Motie_PPN_2025_Parkeardruk_Westereen
Tekst van het document
MOASJE In te vullen door de griffie
Nr: PPN 2026-2029 | Parkeardruk MFC De Westereen
De Ried fan de gemeente Dantumadiel, yn gearkomste op 7 july 2025, Konstatearjend dat: - troch de wenbou op it eardere Froskterrein en it sudlike parkearterrein 114 parkearplakken ferdwine; - it gebiet rûnom it MFC yn De Westereen no al in soad eveneminten host en dêrtroch parkeardruk kent; - dizze ûntwikkeling de druk fierder fergrutsje sil, ek yn 'e wiken en foar besikers fan it sintrum; Fan miening dat: - goede berikberens en foldwaande parkeargelegenheid krúsjaal is foar in leefber en tagonklik sintrum; - de ried ynsjoch hawwe moat yn oplossingsrjochtingen foardat besluten nommen wurde oer fierdere ynrjochting; Fersyket it kolleezje: - in ûndersyk út te fieren nei de takomstige parkeardruk en opsjes foar kompensaasje fan de 114 ferfallende plakken; - hjirby ek rekken te hâlden mei de ynfloed fan grutte eveneminten op de needsaak foar parkearromte; - de útkomsten foar te lizzen foar 1 febrewaris 2026. En giet oer ta de oarder fan de dei. Ûndertekening Hilda Zwart, Sociaal Links Hilbrand Visser, CDA Dantumadiel Joran Jager, Gemeentebelangen Dantumadiel
Beslút Foar
Tsjin
Oannommen
Paraaf griffier
Fersmiten
{{Signer1}}
V 1.1