Fragenhealoerke FNP - Holwert oan See
Tekst van het document
MUNLINGE FRAGEN FOAR IT FRAGENHEALOERKE
Datum:
10 desimber 2024
Underwerp:
Projekt Holwert oan See
Acht kolleezje, Op 27 novimber 2024 hawwe Provinsjale Steaten it beslút nommen om op te hâlden mei it projekt Holwert oan See en de jilden beskikber te hâlden foar de fjouwer ANNOgemeenten. Dêrmei is it ferhaal Holwert oan See neffens ús fraksje dan ek klear. De FNP hat hjiroer wol in tal fragen: 1. Bestiet it projekt Holwert oan See noch foar it kolleezje fan Dantumadiel? 2. Op 11 desimber, moarn dus, is der in oerlis mei de ANNO-partners, de stifting Holwert oan See, de Provinsje en it Ryk. Fynt ús kolleezje ek dat de stifting gjin posysje mear hat binnen dat oerlis sjoen it unanime beslút om op te hâlden mei Holwert oan See yn de stjoergroep fan 12 juny 2024, mei ek de ynstimming fan de stifting? 3. De Provinsjale Steaten hat koartlyn it beslút nommen dat de stifting Holwert oan See gjin preferinte posysje mear hat by in mooglik ferfolch. Stipet ús kolleezje dy koers? 4. Hat it kolleezje al ideeën wat ús gemeente eventueel mei de jilden út de regiodeal dwaan sil? Sa ja, wat foar ideeën binne dat dan? Sa net, werom net?
Ferry van der Ploeg FNP Dantumadiel