CConstaterende datDantumadiel
Koppel je AI →
Document · PDF

Moasje gevelbuorden GBD (ingetrokken)

Raadsvergadering (Dantumadiel) 3 maart 2026, gemeente DantumadielBij agendapunt: Moasje frjemd Gevelbuorden (ynlutsen)292 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

MOASJE Troch de griffy yn te foljen

Nr: Moasje oer in net op ’e wurklist opnommen ûnderwerp:

Fan komboerd oant gemeentehûs: It Frysk foarop! De rie fan ‘e gemeente Dantumadiel, yn gearsit op de 3de fan de foarjiersmoanne 2026 Oerwaagjende dat: •

•

• •

Undertekene yn in eardere riedsgearkomste hat oanjûn ree te wêzen om, as it nedich is, sels de gevelbuorden mei de doarpsnammen oan it gemeentehûs om te draaien sadat de Fryske beneaming sichtber nei foaren hingje soe; Underwilens dúdlik wurden nei dat ûndertekene tasein hie om sels del te kommen mei genôch ark om fergees it putsje te klearen is dat, hielendal terjochte, net tastien is om sûnder opdracht fan de gemeente wizigings oan it gemeentlik gebou oan te bringen; Dantumadiel ien fan de earste gemeenten yn Fryslân wie dy't de kombuorden yn de doarpen oanpast hat mei it Frysk foarop; Dêrmei is keazen foar sichtbere erkenning fan ús taal en identiteit; De Fryske taal in offisjeel erkende taal is en in wêzentlik ûnderdiel foarmet fan wa ’t wy binne as gemeente;

Konstatearjende dat: • •

Oan de gevel fan it gemeentehûs de Nederlânske beneaming sichtber is en de Fryske beneaming net; Dit net yn line is mei de earder makke kar om it Frysk foarop te setten;

Sprekt út dat: •

Wa ’t it Frysk foarop set by de gemeentegrins, it ek foarop sette mei by it gemeentehûs;

Fersiket it kolleezje: • •

De Fryske side fan de gevelbuorden fan it gemeentehûs foar de 1ste fan de simmermoanne sichtber oan de foarkant te pleatsen; De ried te ynformearjen sadree’t dat realisearre is;

en giet oer ta de oarder fan de dei. V 1.1

Undertekene troch: Ferry van der Ploeg Gemeentebelangen Dantumadiel

Beslút Gemeenteried Foar Tsjin

Oannommen Paraaf griffy Fersmiten

{{Signer1}}

V 1.1

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=gemeentedantumadiel&id=0d8ff359-922a-422d-b9ff-5b5a8145aa12