3. 250424 Concept-Energievisie Fries
Tekst van het document
TEA
Termyske enerzjy (waarmte) út ôffalwetter.
TEO
Termyske enerzjy (waarmte) út oerflaktewetter.
TWh
Terawattoere, ienheid foar elektryske enerzjy. It jierliks elekritisiteitsferbrûk yn Nederlân hinget om de 120 TWh hinne.
WEQ
Wenningekwivalint. Ienheid fan waarmtefraach brûkt yn it ûntwerpen fan waarmtenetten.
WKK
Waarmtekrêftkeppeling: produsearret sawol elektrisiteit (krêft) as waarmte út ien brânstof (bygelyks ierdgas of biogas). Hjir komt ek CO2 by frij.
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
61
TAHEAKKE 4: KENNISDOCUMINT Dizze taheakke is digitaal beskikber op de website fan de Fryske Enerzjytafel. In fysyk eksimplaar kinne jo opfreegje by it emailadres fan de Fryske Enerzjytafel: fet@leeuwarden.nl.
62
TAHEAKKE 5: FOARBYLDEN FAN AKSJES YN DE UTFIERINGSAGINDA De boarging en útfiering fan de Enerzjyfyzje wurdt neier konkreatisearre yn in mienskiplike útfieringsaginda, dy’t yn 2024-2025 opsteld wurdt troch de organisaasjes fan de Fryske Enerzjytafel. Dat is in aktualisaasje fan it notiidske FET-útfieringsprogramma. In inisjeel (net folslein) oersjoch fan foarbylden fan aksjes foar elts liedend prinsipe dy’t opnaam wurde kinne yn de útfieringsaginda, stiet yn dizze taheakke V. Ek fine jo dit oersjoch op de website fan de FET: https://frieseenergietafel.nl/files/20240412-overzicht-pilot--en-voorbeeldprojecten. pdf. Fryslân stimulearret enerzjy foar en troch de mienskip. • Op 1 jannewaris 2024 is it Frysk Enerzjyhûs úteinset, dat dit jier neier ynrjochte wurdt. It Enerzjyhûs stimulearret inisjativen en kennisdieling yn lokale mienskippen. De dielnimmers fan de FET rjochtsje yn 2024 it Frysk Enerzjyhûs fierder yn. • De dielnimmers fan de FET wurkje yn 2024 in mienskiplike Fryske definysje út foar lokale enerzjymienskippen. • De dielnimmers fan de FET ferkenne mei-inoar hoe’t belied it oparbeidzjen binnen enerzjymienskippen stimulearje en behinderings fuortnimme kin (û.o. finansiering of juridyske (ûn)mooglikheden). • De dielnimmers fan de FET ferkenne mei-inoar hoe’t lokale waarmtemienskippen in sukses wurde kinne.
• Yn Fryslân wurde yn 2024 op syn minst twa enerzjymienskippen oprjochte. Fryslân set maksimaal yn op enerzjybesparring. De beskikberens fan enerzjy is net altiten fanselssprekkend. • De dielnimmers fan de FET ferkenne in mienskiplik besparringsdoel. • De dielnimmers fan de FET stelle in mienskiplik plan fan oanpak enerzjybesparring op mei dêryn besteande en nije programma’s, projekten en aktiviteiten. Dat plan wurdt opnaam yn de útfieringsaginda dy’t nei oanlieding fan dizze Enerzjyfyzje opsteld wurdt. • De dielnimmers fan de FET ferkenne mei it bedriuwslibben hoe’t bedriuwen besparje kinne, hoe’t se safolle mooglik harren eigen enerzjy produsearje kinne en hoe’t sy sa goed mooglik bydrage kinne oan in balansearre en fleksibel enerzjysysteem. • De dielnimmers fan de FET ferkenne hoe’t sy mei belied of ynset enerzjyneutrale bedriuwen stimulearje kinne.
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
63
Alle duorsume boarnen binne nedich. Neist lytsskalige produksje fan enerzjy is ek grutskalige produksje nedich. De Fryske gemeenten stelle waarmteprogramma’s op (earder: Transysjefyzje Waarmte). • De provinsje en gemeenten ûndersykje de mooglikheid fan it pleatsen fan guon gruttere fergêsters yn Fryslân. De lokaasjekarren dêrta wurde ôfwoegen yn de Omjouwingsfyzje Fryslân. • De provinsje nimt yn 2025 yn it pMIEK 2.0 in ûndersyksprojekt op oer de ombou fan de enerzjysintrale yn Burgum yn in wetterstofsintrale. • De dielnimmers fan de FET hâlde sicht op mooglik ynnovative techniken dy’t bydrage kinne oan it Fryske enerzjysysteem. Ynnovaasje wurdt in pylder ûnder de mienskiplike útfieringsaginda. Fryslân past produksje en opslach fan duorsume enerzjy sa goed mooglik yn, yn it lânskip en yn it enerzjysysteem. • De provinsje ûndersiket yn 2025 fia de Omjouwingsfyzje Fryslân wêr’t grutskalige opwek en opslach fan duorsume elektrisiteit klustere wurde kin. De Enerzjyfyzje (mei de ûnderlizzende prinsipes) is dêrta in wichtige boustien. • De provinsje en de F4-gemeenten ferkenne yn 2024-2025 de mooglikheden foar it deunby bringen fan enerzjyoanbod by enerzjyfraach op basis fan it ûndersyk Haalbaarheid en aanvaardbaarheid van Energiehubs in Fryslân troch FREON en de provinsje. Nei oanlieding dêrfan wurdt ek in (tal) ûndersyksprojekt(en) yn it pMIEK 2.0 en/of 3.0 opnaam.
Fryslân fersterket de fleksibiliteit fan it enerzjysysteem. • De dielnimmers fan de FET stelle in opslachstrategy op as boustien foar de Omjouwingsfyzje Fryslân. • De provinsje en de F4-gemeenten ferkenne yn 2024 de mooglikheden foar it deunby bringen fan enerzjyoanbod by enerzjyfraach op basis fan it ûndersyk Haalbaarheid en aanvaardbaarheid van Energiehubs in Fryslân troch FREON en de provinsje. Nei oanlieding dêrfan wurdt ek in (tal) ûndersyksprojekt(en) yn it pMIEK 2.0 en/of 3.0 opnaam.
64
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
65