CConstaterende datDantumadiel
Koppel je AI →
Document · PDF

Profylskets Dantumadiel versie 15042025 Frysk

Raadsvergadering (Dantumadiel) 22 april 2025, gemeente DantumadielBij agendapunt: officiële overhandiging profielschets door voorzitter mevr. H. Zwart aan Commissaris van de Koning drs A.A.M. Brok2.172 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

DANTUMADIEL SIKET BOECHBYLD profylskets boargemaster

BOECHBYLD IN BOARGEMASTER DY’T FERBYNT, YNSPIREARRET EN SICHTBER OANWÊZICH IS Dantumadiel is op syk nei in belutsen en krêftdiedige boargemaster dy’t: •

past by de kultuer en identiteit fan Dantumadiel

•

beskikt oer bestjoerlike en liedingjaande ûnderfining

•

skeakelje kin tusken ferskate rollen fan it boargemasterskip

•

in fyzje hat op ‘e takomst fan ús gemeente

•

ynteger, ûnôfhinklik en betrouber is

De boargemaster hat garisma en útstrieling. Hy of sy is in ynspirearjend boechbyld foar de gemeente.

PROFYL SKETS

De proylskets foarmet de basis foar de beneaming fan de nije boargeaster fan Dantumadiel. Dit dokumint beskriuwt de skaaimerken fan ús gemeente en de eigenskippen, feardichheden en kwaliteiten dy’t wy sykje yn ús nije boargemaster. De boargemaster spilet in grutte rol yn it bestjoer fan de gemeente en yn de ferbining mei ynwenners, ûndernimmers en maatskiplike organisaasjes. Dizze profylskets tsjinnet net allinnich as rjochtline foar de seleksjeproseduere, mar sil ek as referinsjepunt fungeare foar de evaluaasje fan it funksjonearen fan de boargemaster yn de amtstermyn. Om te kommen ta in profyl foar de nije boargemaster, hat de gemeenteried sprutsen mei ynwenners, maatskiplike ynstellings, gearwurkingspartners en fansels de amtlike organisaasje en de wethâlders.

Ynwenners sykje in boargemaster dy’t sichtber is yn ‘e doarpen en by eveneminten en in aktive role spilet yn it deistich libben yn ‘e gemeente.

DANTUMADIEL In plattelânsgemeente fol ‘mienskipssin’ Dantumadiel. In plattelânsgemeente yn it noardeasten fan Fryslân. Alve doarpen mei elk in eigen karakter midden yn ‘e Fryske Wâlden. Gjin stedske drokte, mar in mienskip dêr’t de minsken ticht byelkoar stean, each foar elkoar hawwe en ‘mienskipssin’ noch fanselssprekkend is. In gemeente dêr’t it noflik en feilich wenjen is. Foarsjennings binne foar de greep. In royaal winkelsintrum yn Damwâld bygelyks, de treinstasjon yn Feanwâlden en op De Westereen. Mei de trein binne jo binnen it heal oere yn Ljouwert en Grins. Der is in protte ferdivaasje yn Dantumadiel. Lykas bygelyks de Paardendagen yn Driezum/Wâlterswâld. In hyndersportevenmint fan komsa dêr’t dielnimmers út hiel Nederlân nei ta komme. Of de mear smûkere doarpsfeesten. Rekreëarje kin hjir ek folop. Op waarme simmerdagen is rekreaasjegebiet De Eeltsjemar in prachtich plak om jin te ferdivedearjen. By De Westereen is in moaie jachthaven sadat ek de wettersporters alle mooglikheden hawwe. En foar natoerleafhawwers binne De Houtwiel en it Bûtefjild echte pronkstikjes, mei in rike flora en fauna.

 Kreas Tekenwerk

IN GEMEENTE OM GRUTSK OP TE WÊZEN Dantumadiel is finansjeel sûn en ambysjeus. Wy binne in wengemeente dêr’t elkenien him- as harsels wêze mei. Wy hawwe wurdearring foar elkoars eigenaardichheden en steane iepen foar ferskillende libbensstilen. Tagelyk sjogge wy ek dat der ynwenners binne dy’t harren minder ferbûn fiele. Wy wolle der alles oan dwaan om elkenien der by te belûken en mei-elkoar te bouwen oan in takomst dêr’t elkenien him thús fielt.

MEI-ELKOAR BOUWE OAN DE TAKOMST

IN BELUTSEN MIENSKIP

Wy binne grutsk op wat wy berikt hawwe, mar wy

De ynwenners fan Dantumadiel binne belutsen by

sjogge ek foarút. Wy wolle ynvestearje yn ‘e takomst,

harren gemeente. Hja tinke mei, nimme inisjatyf en

benammen yn ús jeugd. Wy wolle in gemeente

sette harren yn foar harren leefmiljeu. Wy wurdearje

wêze dêr’t de jongerein graach wenje en wurkje wol,

it as ús boargemaster sichtber is, harket nei wat der

dêr’t se harren talinten ûntwikkelje kinne en harren

libbet en de ferbining mei alle ynwenners siket.

dreamen wiermeitsje kinne.

IN MODERNE ORGANISAASJE De gemeentlike organisaasje is modern, tsjinstferlienend en rjochte op gearwurking. Wy wurkje fanút fertrouwen en wurdearring, mei in soad romte foar inisjatyf en persoanlike ûntjouwing. Wy binne der grutsk op dat wy safolle jonge meiwurkers hawwe.

De boargemaster moat tichtby de minsken stean. Hy of sy is in echte boargerheit as boargermem.

ROLLEN

Ynwenners sykje in boargemaster dy’t ûnderfining opdien hat yn ‘e maatskippij. Hy of sy hat in eftergrûn yn ‘e praktyk, net allinnich yn it bestjoer.

De folgjende rollen binne wêzentlik foar in suksesfolle ynfolling fan it boargemasterskip yn Dantumadiel:

BOECHBYLD FAN DE GEMEENTE

FERBINENDE SKEAKEL YN DE MIENSKIP

De boargemaster is it gesicht fan Dantumadiel, sawol

Dantumadiel is in mienskip dêr’t ynwenners

yn ‘e gemeente as derbûten. Hy as sy fertsjinwurdiget

grutsk binne op harren ûnderlinge ferbûnens. De

de gemeente by offisjele gelegenheden, eveneminten

boargemaster moat dizze sosjale gearhing fuortsterkje

en yn de regionale en lanlike gearwurking.

en aktyf bydrage oan in ynklusive maatskippij.

•

Sichtberens en tagonklikens: De boargemaster

•

is oanwêzich yn alle doarpen en toant oprjochte

de soargen, ideeën en inisjativen fan ynwenners,

belutsenens by de ynwenners •

•

Kultuer en tradysjes: Der wurdt ferwachte dat de

Harkjend ear: De boargemaster stiet iepen foar ûndernimmers en maatskiplike organisaasjes.

•

Tagonklik lieder: Minsken moatte harren frij fiele

boargemaster de Fryske identiteit respektearret,

om kontakt te lizzen mei de boargemaster, oft dat

begrypt en útdraacht.

no op strjitte, yn in gearkomste as fia de sosjale

Ambassadeur: Yn regionale

media, is.

gearwurkingsferbannen behertiget de

•

Bemiddeler: Yn situaasjes wêryn’t belangen

boargemaster de belangen fan Dantumadiel

botse, wit de boargemaster ferbinings te lizzen

en posisjonearret de gemeente as in sterke en

en oplossings te finen dy’t rjocht dogge oan de

selsstannige spiler.

ferskillende stânpunten.

FOARSITTER FAN IT KOLLEEZJE FAN B&W It kolleezje fan boargemaster en wethâlders foarmet it deistich bestjoer fan de gemeente. De boargemaster spilet hjiryn in wichtige rol as foarsitter en koördinator. •

Teamspiler en prosesbewekker: De boargemaster bringt de wethâldders yn posysje, coacht harren wêr nedich is en soarget foar in goede gearwurking yn it kolleezje. Dêrnjonken hat er each foar de minske yn it kolleezje en de organisaasje.

•

Yntegrale beslútfoarming: Soarget der foar dat de beliedskarren breed ôfwoegen wurde en dat de gemeente as ien gehiel optreedt.

FERANTWURDLIKENS FOAR IEPENBIERE OARDER EN FEILIGENS Ien fan de wetlike taken fan de boargemaster is it

FOARSITTER FAN DE GEMEENTERIED

hanthavenjen fan de iepenbiere oarder en feiligens.

As foarsitter fan de gemeenteried bewekket de

Dit freget om krêftdiedich optreden yn krisissituaasjes

boargemaster it demokratyske proses en soarget hy as sy

en in nau gearwurkingsferbân mei plysje, brânwacht

der foar dat riedsleden harren wurk goed dwaan kinne.

en oare feilichheidstsjinsten.

•

•

• •

Unôfhinklike en neutrale rol: De boargemaster stiet boppe de partijen en stiet yn foar in iepen en earlike

boargemaster treedt op by ynsidinten en soarget

beslútfoarming.

foar adekwate krisisbehearsking.

Kultuerdrager: hy treedt op as ambassadeur fan in

•

Foarkommen fan oerlêst en kriminaliteit: yn

kultuer dy’t betrouwen befoarderet.

gearwurking mei hanthavers en plysje wurdt wurke

Befoardering fan debat: Soarget foar in

oan in feilige wenomjouwing.

fergaderstruktuer wêryn’t romte is foar diskusje, mar •

Fluch en trochtaastend hanneljen: De

•

Gefoel fan feiligens fan ynwenners fersterkje:

wêryn’t besluten krêftdiedich nommen wurde.

De boargemaster kommunisearret helder oer

Stumulearjen fan partisipaasje: hy moediget

maatregels en is sichtber yn ‘e oanpak fan

ynwenners oan om diel te nimmen oan gemeentlike

feilichheidsfraachtstikken.

beslútfoarming en partisipaasjeprosessen.

Yn tiden fan krisis giet de boargemaster mei minsken om tafel. Oerlis en gearwurking geane boppe flugge, isolearre besluten.

SINJALEARRET, YNSPIREARRET EN STIMULEARRET De ôfrûne bestjoersperioade hat de boargemaster him yn it kolleezje fan B&W konsintrearre op ‘e portefúlje Openbare Orde en Veiligheid en handhaving. Dat wol net sizze dat in útwreiding fan de portefúlje yn ‘e takomst net besprekber is. Oangeande alle ûnderwerpen hat de boargemaster de romte om te: •

Sinjalearen: Yn alle kontakten dy’t de boargemaster hat mei de ynwenners, ûndernimmers, maatskiplike ynstellings en gearwurkingspartners hellet de boargemaster weardefolle sinjalen op. Dizze sinjalen sil de boargemaster as it past, ynbringe oan de bestjoerlike tafel mei as doel beslútfoarming te ferrykjen.

•

Ynspirearjen: Ynspirearje docht de boargemaster troch oprjocht interresearre te wêzen yn wat minsken driuwt. Hjirby is it fan belang dat minsken harren heard en sjoen fiele. Dêrwei kin de boargemaster ynspirearje troch in realistysk takomstperspektyf te sketsen dat fokus en rjochting jout.

•

Stimulearjen: Stimulearje troch fanút de rol fan boechbyld in bydrage te leverjen oan de opjefte êr’t de gemeente foar stiet. It primaat leit by de polityk, mar it ynbringen fan kânsen en it spegeljen op fuortgong fan it algemien belang wurdt wurdearre.

FERTSJINWURDIGER YN LANLIKE EN (BOPPE)REGIONALE GEARWURKING Dantumadiel makket diel út fan ferskate gearwurkingsferbannen yn Fryslân en NoordNederlân. De boargemaster moat hjiryn in sterke ûnderhannelingsposysje ynnimme en de belangen fan de gemeente goed behertigje. •

Aktyf yn regionale en provinsjale oerlisstruktueren.

•

Understeuning fan strategyske gearwurking mei oare gemeenten.

•

Bydragen oan ynnovative en duorseme oplossings foar maatskiplike fraachstikken.

PROFYL

IN BOARGEMASTER FOAR DE MINSKEN EN IN STERKE BETROUBERE LIEDER De nije boargemaster fan Dantumadiel is mear as in bestjoerder; hy as sy is in sichtber en tagonklik persoan, dy’t yn de doarpen komt en mei de ynwenners yn petear giet oer wat der spilet. It is immen dy’t ferbynt, belutsen is en goed harkje kin. De boargemaster is immen dy’t: •

Sterk bestjoerlik ynsjoch hat, Bestjoerlike

In goed gefoel hat foar ûndernimmerskip en ekonomy, en aktyf meitinkt oer hoe’t Dantumadiel

amt. De nije boargemaster moat oantoanbere

in oantreklik plak bliuwt om te wenjen, wurkjen en

ûnderfining hawwe yn in stevige einferantwurdlike

ûndernimmen.

en/as bestjoerlike rol. Dat mei ek fan bûten it

•

Him ynset foar feiligens en iepenbiere oarder,

iepenbier bestjoer. It is lykwols wol essinsjeel

en yn krisissituaasjes stânfêst en beslútfeardich

om in goed begryp fan gemeentlike prosessen,

optreedt.

wet- en regeljouwing en beslútfoarming te

•

Ynteger hannelt en en yntegriteit bewekket, De

hawwen om effektyf operearje te kinnen binnen

boargemaster is folslein ynteger, strielt dit ek út,

it gemeentebestjoer. De boargemaster moat yn

mar is net in moraalridder. De boargemaster moat

steat wêze komplekse bestjoerlike prosessen te

ûnôfhinklik en ûnpartidich operearje en altiten

lieden en de ûntwikkelng fan de gemeente yn

hannelje yn it algemien belang.

goede banen te lieden. •

•

ûnderfining is in essinsjeel kriterium foar dit

•

De Fryske taal begrypt en ree is om dy te (leare)

Earlik en direkt kommunisearret, ynwenners net

praten, om sa de ferbining mei de ynwenners

allinnich oanheart, mar ek iepen en transparant

te fersterkjen. By de seleksje fan de nije

fertelt wat wol as net mooglik is.

boargemaster wurdt sjoen nei de mjitte wêryn’t de kandidaat past by de kultuer en identiteit fan Dantumadiel.

De boargemaster mei best in miening hawwe en is net bang om dy út te sprekken. Hy as sy hat affiniteit mei it Noarden en begrypt de Fryske kultuer en wearden. Ynwenners fine it wichtich dat de boargemaster de Fryske taal machtich is of ree is om dizze te learen en aktyf te brûken. De boargemaster is earlik en direkt. Der net om hinne helje, mar transparante en dúdlike kommunikaasje. Hy as sy is tagonklik en sichtber, immen dy’t net allinnich bestjoert, mar echt oanwêzich is. WAT WURDEARJE ÚS YNWENNERS YN IN BOARGEMASTER? Ynwenners wolle in boargemaster dy’t harket én de wierheid sprekt. Hy as sy jout earlike antwurden, ek as dy lestich binne. De borgemaster tinkt mei mei ynwenners en ûndernimmers, toant inisjatyf en siket gearwurking.

Us ynwenners hawwe oanjûn dat it wichtich is

ferbynt en tagonklik is foar elkenien. Tagelyk

dat de nije boargemaster goed oanslút by de

sjogge hja graach in stevige bestjoerder dy’t

gemeente en har minsken. Ut in rieplachtsjen fan

knopen doart troch te hakjen, beslútfeardich is

it publyk, wêryn’t de bewenners harren miening

en him as har net meislepe lit troch polityk as

jûn hawwe oer de winske eigenskippen en

burokrasy.

feardichheden, binne weadefolle ynsichten op it

Hy as sy is aktyf op sojale media mar behâldt in profesjonele ôfstân Ynwenners wolle in boargemaster dy’t yn ‘e regio tinkt en docht fanút in sterk Dantumadiel. De boargemaster stelt altiten it belang fan ús gemeente foarop.

aljemint kommen.

Dêrnjonken hechtsje de ynwenners in protte wearde oan transparânsje en betrouberens.

Us ynwenners jouwe dúdlik oan dat hja

De nije boargemaster moat earlik en dúdlik

hechtsje oan sichtberens en belutsenens. De

kommunisearje, omtinken hawwe foar jongerein

boargemaster moat witte wat der spilet en harkje

en de wenningmerk. En respekt toane foar de

nei de mienskip. Hja sykje in ferbiner en in sosjaal

Fryske kultuer en tradysjes.

persoan dy’t doarpen en minsken mei elkoar

BY EINTSJEBESLÚT De boargemaster fan Dantumadiel ferfult in alsidige rol en moat dêrom foldwaan oan sawol wetlike as gemeentlike easken. Njonken bestjoerlike kwaliteiten en sterke persoanlikheidseigenskippen binne der in pear formele betingsten wêroan’t de kandidaat foldwaan moat. Ien fan de belangrykste easken is dat de boargemaster him as har binnen in reedlike termyn yn Dantumadiel fêstigt. Dit is essinsjeel om folslein diel út te meitsjen fan de mienskip en de gemeente net allinnich te bestjoeren, mar ek te belibjen. Troch fysyk oanwêzich te wêzen yn ‘e doarpen en belutsen te wêzen by de lokale aktiviteiten, kin de boargemaster optimaal funksjonearje as earste boarger fan Dantumadiel. De boargemaster moat de yntinsje hawwe om him as har foar op syn minst ien bestjoersperioade (6 jier) oan de gemeente te binen. Om koart te kriemen, de ideale boargemaster fan Dantumadiel is net allinnich in betûft en tûk bestjoerder, mar ek in belutsstimulearje, krêftdiedich/beslútfeardich, ynspirearje en lieddeen ynwenner, in ferbiner en in betrouber lieder dy’t de noarmen en wearden fan de mienskip respektearret en útdraacht.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=gemeentedantumadiel&id=b28975dc-3095-449b-8bba-0b45555061a5