advys ac def
Tekst van het document
Beste Ried, Yn de lêste sitting fan de auditkommisje binne de finansjele dokuminten besprutsen, wêrûnder de jierrekken, turap, meicirculaire en perspektyfnota. Wy koene dizze dokuminten yn detail beprate mei de eksterne accountant, wethâlder en organisaasje. Op grûn fan de taljochting en beäntwurde fragen binne wy posityf oer de foarstellen fan de ried oangeande de finansjele dokuminten. Wy hawwe ek yn detail besprutsen de voorziening oangeande arbitrage. Dit soarget derfoar dat de rechtmatigheidsbevindingen net binnen de troch de gemeenteried steld limyt fan 1% fan de totale kosten bliuwe. Wy binne ynformearre oer hoe't de berekkening makke is. Wy kinne it hjirmei iens wêze. Ek ut de miening fan de accountant docht bliken dat der in realistyske berekkening makke is, wy binne it dêr ek mei iens. Dat feroaret fansels neat oan it feit dat der noch in ûnwissichheidsfaktor bliuwt. Wy kin Konkludearje dat wy posityf binne oer de foarnommen riedsbeslissingen oangeande de finansjele dokuminten. Ek wolle wy de ried advisearje oer rapportaazje grutte projekten : Us advys is om foar it earste jier te begjinnen mei in proef wêryn trije grutte projekten oanhâlde wurden. Dit oantal kin yn 'e takomst tanimme. Wy wolle jo freegje om dit earst op trije te hâlden, om't dit in proef is en wy fine it net winsklik om de organisaasje ûnnedich te belêsten.
Os trije grutte projekten sjuche wy: Omgevingswet, MFC Feanwalden en WMO achterstanden. Ek wolle wy de ried advisearje om doelen en tuskendoelen op te nimmen yn in riedsbeslút. Sa kin de ried better yn de gaten hâlde oft de doelen helle wurde en kin de organisaasje dêr better oer rapportearje. it is ek wichtich om sosjale en finansjele risiko's foarôf te identifisearjen. As kommisje sjogge wy mearwearde yn it hawwen fan ynsjoch yn de risiko's by grutte projekten. Dus net allinich rapportearje op doelen, ek op risiko’s.
Johannes Postma Foarsitter Auditkommisje 09 july 2024