5. 250424 Publieksversie Energievisie_FRIES
Tekst van het document
Enerzjyfisy Fryslân
Yn Fryslân wurkje wy gear oan in skjin, takomstbestindich en rjochtfeardich enerzjysysteem, foar en troch de mienskip.
Fryslân wekt yn 2050 likefolle duorsume enerzjy op as der brûkt wurdt.
2050
Enerzjyfisy Fryslân
Mei-inoar op wei nei it enerzjysysteem fan de takomst
Wat is in enerzjysysteem?
De Fryske Enerzjyfisy beskriuwt de stapsgewize oanpak om in duorsum enerzjysysteem te berikken yn 2050. Dêrfoar meitsje wy al foar 2030 karren. We meitsje fan 2050 ôf gjin gebrûk mear fan fossile brânstoffen, lykas ierdgas en stienkoal, mar allinnich noch fan skjinne enerzjy. Bygelyks enerzjy ôfkomstich fan wynmûnen, sinnepanielen, biogas en waarmte. Dat is nedich, omdat wy bydrage wolle oan it ferminderjen fan it klimaatprobleem. Ek wolle wy in wolfarrende maatskippij behâlde dêr ‘t romte is foar bedriuwen, lânbou, mobiliteit en wêr ’t wy libje kinne yn in noflike omjouwing. Dit is in útdaging, omdat it elektrisiteitsnet yn hiel Nederlân fol sit, de saneamde netkonsty. Dêrby wolle wy dat de enerzjyproduksje safolle as mooglik yn hannen is fan de mienskip, sadat wy ús enerzjyfoarsjenning sels regelje kinne en de foardielen dêrfan binnen Fryslân hâlde. Wy bliuwe ferbûn mei it Nederlânske en Europeeske enerzjysysteem yn gefal fan krapte.
It enerzjysysteem soarget foar de ferbining tusken ús fraach en it oanbod fan enerzjy. Dêrfoar hawwe wy produksje, opslach, omsetting en transport fan enerzjy nedich. Ferskate duorsume enerzjyfoarmen binne nedich, lykas griene elektrisiteit, waarmte, gassen en brânstoffen foar ferfier. Us hjoeddeiske systeem is dêr noch net goed op ynrjochte. Mear útwreiding is nedich, lykas mear kabels, liedingen en buizen en elektrisiteitshúskes en - stasjons. Dêrneist makket it ferminderjen fan de enerzjyfraach en in rjochtfeardige ferdieling fan de beskikbere enerzjy ûnderdiel út fan it takomstich enerzjysysteem.
AMBYSJE Oan de Fryske Enerzjytafel wurkje wy mei-inoar oan in skjin, rjochtfeardich en betrouber enerzjysysteem. It eindoel foar 2050 is om de enerzjy dy ‘t wy brûke yn Fryslân ek duorsum te produsearjen. En dêrfoar noch better gebrûk te meitsjen fan de lokale en duorsume enerzjyboarnen. Sa kinne we yn Fryslân better stjoere op fossylfrij wurde, de netkongestie ferminderje en hâlde we de lusten, lêsten en de sizzenskip byinoar. Dizze útdaging is grut en wurdt beskreaun yn Box 1.0 op side 8 fan de Enerzjyfisy.
Enerzjyfisy Fryslân
Leidende prinsipes Foar it bouwen fan in nij enerzjysysteem sille wy kieze. Dy binne nedich, omdat romte, duorsume enerzjy, minskkrêft en materialen krap binne. Oan de Fryske Enerzjytafel binne wy kommen ta fiif prinsipes dy ‘t wy allegear tige wichtich fine. Dy binne opnaam yn de Enerzjyfisy.
De prinsipes binne te finen op side 8 fan de Enerzjyfisy
Neffens dizze prinsipes wol de Fryske Enerzjytafel de ynrjochting fan it enerzjysysteem fan de takomst foarmjaan.
€
€
FRYSLÂN STIMULEARRET ENERZJY FOAR EN TROCH DE MIENSKIP
Fryslân set maksimaal yn op enerzjybesparring. De beskikberheid fan enerzjy is net altyd fanselssprekkend.
Alle duorsume boarnen binne nedich. Njonken lytsskalige produksje fan enerzjy, is ek grutskalige produksje nedich.
Fryslân past opwek en opslach fan duorsume enerzjy sa goed mooglik yn, yn it lânskip en yn it enerzjysysteem.
Fryslân fersterket de fleksibiliteit fan it enerzjysysteem.
Enerzjyfisy Fryslân
Enerzjy-estafette Wy sjogge de enerzjytransysje as in estafette wêrby ‘t wy troch gearwurking, yn ferskate rondes fan 4 jier, úteinlik mei sukses de einstreek yn 2050 berikke wolle. Dêr bondelje wy mei oerheden, maatskiplike partners, boargers, bedriuwen en netbehearders ús krêften yn.
4. Boargen: ôfwage, karren meitsje en plannen meitsje
3. Untwerpen rjochting per regio: ûntwikkelpaden
2. Takomstbyld en rjochting jaan foar hiel Fryslân: enerzjyfisy
5. Utfiere en monitoarje
Cyklisch proses De Enerzjyfisy makket diel út fan in syklysk proses. Dy bestiet út 5 stappen. De Fryske Enerzjytafel evaluearret dizze fyzje elke fjouwer jier en stelt sa nedich by.
Sjoch haadstik 4.1 fan de Enerzjyfisy.
‘GEARE GAAN WY FOAR DE FRYSKE ENERGYTRANSJTIE!‘ 1. Ynsicht krije: Kennisdokumint