CConstaterende datDantumadiel
Koppel je AI →
Document · PDF

MûnlingeFragen_DeFrosk_FNP_Dantumadiel

Raadsvergadering (Dantumadiel) 28 januari 2025, gemeente DantumadielBij agendapunt: Vragenhalfuur200 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Mûnlinge fragen

Datum: 27-01-2025 D d Underwerp: Wenningbou plan De Frosk d 3 Acht kolleezje, 3 2 De fragen dy't foar jo lizze stel ik net omdat it moat fan myn fraksjegenoat of omdat ik neat betters te dwaan ha, nee, ik stel dizze fragen út needsaak, troch de wanhoop dy't de wenningsykjenden op 'e wenningmerk yn har greep hâldt. It wenningbouplan De Frosk is in plan mei in protte potinsje, mar it moat wol realisearre en goed ynfolle wurde. Yn in kranteartikel wie eartiids te lêzen dat de ferkeap op syn betiidst yn it 3e fearnsjier fan 2024 begjinne soe en dat yn de rin fan 2024 de ynskriuwproseduere foar boubedriuwen fan start gean soe. Dêrnei bleau it foar in protte boargers stil. Dêrom komt de fraksje fan de FNP mei de folgjende fragen: 1. Kin de portefúljehâlder de fraksje fan de FNP, de gemeenteried en ek de boarger tasizze dat dit wenningbouplan net itselde lot ûnder gean sil as bygelyks it Mounetille-terrein? 2. Wat is de stân fan saken? Knypt it earne? 3. Sa ja, wêr knypt it? Kin de gemeenteried hjir yn ek in helpende hân biede?

Jouke Jan Postma FNP Dantumadiel

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=gemeentedantumadiel&id=67461e06-45be-4086-9df6-c3d168c52716