advys ac
Tekst van het document
Advys fan de Auditkommisje oan de Gemeenteried fan Dantumadiel Oangeande: Jierrekkenskip 2024, Earste Turap 2025 en takomstgerichte finansjele stjoering Achte ried, De auditkommisje hat de jierrekkenskip 2024, de earste Turap 2025 en de technyske besprekking fan de Perspektyfnota ûnder de loep nommen. Op grûn dêrfan jout de kommisje de volgende konklúzjes en advys oan de ried.
1. Posityf oardiel oer finansjele stân fan saken De auditkommisje is posityf oer de finansjele posysje fan de gemeente. It boekjier 2024 is ôfsluten mei in resultaat fan €4 miljoen posityf, en de reserveposysje is robúst. Ek wurdt foldien oan it advys fan ferline jier om in minimale weerstandsvermogen fan €10 miljoen oan te hâlden. Kan ekening by een posi ef resultaat fan €4 miljoen posityf is wol, ha wij olles wol dien wot we graach woen dwaan of bliuwt der jild lissen? 2. Fokus hâlde op lange termyn De finansjele útgongspunten binne op koarte termyn posityf, mar de kommisje beklammet it belang fan in takomstgerichte blik. Advys: De gemeente moat fêsthâlde oan it lange termyn nken. De doorkyk nei 2028 en fierder moat struktureel ûnderdiel wêze fan de Perspektyfnota, wêrby’t ek rekkening holden wurdt mei risiko’s en ynvestearringsromte. 3. Organisaasjekrê : minsken fan bûten ynbêdzje De kommisje sjocht dat der in pro e minsken fan bûten de gemeente ynset wurde. Der sit in pro e risiko’s yn dizze ûntwikkeling. Advys: Wurk troch oan it opbouwen fan strukturele organisaasjekrê , troch ek op lange termyn goede minsken oan te lûken en fêst te hâlden. 4. Gru e projekten bliuwend monitoarje fia Turap Projekten lykas MFC Feanwâlden freegje om strukturele oandacht fan de ried. Advys: Hâld fêst oan de ôfsprutsen monitoaring fan gru e projekten yn de Turap.
By nije riedsfoarstellen moat dúdlik wêze o in projekt dêrûnder falt. 5. NIS2 en digitale feiligens iepen besprekje De wrâld wurdt komplekser, ek op it mêd fan digitale feiligens en tafersjoch op ferbûne par jen. Advys: De kommisje stelt foar dat ûnderwerpen lykas NIS2, cyberfeiligens en goed bestjoer (governance) op in iepen wize besprekt wurde yn it presidium. Sa kin de ried har posysje en rol be er ynfolje.
Ta beslút De auditkommisje is posityf oer it wurk fan it kolleezje en de finansjele stjoering yn it foarbije jier. Wol wurdt oanjûn dat trochgeande oandacht foar takomstbes ndigens, digitale feiligens en organisaasjestabiliteit needsaaklik is foar in sûne ûntwikkeling fan ús gemeente. Us komplimenten oan sawol it kolleezje as de amb lilijke organisaasje. De foarstellen die ot fannejûn aggendeert binne kenne wot us oangjit akkordeare wurre.
Johannes Postma