CConstaterende datDantumadiel
Koppel je AI →
Document · PDF

MV CDA Fragen_nepaginten_Dantumadiel

Raadsvergadering (Dantumadiel) 9 december 2025, gemeente DantumadielBij agendapunt: Vragenhalfuur299 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

MÛNLINGE FRAGEN

Registratienr.

(*In te vullen door de raadsgriffier)

Datum:

RV – 9 december 2025

Vraag/ vragen gericht aan: Onderwerp:

Boargemaster fan Dantumadiel Nepaginten yn Dantumadiel Oanlieding foar myn fragen is it berjocht dat der yn De Westereen minsken aktyf west hawwe dy’t harsels foardienen as plysje. Sa’n foarm fan oplichting treft benammen kwetsbere ynwenners en hat grutte ynfloed op it gefoel fan feiligens yn ús doarpen. Ik wol dêrom graach fan de boargemaster witte hoe’t de situaasje derfoar stiet en hokker stappen der nommen wurde (kinne) om ús ynwenners better te beskermjen. 1. Is de boargemaster op ’e hichte fan de resinte meldingen yn De Westereen dêr’t minsken benadere binne troch persoanen dy’t harsels foardienen as plysjes? Wat is dêr krekt oer by jo bekend, en binne der mear sinjalen ûntfongen binnen ús gemeente? 2. Hoe sjogge jo nei dizze foarm fan lege, ûnder-de-gurdling kriminaliteit, dy’t misbrûk makket fan it fertrouwen en de kwetsberens fan minsken? Sprekke wy hjir neffens jo oer in inkeld ynsidint, of is der sprake fan in bredere ûntwikkeling dy’t ús ekstra oandacht freget? 3. Hokker konkrete maatregels kin of wol de gemeente nimme om ynwenners te warskôgjen en better te beskermjen? Tinke jo oan fersterke kommunikaasje, gerjochte foarlichting of oare foarmen fan previnsje? 4. Is der op dit stuit oerlis mei de plysje, soarchynstellingen (lykas thússoarch) en oare partners oer previnsjemaatregels? Hokker maatregels binne der no al, en achtsje jo dy ôfdwaande? 5.

Binne jo ree om aktyf de dialooch oan te gean mei de plysje, soarchynstellingen en bygelyks doarpsbelangen om dizze praktyk fan nep-aginten en oplichting yn ús gemeente stevig de kop yn te drukken? En hokker folgjende stappen meie wy as rie ferwachtsje?

Naam en fractie indiener

Hilbrand Visser Riedslid CDA Dantumadiel

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=gemeentedantumadiel&id=f90252c3-d334-4543-9cb2-5d73c6bc5d07