CConstaterende datDantumadiel
Koppel je AI →
Document · PDF

Ransomware oanfal Omrin_FNP_Dantumadiel

Raadsvergadering (Dantumadiel) 28 oktober 2025, gemeente DantumadielBij agendapunt: Vragenhalfuur190 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Mûnlinge fragen

Datum: 28-10-2025

Underwerp: Ransomware oanfal Omrin

Acht kolleezje, Resint is der yn it nijs kaam dat it ôffalferwurkingsbedriuw Omrin wierskynlik slachtoffer wurden is fan in ransomware oanfal. Yn de nijsberjochten wurdt benammen sprutsen oer mooglik lekte persoansgegevens fan it personiel fan Omrin. Om’t Omrin ek aktyf is yn ús gemeente troch ûnder oare it behear fan de miljeustrjitte, wol FNP Dantumadiel graach witte wat dit betsjut foar ús ynwenners en stelt dêrom de folgjende fragen: 1. Is der by it kolleezje bekend hokker persoansgegevens fan ús ynwenners troch Omrin ferwurke wurde? 2. Bestiet der in risiko dat persoansgegevens fan ús ynwenners ûnderdiel binne fan dit mooglike datalek? 3. Yn hoefiere hat de mooglike oanfal ynfloed op de tsjinstferliening? Giet dizze noch gewoan troch yn ús gemeente sa’t wy dat wend binne? 4. Binne der by de oanbesteding (tsjinstferlieningsoerienkomst) eksplisite easken steld oan Omrin oangeande cyberfeiligens? Sa ja, hokker easken binne dat? 5. Hokker stappen ûndernimt it kolleezje om ús ynwenners aktyf te ynformearjen en te beskermjen mocht der sprake wêze fan lekte persoansgegevens fan ús ynwenners?

Undertekening: Namme: Jouke Jan Postma Fraksje: FNP Dantumadiel

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=gemeentedantumadiel&id=d4ea8b9a-9dc9-46fb-b9b3-93693bedf077