommen wurde te kinnen by de

is, in wiziging foar te stellen (subamendemint ).

foarsitter, of it moast wêze dat de foarsitter - mei it each op it ienfâldige karakter fan it foarstelde oardielet, dat mei in mûnlinge yndiening folstean wurde kin.

4.

Ynlûking, troch de yntsjinner(s), fan it (sub)amendemint is mooglik, oant de beslútfoarming troch

5.

As in subamendemint yntsjinne is, wurdt earst oer it subamendemint stimd en dêrnei oer it

6.

As meardere amendeminten of subamindeminten op inselde part fan in oanhinklik foarstel yntsjinne

de ried plakfûn hat.

amendemint dêr 't dat op slacht.

binne, dan wurdt, mei behâld fan it earste en twadde lid, earst oer it meast fersteure amendemint of subamindemint stimd.

Kêst 30 Moasjes 1.

Elk lid fan de ried kin oant it sluten fan de beriedslagingen in moasje yntsjinje.

3.

De behanneling fan in moasje oer in yn behanneling ûnderwerp of útstel fynt tagelyk mei de beried

4.

De behanneling fan in moasje oer in net op 'e aginda opnommen ûnderwerp fynt plak nei 't alle op

2.

In moasje moat om yn behanneling nommen wurde te kinnen by de foarsitter, foarsjoen fan de hantekens fan de yntsjinner(s).

oer dat ûnderwerp of útstel plak.

'e aginda foarkommende ûnderwerpen behannele binne.

Kêst 31 Foarstellen fan oarder 1.

De foarsitter en elk lid kinne ûnder de gearkomste mûnling in foarstel fan oarder dwaan, dat koart

2.

In útstel fan oarder kin allinnich de oarder fan de gearkomste betreffe.

3.

taljochte wurde kin.

Oer in útstel fan oarder beslist de ried terjochte.

Kêst 32 Inisjatyffoarstel 1.

In inisjatyffoarstel moat om yn behanneling nommen wurde te kinnen skriftlik by de foarsitter

2.

It kolleezje kin binnen 7 dagen neidat it op 'e hichte brocht is fan in útstel skriftlik winsken en

3.

In útstel wurdt neidat it kolleezje skriftlik winsken of betinkingen op 'e hichte fan de ried brocht hat

yntsjinne wurde. Dizze bringt it yntsjinne útstel sa gau mooglik op 'e hichte fan it kolleezje. betinkingen oangeande it útstel op 'e hichte fan de ried bringe.

of kenber makke hat dêr net ta oergean te sillen, dan wol neidat de termyn dy 't yn it twadde lid steld is, ferrûn is op de aginda fan de earstfolgjende riedsgearkomste, of it moast wêze dat de skriftlike oprop dêrfoar al ferstjoerd is. Yn dat gefal wurdt it foarstel op de aginda fan de

4.

dêropfolgjende riedsgearkomste pleatst.

De behanneling fan it útstel fynt plak neidat alle op de aginda foarkommende útstellen behannele binne, of it moast wêze dat it útstel mei it each op de oarder fan de gearkomste mei in oar

agindearre útstel of ûnderwerp behannele wurde moat, it útstel earst behannele wurde moat yn in harksit of foar advys nei it kolleezje stjoerd te wurden. Yn it lêste gefal bepaalt de ried yn hokker gearkomste it útstel op 'e nij agindearre wurdt.

5.

De ried kin neiere betingsten stelle oan de yndiening en behanneling fan in útstel, net om in

6.

Op in spoedeaskjend inisjatyffoarstel, konstatearre it ûntslach fan in wethâlder, binne de

foarstel foar in feroardering.

bepalingen yn dit artikel net fan tapassing. Sa 'n útstel kin nei ynstimming fan de ried oan de aginda taheakke wurde.

Kêst 33 Kolleezjeútstel 1.

In foarstel foar in feroardering of in oar foarstel fan it kolleezje oan de ried, dat neamd stiet op de

2.

As de ried fan betinken is dat in útstel lykas bedoeld yn it earste lid foar advys werom oan it

aginda fan de riedsgearkomste, kin net ynlutsen wurde sûnder tastimming fan de ried.

kolleezje stjoerd wurde moat, bepaalt de agindakommisje yn hokker gearkomste it útstel op ' en nij agindearre wurdt.

Kêst 34 Ynterpellaasje 1.

Riedsleden tsjinje fersiken ta it hâlden fan in ynterpellaasje skriftlik yn by de foarsitter. It fersyk

2.

De foarsitter bringt de ynhâld fan it fersyk sa gau mooglik op 'e hichte fan de oare riedsleden en de

3.

Oer fersiken dy 't op syn minst 48 oeren foar it begjin fan in riedsgearkomste yntsjinne binne of yn

4.

In ynterpellaasjedebat kin holden wurde as op syn minst in tredde fan de oanwêzige riedsleden dat

5.

De ynterpellant fiert net faker as twa kear it wurd. De oare riedsleden, de boargemaster en de

6.

By in ynterpellaasje kinne moasjes yntsjinne wurde.

befettet yn alle gefallen de te stellen fragen. wethâlders.

nei it oardiel fan de foarsitter spoedeaskjende gefallen, wurdt yn de earstkommende riedsgearkomste stimd. Yn oare gefallen yn de dêropfolgjende riedsgearkomste. fersyk stipet.

wethâlders net faker as ien kear, of it moast wêze dat de ried harren dêrta ferlof jout.

Kêst 35 Skriftlike fragen oan kolleezje of boargemaster 1.

Skriftlike fragen moatte feitlik formulearre en yntsjinne wurde op in sjabloan dy 't troch it presidium fêststeld is. De fragen kinne fan in taljochting foarsjoen wurde. By de fragen wurdt oanjûn oft

skriftlike of mûnlinge beantwurding frege wurdt. Fragen dy 't net foldogge oan it hjirfoar stelde wurde foar elke omgeande oan de yntsjinner weromstjoerd.

2.

De fragen wurde rjochte oan de foarsitter en by de griffy fan de ried yntsjinne. Dy soarget derfoar

3.

Skriftlike beantwurding is sa gau mooglik, yn alle gefallen binnen tritich dagen, neidat de fragen

dat de fragen sa gau mooglik op 'e hichte fan de oare leden fan de ried en it kolleezje brocht wurde. ynkommen binne. As beantwurding net binnen dizze termyn plakfine kin, dan stelt it ferantwurdlike

lid fan it kolleezje de fragesteller dêrfan motivearre op kennis, wêrby 't de termyn oanjûn wurdt, dêr 4. 5.

't binnen beäntwurde wurde sil. Dit berjocht wurdt behannele as in antwurd.

De antwurden fan it kolleezje of de boargemaster wurde troch de griffy oan de riedsleden tastjoerd.

De fragesteller kin, by skriftlike beantwurding yn de earstfolgjende riedsgearkomste en by mûnlinge beantwurding yn deselde riedsgearkomste, nei de behanneling fan de op de aginda foarkommende ûnderwerpen neiere ynljochtingen freegje oangeande it troch de boargemaster of troch it kolleezje jûn antwurd, of it moast wêze dat de ried oars beslút.

Kêst 36 Fragehealoere foar riedsleden 1.

Foarôfgeand oan de riedsgearkomste is der in frage-healoere, of it moat wêze dat der by de

2.

It lid dat ûnder it frage-healoere fragen stelle wol, meldt dat ûnder oantsjutting fan it ûnderwerp op

foarsitter gjin fragen yntsjinne binne. De foarsitter bepaalt op hokker tiidstip it frage-healoere einiget.

syn minst 24 oeren foar it begjin fan it frage-healoere by de griffier. De foarsitter kin nei oerlis mei it riedspresidium wegerje om in ûnderwerp yn it frage-healoere oan 'e oarder te stellen wannear 't

er it ûnderwerp net genôch sekuer achtet of as it ûnderwerp yn 'e riedsgearkomste fan dy dei oan 'e oarder komt.

3.

De foarsitter bepaalt de folchoarder, dêr 't oanmelde ûnderwerpen yn it frage-healoere oan 'e

4.

De foarsitter bepaalt foar elk ûnderwerp de sprektiid foar de fragesteller, foar it kolleezje, foar de

5.

Per ûnderwerp wurdt oan de fragesteller it wurd jûn om ien of mear fragen oan it kolleezje of de

6.

Nei it beäntwurdzjen troch it kolleezje of de boargemaster krijt de fragesteller deswinske it wurd

7.

Dêrnei kin de foarsitter oan oare leden it wurd ferliene om itsij oan de fragesteller, itsij oan it

8.

Hjirnei beäntwurdzje it kolleezje, de boargemaster of de fragesteller de fragen fan de oare leden.

oarder steld wurde.

boargemaster en foar de oare leden fan de ried wêrby 't in maksimum fan twa minuten oanhâlden wurdt.

boargemaster te stellen en in taljochting dêrop te jaan. om oanfoljende fragen te stellen.

kolleezje of de boargemaster fragen te stellen oer itselde ûnderwerp.

Kêst 37 Ynljochtingen 1.

As in lid fan de ried oer in ûnderwerp ynljochtingen lykas bedoeld yn de artikels 169, tredde lid, en

2.

In ôfskrift fan dit fersyk wurdt troch de yntsjinner yn ôfskrift tastjoerd oan de ried.

3. 4.

180, tredde lid, fan de Gemeentewet langet, wurdt in fersyk dêrta, troch tuskenkomst fan de griffier, yntsjinne by it kolleezje of de boargemaster.

De lange ynljochtingen wurde mûnling of skriftlik yn de earstfolgjende of yn de dêrop folgjende gearkomste jûn.

De stelde fragen en it antwurd foarmje in agindapunt foar de gearkomste, wêryn 't de antwurden jûn wurde sille.

Kêst 38 Spoedgearkomste 1.

In spoedgearkomste wurdt holden as in fersyk dêrta troch op syn minst 1/5 fan it totaal oantal

2.

In fersyk ta it hâlden fan in spoedgearkomste wurdt skriftlik yntsjinne by de foarsitter fia de griffier

3.

De foarsitter bepaalt, sa mooglik yn ôfstimming mei it presidium, de dei dat de spoedgearkomste

4.

De foarsitter kin by in spoedgearkomste ôfwike fan de termyn neamd yn artikel 14 lid 1, wêrby 't

leden stipe wurdt.

mei opjefte fan it ûnderwerp fan it debat. holden wurdt.

der minimaal 48 oeren sitte moatte tusken de oprop en de oanfang fan de spoedgearkomste.

Haadstik 5: Besletten gearkomste Kêst 39 Algemien Op in besletten gearkomste binne de bepalingen fan dit reglemint fan oerienkomstige tapassing foar safier 't dy bepalingen net stridich binne mei it besletten karakter fan de gearkomste.

Kêst 40 Beslutelist 1.

De beslútlist fan in besletten gearkomste wurdt net rûndield of digitaal ferspraat, mar leit allinnich foar de leden digitaal op besjen.

2.

Dy beslútlist wurdt sa gau mooglik yn in besletten gearkomste foar fêststelling oanbean. Yn dizze

gearkomste nimt de ried in beslút oer it al of net iepenbier meitsjen fan dy beslútlist. De fêststelde beslútlist wurdt troch de foarsitter en de griffier ûndertekene.

Kêst 41 Geheimhâlding 1.

Foar de ôfrin fan de besletten gearkomste beslút de ried neffens kêst 23 lid trije en fjouwer fan de

2.

De geheimhâlding moat yn acht nommen wurde troch elk dy 't by de gearkomste oanwêzich is en

3.

De ried kin beslute om de geheimhâlding op te heffen.

Gemeentewet of oangeande de ynhâld fan de stikken en it ferhannele geheimhâlding jilde sil. troch elk dy 't op in oare wize kennis hat fan de stikken.

Haadstik 6: Tahearders en parse Kêst 42 Tahearders en pa 1.

De taharkers en fertsjintwurdigers fan de parse kinne útslutend op de foar harren ornearre plakken

2.

It jaan fan tekenjen fan goed - of ôfkarring oft it op oare wize fersteuren fan de oarder ferbean is.

iepenbiere gearkomsten bywenje.

Kêst 43 Lûd - en byldregistraasjes De riedsgearkomsten wurde útstjoerd en digitaal opslein. Dejingen dy 't yn 'e gearkomsteseal yn 'e

riedsgearkomste lûd - dan wol byldregistraasjes meitsje wolle, dogge dêr meidieling oan de foarsitter fan en drage har nei syn oanwizingen. Dy oanwizingen kinne net safier gean dat se de frijheid fan parse oantaaste.

Haadstik 7: Slotbepalingen Kêst 44 Utlis reglemint 1.

Yn de gefallen dat dit reglemint net foarsjocht of by twivel oangeande de tapassing fan it reglemint,

2.

By tydlike wiziging fan de Gemeentewet binne de lanlike rjochtlinen liedend.

beslút de ried op útstel fan de foarsitter.

Kêst 45 Yngean Dat reglemint giet yn wurking ien dei nei publikaasje. Op dat stuit ferfalt it reglemint fan oarder foar de gearkomsten en oare wurksumheden fan de gemeenteried fan Dantumadiel 2023 fêststeld by riedsbeslút fan 31 jannewaris 2023. Sa besleaten yn de iepenbiere gearkomste fan de ried, holden op 2 july 2024,

De griffier, M. Jonker

De boargemaster, N.L. Agricola.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=gemeentedantumadiel&id=9401dd54-504e-4581-8951-e756f17ea052