RV dantumadiel yn byld Frysk
Tekst van het document
Riedsfoarstel Foarstel oan de ried fan de gemeente Dantumadiel Jiertal + saaknûmer
: 2024 / 2023-273547
Riedsgearkomste d.d.
: 1 oktober 2024
Portefeuillehâlder
:-
Programma
:-
Programmaûnderdiel
:-
Namme gearstaller
: Margreet Jonker
: m.jonker@dantumadiel.frl
Underwerp
: útwurking moasje Dantumadiel yn byld.
Begruttingswiziging
: ja
Foarsteld riedsbeslút 1. Mei de eigen kommunikaasjemeiwurker en de streekomrop RTV NOF in plan út te fieren mei as doel it wurk fan de gemeenteried ûnder de oandacht te bringen fan de ynwenners fan Dantumadiel. 2. Dêrmei te bewurkjen dat de kleau tusken burger en polityk net grutter mar krekt lytser wurdt. 3. Dêrfoar in budzjet fan €15.000 per jier beskikber te stellen út de algemiene reserve foar de perioade 2024-2026 4. It effekt fan Dantumadiel yn byld te evaluearjen yn de twadde helte fan 2026 Arguminten De gemeenteried hat in moasje oannommen. Op 15 novimber 2023 hat de gemeenteried fan Dantumadiel in moasje oannommen om tegearre mei de streekomrop RTV NOF in plan te meitsjen om de lokale polityk fan Dantumadiel better ûnder de oandacht te bringen fan de ynwenners. Yn de moasje wurd as oerweging neamd: Fan 2024 ôf is de gemeente Dantumadiel in folsleine selsstannige organisaasje en it fansels goed om it nijs út de ried nei bûten te bringen yn bygelyks in fêste útstjoering dy’t alle moannen op telefyzje ferskine sil Der is in wurkgroep foarme De yntsjinner fan de moasje is de fraksje fan de FNP. Under lieding fan fraksjefoarsitter Ferry van der Ploeg is der in lytse wurkgroep foarme dêryn’t ek Jouke Feddema en Gerrie van der Meulen-Jansma meidogge. De griffier en de kommunikaasjemeiwurker fan de ried stypje de wurkgroep.
RTV/NOF wol meiwurkje ûnder betingsten De wurkgroep hat oerlis hân mei de direksje fan RTV NOF. Se wolle graach meiwurkje oan de útwurking fan de moasje ûnder betingst dat de sjoernalistike ûnôfhinklikheid garandearre bliuwt. Dat betsjut dat sjoernalisten folsleine redaksjonele autonomy behâlde, transparant binne oer de finansiering en gearwurking, belangekonflikten mije, ûnôfhinklik wurkje kinne oan de produksje en in krityske oanpak behâlde. Troch dizze prinsipes te hanthavenje, kinne we gearwurkje wylst we de yntegriteit en leauweardigens fan de sjoernalistyk behâlde, neffens RTV NOF. De wurkgroep kin sich dêryn fine. Ynformaasje oer it wurk fan de ried De útwurking fan de moasje Dantumadiel yn byld is in dynamysk proses. It begjint mei it yn byld bringen fan de wurksumheden fan de ried. Ek kinne riedsleden ynterviewd wurde oer harren wurk as riedslid, sûnder dat it in politike kleur krijt. De wurkgroep Dantumadiel yn byld bliuwt de útwurking fan de moasje monitoaren en docht dêrfan ferslach oan it Presidium. RTV NOF wol yn earste ynstânsje 10 items per jier meitsje. Dy wurde op alle kanalen fan RTV NOF útstjoert: telefyzje, ynternet en sosjale media. Nei twa jier wurdt der in evaluaasje hâlden nei it effekt fan Dantumadiel yn byld De wurkgroep stelt foar in budzjet fan € 15.000 per jier beskikber te stellen foar de kommende twa jier.
Op basis fan in evaluaasje yn 2026 sil de ried in beslút nimme oer it al dan net takennen fan in struktureel budzjet foar Dantumadiel yn byld.
Beëage effekt It wurk fan de gemeenteried ûnder de oandacht te bringen fan de ynwenners fan Dantumadiel mei as doel de bekendheid fan de lokale polityk te fergrutsjen en sa de kleau tusken boargers en polityk lytser te meitsjen. Finânsjes Ynsidinteel budzjet foar de jierren 2024-2026 fan € 15.000 per jier. . Ferfolch en planning Dantumadiel yn byld wurdt evaluearre yn de twadde helte fan 2026. Kommunikaasje + Partisipaasje n.f.t. Damwâld, 02 july 2024
de sekretaris, R.G. Dijksterhuis
de boargemaster, N.L. Agricola
V1.1
Riedsbeslút 2021 / Z325836-2021
De ried fan de gemeente Dantumadiel,
Lêzen it foarstel fan de wurkgroep Dantumadiel yn byld
Beslút: 1. 2. 3. 4.
Mei de eigen kommunikaasjemeiwurker en de streekomrop RTV NOF in plan út te fieren mei as doel it wurk fan de gemeenteried ûnder de oandacht te bringen fan de ynwenners fan Dantumadiel. Dêrmei te bewurkjen dat de kleau tusken boarger en polityk net grutter mar krekt lytser wurdt Dêrfoar in budzjet fan €15.000 per jier beskikber te stellen út de algemiene reserve foar de perioade 2024-2026 It effekt fan Dantumadiel yn byld te evaluearjen yn de twadde helte fan 2026
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Dantumadiel yn syn iepenbiere gearkomste d.d. 1 oktober 2024 De ried foarsein, de griffier,
{{Signer2}}
M. Jonker
de foarsitter,
{{Signer1}}
N.L. Agricola
V1.1