Moasje Ferkenning doarpshûsfunksje Damwâld GDB 09-12-2025
Tekst van het document
MOASJE
Troch de griffy yn te foljen
Nr: Nei oanlieding fan agindapunt nûmer 5 - Ferkeap De Krúswei Damwâld Underwerp: Ferkenning doarpshûsfunksje Damwâld De rie fan ‘e gemeente Dantumadiel, yn gearsit op de 9de fan de wintermoanne 2025, Konstatearje dat: • •
De Krúswei op dit stuit gjin doarpshûsfunksje mear hat, om’t de aktiviteitenkommisje harsels yn 2025 opheft hat; Ynwenners, ferienings en organisaasjes yn Damwâld wol ferlet hâlde fan romte foar moetsjen, gearkomst, kultuer en aktiviteiten;
Oerwaagjende dat: • • •
De ferkeap fan De Krúswei oanlieding jout om nij te tinken oer in takomstbestindige doarpshûsfunksje yn Damwâld; Der yn it doarp dúdlik ferlet is fan strukturele romte foar mienskipsaktiviteiten, ek al kin dat yn in oare foarm of op in oare lokaasje wêze; It fan belang is om dit tiidich en yn nau oerlis mei it doarp te dwaan, sadat oplossingen in breed draachflak krije;
Fan betinken dat: • •
De gemeente in wichtige fasilitearjende rol hat yn it stypjen fan mienskipsfoarsjennings, it winsklik is om foar it fjirde fearnsjier dúdlikheid te krijen foar in nije of fersterke doarpshûsfunksje yn Damwâld;
V 1.1
Ropt it kolleezje op: 1. Foar it tredde fearnsjier fan 2026 in ferkenning oan ’e rie foar te lizzen mei mooglike opsjes foar it realisearjen fan in nije of fersterke doarpshûsfunksje yn Damwâld; 2. Dizze ferkenning yn elts gefal út te fieren yn gearwurking mei: - Doarpsbelang Damwâld, - belutsen ferienings en gebrûkersgroepen, - maatskiplike organisaasjes, - en oare relevante lokale partijen; 3. Per opsje sichtber te meitsjen: - romtlike helberens, - finansjele konsekwinsjes, - mooglike lokaasjes of gearwurkingsfoarmen, - kânsen en risiko’s yn byld te krijen;
En giet oer ta de oarder fan de dei. Ferry van der Ploeg Gemeentebelangen Dantumadiel
Beslút Gemeenteried Foar Tsjin
Oannommen
Paraaf griffy
Fersmiten
{{Signer1}}
V 1.1