Oanbiedingsbrief rekkenkeamer undersyk dantumadiel as wurkjouwer
Tekst van het document
Gemeenteried Dantumadiel Hynsteblom 4 9104 BR Damwâld
Underwerp: oanbiede earste ûndersyk rekkenkeamer kommisje. Gemeente Dantumadiel as wurkjouwer, in nul mjitting
Achte gemeenteried fan de gemeente dantumadiel, Foar jo leit it earste ûndersykk fan jo nije rekkenkeamer nei it ûntflechtsjen. We binne bliid en grutsk dat we nei in jier dat rjochte wie op "út de startblokken komme" jo ús earste ûndersyk oanbiede kinne. Nei in wiidweidige konsultaasje rûne mei ferskate aktoaren binnen de gemeente, werûnder jo presidium, hat jo rekkenkeamer ferline jier besletten in nul mjitting hâlde te wollen nei it wurkjouwersskip fan de gemeente. De ambitys oangeande de gemeente oangeande dit tema lige der nammentlik net om. Dêrom woenen wy dit graach ûnder de loep nimme sadat wy ek oer in pear jier dit ûnderwerp wer by de kop hawwe kinne om fierder te bouwen op dit ûndersyk. Foar it útfieren fan dit ûndersyk hawwe wy it ûndersyksynstitút fan de Thorbecke Akademy ree fûn. In gouden fûnst die bliken, omdat de rekkenkeamer yn har opstartperioade noch wat krapper by kas siet. Wy wolle de ûndersikers tige tank sizze foar de noflike gearwurking. Resultaten It útfierde ûndersyk hat wichtige mar benammen ek in soad positive resultaten. Meiwurkers fan de gemeente Dantumadiel binne bliid mei harren kar foar dizze organisaasje. De taseine koarte linen binne der en wurkje noflik, sawol nei bûten as nei de top fan de organisaasje. Meiwurkers binne motivearre en fine it noflik om relatyf tichtby ynwenners harren wurk dwaan te kinnen.
Wy befelje jo dan ek seker oan om wiidweidich de tiid te nimmen om te klikken en lêzen yn de ynteraktive faktsheet tusken side 5 en 6. Yn ferhâlding ta oare enkêteresultaten binne meiwurkers it meast kritysk op de bestjoerskrêft fan de gemeente. De rekkenkeamer stribbet dernei om oer in pear jier nochris jo in ûndersyk oanbiede te kinnen om trends en ûntjouwingen tsjutte(duiden) te kinnen. It bliuwt nammentlik bysûnder hoe't de gemeente tsjin alle opskallingsûntwikkeling yn lyts en tichtby bliuwt. Krekt no't der hieltyd minder betrouwen yn oerheden en ynstitânsjes is, is in oerheid dy't letterlik en figuerlik tichtby is kânsryk om lokaal dy fertrouwenskleau te kearen of in halt ta te roppen. Wy winskje jo as ried in soad wiisheid by it lêzen fan dit ûndersyk en ljochtsje it rapport yn'e mande mei de ûndersiker(s) graach ta yn in iepenbiere riedsgearkomste. Mei freonlike groetnis, Jo rekkenkeamer: Jens Brouwer, Rinze Bos en Tieneke Clevering