3. 250424 Concept-Energievisie Fries
Tekst van het document
KONSEPT
FRYSKE ENERZJYFISY
22 APRIL 2024
22 april 2024
2
FOAROPWURD Foar jo leit de earste Enerzjyfyzje Fryslân fan de Fryske Enerzjytafel. De Fryske oerheden, alve (Fryske) maatskiplike organisaasjes, feriene yn de Fryske Enerzjy Alliânsje, én de netbehearders ha der hurd oan wurke en presintearje hjiryn in mienskiplik byld fan it enerzjysysteem fan de takomst. De Fryske Enerzjyfyzje beskriuwt hoe’t we tawurkje nei in skjin, takomstbestindich en rjochtfeardich enerzjysysteem yn 2050.
Rjochting jaan oan in grutte opjefte We ha dizze fyzje nedich, om’t we yn Fryslân en yn Nederlân foar in grutte opjefte stean. We wolle maatregels nimme en in bydrage leverje om fierdere opwaarming fan de ierde tsjin te gean en de neidielige gefolgen lykas langere perioaden fan drûchte, oerstreamings en fûle rein foar te kommen. Boppedat sjogge we dat it hjoeddeiske enerzjysysteem tsjin syn grinzen oanrint. De oergong fan fossile brânstoffen nei duorsume boarnen freget om in fleksibeler enerzjysysteem, wêryn’t lokale enerzjyprodukten en -opslach better ynpast wurde kinne. Neat dwaan is gjin opsje. Wannear’t we gjin rjochting oanjouwe foar de takomst, nimt it probleem fan netkongestje ta en wurdt de leefberens fan ús provinsje oantaaste. Yn de fyzje binne fiif liedende prinsipes opnaam foar it takomstige enerzjysysteem fan Fryslân: 1. Fryslân stimulearret enerzjy foar en troch de mienskip; 2. Fryslân set maksimaal yn op enerzjybesparring; 3. Alle boarnen binne nedich, neist lytsskalige is ek grutskalige produksje nedich; 4. Fryslân past de enerzjy-ynfrastruktuer goed yn, yn it lânskip en yn it enerzjysysteem; 5. Fryslân fersterket de fleksibiliteit fan it enerzjysysteem.
Boustien foar de Provinsjale Omjouwingsfyzje De enerzjytransysje stiet net op himsels, mar beynfloedet en wurdt beynfloede troch oare grutte opjeften lykas wenningbou, mobiliteit, lânbou, wetter en natoer. Wy fine de werkenberens en de kwaliteit fan it Fryske lânskip wichtich. It enerzjysysteem moat dêr sa goed mooglik yn ynpast wurde. We wolle mei nije yngrepen ek safolle mooglik nije kwaliteit(en) tafoegje oan it lânskip. Omreden fan dy gearhing en de romte dy’t de ûnderskate opjeften freegje, fungearret dizze Enerzjyfyzje Fryslân ek as boustien foar de Provinsjale en Gemeentlike Omjouwingsfyzjes.
Oparbeidzje yn de útfiering Mei allinne in fyzje wurde de útgongspunten net realisearre. In skets/stip op de hoarizon helpt om ynsichtlik te krijen hokker karren oft we yn Fryslân meitsje moatte en kinne, en wannear. Understasjons of enerzjyhubs ha in lange trochrintiid. Dat betsjut dat we no al karren meitsje/ tariede sille dêr’t we it risseltaat pas yn 2040 fan sjen sille.
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
3
As ferfolch op de fyzje sille we in mienskiplike útfieringsaginda meitsje. Dêr wurdt yn fêstlein wat nedich is om it enerzjysysteem fan de takomst te bouwen en hokker partij oft dêrfoar oan de latte stiet. It giet dêrby bygelyks om aksjes en taken op it mêd fan enerzjybesparring, waarmtetransysje, opwek fan duorsume enerzjy, partisipaasje en realisaasje fan de enerzjy-ynfrastruktuer. In heldere taakferdieling helpt by it setten fan de needsaaklike stappen. Troch oparbeidzjen gean we de útdagings oan dy’t foar ús lizze en pakke we de kânsen dy’t dy biede. We wolle ynvestearje yn ynnovative technologyen, it befoarderjen fan enerzjyeffisjinsje en it stimulearjen fan wernijbere enerzjyprojekten. Tagelyk tinke we der oanienwei om dat dizze transysje ynklusyf is, wêrby’t nimmen benefterbliuwt. Ek yn de útfiering wolle we oplûke mei de Fryske Enerzjy Alliânsje, de ûndernimmers en enerzjykoöperaasjes. It stimulearjen fan lokaal eigendom en in earlik ferpartsjen fan lusten en lêsten binne foar ús wichtige aspekten by it realisearjen fan it takomstige enerzjysysteem fan Fryslân. It realisearjen fan dizze enerzjyfyzje sil net sûnder tûkelteammen ferrinne, mar mei wisberettens, fearkrêft en in mienskiplike ynspanning binne we derfan oertsjûge dat we ús doelen berikke sille. Litte yn ’e mande bouwe oan in Fryslân dat net allinne wolfarrend is, mar ek duorsum en fearkrêftich.
Us takomst hinget derfanôf.
Sijbe Knol, kofoarsitter Fryske Enerzjytafel Evert Stellingwerf, kofoarsitter Fryske Enerzjytafel
4
GEARFETTING Oanlieding Dizze Enerzjyfyzje Fryslân is opsteld yn it ramt fan it Yntegraal Programmearjen, in oanpak dy’t lanlik yn gong set is. Alle Provinsjes binne frege om regisseur te wêzen fan dy oanpak om it enerzjysysteem fan de takomst te ûntwerpen én dat stapsgewiis te realisearjen. Frege is om oan te sluten by it Nasjonaal Plan Enerzjysysteem (NPE), dat begjin dit jier útkaam is. It NPE jout romte foar desintrale karren, dy’t rjocht dogge oan de eigen rol fan provinsjes, gemeenten en wetterskippen. Yn 2013 binne we mei it Yntegraal Programmearjen yn Fryslân úteinset. Dizze oanpak ha we mei de Fryske Enerzjytafel organisearre, dêr’t alle Fryske oerheden, de netbehearders en de Fryske Enerzjy Alliânsje oan meidogge.
Wat is de Enerzjyfyzje? De Fryske Enerzjyfyzje beskriuwt hoe’t we tawurkje nei in skjin, takomstbestindich en rjochtfeardich enerzjysysteem yn 2030-2050. Yn de fyzje binne de mienskiplike ambysje, de liedende prinsipes en it beëage takomstbyld opnaam, en is beskreaun hoe’t we dy fyzje mei-inoar ta útfiering bringe sille. Status Enerzjyfyzje De fyzje is in agindearjende fyzje, dat wol sizze dat, nei de ferwurking fan de winsken en oerwagings, en nei fêststellen troch DS, de dielnimmende partijen fan de FET de fyzje benutte foar beliedsprodukten fan harren eigen organisaasje, mar ek yn dy fan de FET (lykas de Regionale Enerzjy Strategy) en in útfieringsaginda fan de FET. Learend op paad De fyzje is gjin blaudruk. It idee is dat we mei dizze fyzje learend op paad gean en hieltiten wer nije ynsjoggen en kennis meinimme foar de folgjende Enerzjyfyzjes. Alle fjouwer jierren evaluearret de FET de fyzje en stelt dy as it nedich of winsklik is, by. Om it jier meitsje we in mearjierreprogramma (it pMIEK), dat liedend is foar de folchoarder fan ynvestearrings yn it enerzjysysteem. Mienskiplike ambysje De mienskiplike ambysje is dat we foar 2050 hielendal oerstapt binne op skjinne enerzjy en net mear ôfhinklik binne fan fossile brânstoffen. En dat we in goed wurkjend systeem ha, sûnder netkongestje.
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
5
De fiif prinsipes dy’t liedend binne foar de bou fan it enerzjysysteem fan de takomst yn Fryslân, binne: • Fryslân stimulearret enerzjy foar en troch de mienskip; • Fryslân set maksimaal yn op enerzjybesparring; • Alle boarnen binne nedich, neist lytsskalige is ek grutskalige produksje nedich; • Fryslân past de enerzjy-ynfrastruktuer goed yn, yn it lânskip likegoed as yn it enerzjysysteem; • Fryslân fersterket de fleksibiliteit fan it enerzjysysteem.
Boarging en útfiering De boarging en útfiering fan de Enerzjyfyzje wurket de Fryske Enerzjytafel út yn de Utfieringsaginda nei 2025, in aktualisaasje fan de notiidske útfieringsaginda. De útwurking befettet foarstellen foar it opstellen fan nij belied of it wersjen fan besteand belied, mar ek it útfieren fan projekten of aksjes dy’t troch ûnderskate dielnimmers fan de FET oppakt wurde sille. De romtlike konsekwinsjes wurde, nei yntegraal ôfwagen, boarge yn romtlike plannen lykas de omjouwingsfyzjes en omjouwingsplannen. Provinsjale Steaten wurkje yn 2025 oan de Provinsjale Omjouwingsfyzje, dêr’t neffens beslút fan DS yn desimber 2024, de Enerzjyfyzje as boustien yn meinaam wurdt. De konsekwinsjes foar de ynrjochting fan it nije enerzjysysteem wurkje troch yn de prioritearring fan grutte ynfrastruktuerprojekten. Dy prioritearring sil mei de opstelling fan it Provinsjaal Mearjierreprogramma Ynfrastruktuer en Klimaat (pMIEK 2.0) makke wurde, dat yn 2025 fêststeld wurdt.
6
YNHÂLDSOPJEFTE 1. Ynlieding en kontekst
8
1.1 Klimaatdoelen, netkongestje en enerzjyfyzje
8
1.2 Lêswizer
11
2. Mienskiplike ambysje en liedende prinsipes
12
2.1 Mienskiplike ambysje
12
2.2 Liedende prinsipes
16
3. Takomstbyld en ymplikaasje op ‘e romte
30
3.1 It Fryske enerzjysysteem yn 2050
31
3.2 Ymplikaasje op ‘e romte
34
4. Boarging en útfiering
36
4.1 Enerzjyfyzje en pMIEK 2.0
37
4.2 Romtlike oardering
39
4.3 Trochwurking yn oare, ek sektorale, beliedsplannen
40
4.4 Utfieringsaginda Enerzjyfyzje
41
Taheakken 1. Ûntwikkelpaden
42 43
1.1 Metodyk ûntwikkelpaden
44
1.2 Gemeente Noardeast-Fryslân
45
1.3 Regio Harns-Waadhoeke
48
1.4 Gemeente Ljouwert
52
2. Fryske enerzjy-ynisjatieven
55
3. Begrippen en ôfkoartingen
56
4. Kennisdokumint
62
5. Foarbylden fan aksjes yn de Útfieringsagenda
63
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
7
1. YNLIEDING EN KONTEKST 1.1
Klimaatdoelen, netkongestje en enerzjyfyzje
Fryslân wurket ta nei in robúst en takomstbestindich enerzjysysteem. De transysje nei in duorsume enerzjyfoarsjenning is yn folle gong. Bedriuwen, wente-eigners en ferfierders redusearje harren fossyl brânstofgebrûk troch te besparjen of troch oer te stappen op duorsume waarmte of oare duorsume boarnen. Om klimaatferoaring tsjin te gean hat Fryslân yn 2019 it Klimaatakkoart ûndertekene (klimaatdoelen: yn 2030 55% minder broeikasgassen neffens 1990 en yn 2050 95% minder) en yn de Omjouwingsfyzje Fryslân fêstlein om fossylfrij te wêzen yn 2050. Op koartere termyn draacht Fryslân by oan dy doelstellings mei, ûnder oaren, de útfiering fan de Regionale Enerzjytransysje (RES) oant 2030. Oant 2050 bliuwt in grutte opjefte oer om it notiidske enerzjysysteem te transformearjen nei in takomstbestindich en fossylfrij enerzjysysteem, om de útstjit fan CO2, ôfkomstich fan it enerzjyferbrûk, oant 95% weromkrongen te hawwen yn 2050. Dizze Enerzjyfyzje jout rjochting oan dy transformaasje. Troch ta te wurkjen nei in robúst en takomstbestindich enerzjysysteem, kinne
8
we de Fryske brede wolfeart behâlde en fierder ûntwikkelje, kinne inisjativen fanút de mienskip stimulearre wurde, kinne swierrichheden oangeande netkongestje beheind wurde en kin Fryslân syn klimaatdoelen helje. In fyzje op it enerzjysysteem helpt om netkongestje tsjin te gean. De oergong nei in nij enerzjysysteem giet net sûnder slach of stjit. Binnen Fryslân wurdt in protte elektrifisearre, wat in grutte ympekt op it elektrisiteitsnet meibringt. Dat soarget foar netkongestje. Oansluting op it elektrisiteitsnet is dêrom hieltiten minder fanselssprekkend. In bykommend gefolch is dat plannen op it mêd fan bygelyks wenningbou, bedriuweterreinen en mobiliteit fêstrinne. Netkongestje soarget derfoar dat ekonomyske foarútgong yn Fryslân yn de tsjillen riden wurdt en dat foarmet de kommende jierren in bliuwend probleem (sjoch foar taljochting it Kennisdokumint, taheakke IV). Yn it Kennisdokumint stiet beskreaun dat netkongestje oant op syn minst 2050 in risiko bliuwt. It betsjut ek dat inisjativen fanút de mienskip net trochgean kinne. Om dy tûkelteammen op te lossen is útwreiding fan de enerzjy-ynfrastruktuer allinne net genôch. De ynfrastruktuer is nammentlik net ynrjochte op in duorsum enerzjysysteem dêr’t we rjochting 2050 nei ta wurkje. Dizze Enerzjyfyzje helpt om karren te meitsjen en ta te wurkjen nei in robúst en betrouber enerzjysysteem.
De Enerzjyfyzje stelt in mienskiplike ambysje en liedende prinsipes fêst foar de ynrjochting fan it takomstich enerzjysysteem. Eltse provinsje makket yn 2024 in Enerzjyfyzje. Dy slute oan by it Nasjonaal Plan Enerzjysysteem (NPE), dat troch it Ryk opsteld is, mar ha tagelyk in eigen ynfolling dy’t rjocht docht oan de eigen rol fan gemeenten en provinsjes. Yn Fryslân ha de dielnimmers fan de Fryske Enerzjytafel (provinsje, gemeenten, it Wetterskip en de maatskiplike organisaasjes binnen de Fryske Enerzjy Alliânsje) yn ’e mande dizze Fryske Enerzjyfyzje opsteld. Dizze fyzje beskriuwt de mienskiplike ambysje en jout de liedende prinsipes dy’t jilde foar de ynrjochting fan it Fryske enerzjysysteem op de langere termyn (2050). De fyzje sketst boppedat in takomstbyld dêr’t Fryslân ûnôfhinklik yn is fan fossile brânstoffen en it Fryske enerzjyferlet duorsum opwekt wurdt. Status fan de Enerzjyfyzje: de fyzje agindearret karren dy’t yn oare plannen noch makke wurde moatte. De Enerzjyfyzje is gjín blaudruk fan it takomstich enerzjysysteem, mar jout wol rjochting. De fyzje is dêrmei gjin frijbliuwend dokumint. De Fryske Enerzjyfyzje is agindearjend fan karakter; soks betsjut dat liedende prinsipes fêststeld wurde foar in Frysk takomstich enerzjysysteem en dat noch iepensteande karren en neiere útwurking agindearre wurde.
Troch de karren yntiids te meitsjen en de útwurking te agindearjen, kinne we op ’e tiid de nedige tarissings meitsje foar de útrol fan in folslein duorsum enerzjysysteem. Aksjes en karren wurde agindearre yn in mienskiplike útfieringsaginda, dy’t nei de Enerzjyfyzje opsteld wurdt troch de dielnimmende
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
9
organisaasjes oan de Fryske Enerzjytafel. De Enerzjyfyzje sil in boustien wêze foar de Provinsjale en Gemeentlike Omjouwingsfyzjes. De fyzje wurket ek troch yn oare sektorale plannen, sa’t dy op har bar trochwurkje yn de folgjende Enerzjyfyzjes. By einsluten is de Enerzjyfyzje ek de basis foar de folgjende ferzje fan it Provinsjaal Mearjierreprogramma Ynfrastruktuer en Klimaat (pMIEK), dêr’t de provinsje Fryslân prioritearring oan enerzjy-ynfrastruktuerprojekten yn jout. Sa lânje prioritearre projekten yn de ynvestearringsplannen fan de netbehearders. It pMIEK krijt om it jier in ‘update’ en ek de Enerzjyfyzje wurdt periodyk aktualisearre (sjoch haadstik 4 Boarging en útfiering). Mear dêroer wurdt taljochte yn haadstik 4 Boarging en útfiering.
10
1.2
Lêswizer
Haadstik 1 befettet in taljochting op de kontekst, funksje en status fan dizze enerzjyfyzje en befettet in lêswizer fan dit stik. Haadstik 2 beskriuwt in mienskiplike ambysje en fiif liedende prinsipes dy’t rjochtingjaand binne foar de ynrjochting fan in takomstbestindich Frysk enerzjysysteem. Dy prinsipes gean oer hoe’t we yn Fryslân omgean mei enerzjyfraach, -oanbod, -fleksibiliteit en -ynfrastruktuer. Yn guon haadstikken wurdt eftergrûnynformaasje jûn fia ‘boksen’ yn grize kaders. Haadstik 3 Dêrnei jouwe we in earste skets fan in takomstich enerzjysysteem yn Fryslân. Dêr wurde noch gjin definitive karren yn makke. Ut dat byld docht ûnder oaren bliken hoefolle romte oft yn Fryslân nedich is foar opwek fan duorsume elektrisiteit. Haadstik 4 Yn haadstik 4 wurdt beskreaun hoe’t karren út dizze fyzje agindearre wurde yn it pMIEK 2.0, it romtlik belied en de útfieringsaginda. Taheakke I sketst yn it foarste plak trije foarbyldûntwikkelpaden: in oersjoch fan systeemkarren dy’t gebietsrjochte yn it enerzjysysteem makke wurde moatte oant 2050. Taheakke II jout in oersjoch fan rinnende enerzjyinisjativen. Taheakke III jout de betsjutting fan de yn it blau markearre begripen en ôfkoartings. Taheakke IV Kennisdokumint.
Dit dokumint beskriuwt feiten en prognoazes fan enerzjyfraach en -oanbod fan de sektoaren yndustry, mobiliteit, lânbou en wenjen fan de jierren 2030, 2040 en 2050 en it effekt dêrfan op de elektrisiteitsstasjons. Boppedat jout it antwurd op ferskate fragen dy’t libje oer it Fryske enerzjysysteem fan de takomst. Fierders biedt it sicht op hokker karren oft der binne foar de ynrjochting fan it enerzjysysteem fan de takomst, oftewol de ‘knoppen’ dêr’t men oan draaie kin. Dit dokumint befettet gjin karren, it is in feitebasis dêr’t de Enerzjyfyzje op grûndearre is. Koartsein beskriuwt it Kennisdokumint: ‘Wat kin, en wat is nedich yn Fryslân?’ en de Enerzjyfyzje jout oan: ‘Wat wolle wy yn Fryslân?’ Taheakke V Foarbylden fan aksjes yn de Utfieringsaginda.
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
11
2. M IENSKIPLIKE AMBYSJE EN LIEDENDE PRINSIPES 2.1
Mienskiplike ambysje
De Fryske Enerzjytafel wurket yn mienskiplikheid oan in takomstbestindich en duorsum enerzjysysteem. De ûnderskate dielnimmers oan de Frysk Enerzjytafel ha de ôfrûne jierren duorsumensambysjes opnaam yn belied of plannen, bygelyks yn de RES 1.0, yn de Transysjefyzjes Waarmte of yn de Omjouwingsfyzje Fryslân. De dielnimmers fan de FET ha foar dizze Enerzjyfyzje in oanfoljende mienskiplike ambysje opsteld foar 2050. Dy ambysje is twaliddich en wurdt hjirûnder neier taljochte.
12
Fryslân wekt yn 2050 likefolle duorsume enerzjy op as ferbrûkt wurdt. Der leit in grutte opjefte om de Fryske enerzjyfraach duorsum te produsearjen (figuer 2.1 en Boks 2.1). Troch likefolle enerzjy op te wekken as te brûken kin Fryslân stjoering jaan oan de enerzjytransysje. Fryslân makket rjochting 2050 noch better gebrûk fan lokale en duorsume enerzjyboarnen. Fryslân kin mei dy ambysje op trije wizen stjoering jaan oan de enerzjytransysje: • Fryslân sjoert op it realisearjen fan in fossylfrij Fryslân; • Fryslân stjoert op it lytser meitsjen fan de problematyk fan netkongestje; • Fryslân stjoert op it byinoar hâlden fan lusten, lêsten en sizzenskip. Troch jierliks likefolle duorsume enerzjy op te wekken as brûkt wurdt, is Fryslân foar in wichtich part ûnôfhinklik fan enerzjy dy’t fan bûten de provinsje komt. Dêrmei hâldt Fryslân greep op de útrol en ynrjochting fan it Fryske enerzjysysteem en hâlde we ús oan de klimaatdoelstellings dy’t yn it Klimaatakkoart en yn de Omjouwingsfyzje Fryslân fêstlein binne. Fryslân is net op elts stuit (op in dei of yn in jier) enerzjyneutraal. Dêrom is en bliuwt de keppeling mei it lanlik enerzjynetwurk essinsjeel. It heechspanningsnet fan TenneT en it gasnetwurk fan de Gasuny wurde dêrop oanpast.
Boks 2.1: De Fryske opjefte Figuer 2.1 Opjefte om likefolle op te wekken as te brûken yn Fryslân oant 2050 (sjoch taljochting yn Box 2.1 ).
Fryske opjefte 2050 yn TWh 18
16,7
16 14 11,7
12
3
10
9,0
8
4,6
6
4,4
4 2 0 Huidige energievraag
Vraag in 2050 (na besparing)
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
RES 1.0
Opgave na RES 1.0
Potentie biogas en duurzame warmte
Opgave na max inzet alternatieven
13
De Fryske opjefte om likefolle enerzjy op te wekken as te brûken yn 2050 is tige grut en dat freget in protte ynset fan alle dielnimmers fan de Fryske Enerzjytafel en de mienskip. Wêrom’t alle boarnen nedich binne om dy opjefte te beheljen, stiet hjirûnder útlein en wurdt neier ûnderboud yn it Kennisdokumint (taheakke IV). Dêrfoar gean we út fan de notiidske kennis en stân fan de technyk. • Notiidske situaasje: Enerzjyfraach fan 16,7 TWh. • Besparring: Neffens de Trias Energetica is enerzjybesparring altiten de earste stap. Fanút de Systeemstúdzje Fryslân sette we yn op besparring fan 16,7 TWh oant 11,7 TWh yn 2050 (sjoch foar ûnderbouwing haadstik 2 fan it Kennisdokumint). Dat is in ûnbidige besparringsopjefte. In part fan dy besparring bart ‘automatysk’, troch de oerstap fan yneffisjinte ferbrâningsmotoaren nei effisjintere elektryske apparaten. • De RES 1.0: I RES-bod fan 3 TWh . • Duorsume waarmte: Op basis fan de Systeemstúdzje Fryslân is it mooglik om 2,5 TWh fan de Fryske enerzjyfraach te foarsjen fan duorsume waarmte (lykas akwatermy of geotermy), dat mei waarmtenetten bygelyks troch de boude omjouwing of de glêstúnbou brûkt wurdt. • Biogassen: Op basis fan in ûndersyk fan New Energy Coalition, lykas neier taljochte yn it Kennisdokumint, kin yn Fryslân sawat 2,1 TWh oan biogas opwekt wurde út dong en itensresten (praktyske potinsje).
• Fierdere opjefte: By einsluten bliuwt in fikse opjefte fan sirka 4,4 TWh oer, nei’t besparre is en ynset is op oare enerzjydragers, lykas waarmte en biogas. Neist duorsume opwek mei sinne en wyn binne der gjin oare duorsume boarnen yn Fryslân beskikber dy’t technysk folwoeksen binne. Dêrom binne sinnepanielen op dakken, sinnefjilden en wynturbines nedich om de restopjefte yn te foljen. Parallel kinne ynnovative techniken mooglik op termyn ek in part fan de Fryske opjefte ynfolje.
1. RES 1.0 Fryslân
14
Fryslân makket de oerstap fan sintraal nei kombinearre enerzjysysteem. Fanâlds hat Nederlân in sintraal enerzjysysteem mei in beheind tal koalle- en gassintrales, keppele oan lanlike netwurken. De enerzjytransysje giet mank mei al mar mear desintrale enerzjysystemen, lykas duorsume opwek fan elektrisiteit (sinne en wyn) en lokale waarmtenetten. It sintrale karakter fan it enerzjysysteem bliuwt lykwols bestean: lykas wyn op see, dat mei grutte kabels oer Nederlân ferparte wurdt, en de nasjonale wetterstofnetwurk. Fryslân wurket ta nei in kombinearre systeem fan sintrale en desintrale ûnderdielen. Sintrale eleminten, lykas it lanlike elektrisiteitsnetwurk, binne in krúsjaal ûnderdiel fan it Fryske enerzjysysteem. Desintraal produsearje wy hieltiten mear duorsume enerzjy, slute we gebouwen oan op waarmtenetten, slaan we enerzjy op en wikselje we enerzjy út. Dêrtroch wurdt it enerzjysysteem op mear plakken sichtber yn de leefomjouwing. Troch desintrale opwek tûk te keppeljen mei desintraal gebrûk kin it sintrale enerzjysysteem ûntlêstige wurde. Om it enerzjysysteem goed stal te jaan en te ûnderhâlden, passe we dy desintrale systemen goed yn yn de ynfrastruktuer fan TenneT, Gasunie, Liander en Stedin. Yn de transysje nei in takomstbestindich enerzjysysteem binne de betrouberens en betelberens foar ynwenners wichtige wearden, dêr’t altiten rekken mei holden wurde moat.
De netbehearders ha in wichtige rol te ferfoljen yn it betrouber hâlden fan de enerzjyfoarsjenning.
KONSEPT FRIESE CONCEPT FRYSKEENERGIEVISIE ENERZJYFISY
15
2.2
Liedende prinsipes
Romte, duorsume enerzjy en ynfrastruktuer binne krap. Om in takomstbestindich enerzjysysteem yn te rjochtsjen moatte dêrom karren makke wurde. Net eltse enerzjyboarne kin yn eltse sektor brûkt wurde. Fryslân bout op basis fan fiif liedende prinsipes oan in takomstbestindich enerzjysysteem. Dy prinsipes kinne rekkenje op draachflak by alle dielnimmers fan de Fryske Enerzjytafel. We wurkje de liedende prinsipes yn dizze paragraaf neier út. 1. Fryslân stimulearret enerzjy foar en troch de mienskip. 2. Fryslân set maksimaal yn op enerzjybesparring. De beskikberheid fan enerzjy is net altiten fanselssprekkend.
3. Alle duorsume boarnen binne nedich. Neist lytsskalige produksje fan enerzjy is ek grutskalige produksje nedich.
4. Fryslân past opwek en opslach fan duorsume enerzjy sa goed mooglik yn, yn it lânskip en yn it enerzjysysteem.
5. Fryslân fersterket de fleksibiliteit fan it enerzjysysteem.
1. Fryslân stimulearret enerzjy foar en troch de mienskip. Yn Fryslân bouwe boargers, oerheden en netbehearders mei-inoar oan it enerzjysysteem. It takomstich enerzjysysteem moat foar ynwenners tagonklik en betelber2 bliuwe. Lokaal eigendom3 en sizzenskip fan de omjouwing stean sintraal yn de fierdere ynrjochting fan it Fryske enerzjysysteem. Soks is yn de line fan it idee fan MienskipsEnerzjy. Duorsume enerzjy dy’t binnen Fryslân opwekt en levere wurdt, is benammen ornearre foar it ynfoljen fan de Fryske enerzjyfraach, en dan leafst sa lokaal mooglik. Om dat te organisearjen set Fryslân yn op it stimulearjen fan enerzjymienskippen (Boks 2.2). De dielnimmers fan de Fryske Enerzjytafel wurkje yn ’e mande oan in lokale definysje foar enerzjymienskippen en hoe’t dy stimulearre wurde kinne.
2. Definysje betelberens út it Nasjonaal Plan Enerzjysysteem: By betelberens giet it om draaglike prizen fan enerzjy foar brûkers en om sa leech mooglike maatskiplike kosten foar it enerzjysysteem foar de mienskip as gehiel. Enerzjy is in basisfoarsjenning en in needsaaklike betingst foar ekonomyske en maatskiplike aktiviteiten. Om dy reden moatte húshâldens en bedriuwen harren enerzjyferbrûk betelje kinne. De stabiliteit fan prizen foar enerzjyferbrûk is wichtich, yn it bysûnder foar húshâldens, maatskiplike ynstellings en lytse bedriuwen, om’t hookstrookse ferheftige priisstigings slim fersteurend wurkje kinne. 3 Definysje partisipaasje en lokaal eigendom
16
Boks 2.2 Enerzjymienskippen Sa’t yn Europeeske en nasjonale wetjouwing definiearre wurdt4, ha enerzjymienskippen as doel it kreëarjen fan ekonomyske, sosjale of miljeufoardielen binnen it wurksume gebiet, en net it meitsjen fan winst. Enerzjymienskippen – of waarmtemienskippen, as se kollektive waarmtefoarsjennings organisearje – kinne bestean út lokale bedriuwen, groepen boargers en oerheden. Troch enerzjymienskippen te stimulearjen kin Fryslân it enerzjysysteem opbouwe fanút it ferlet fan Fryske boargers en bedriuwen en kin Fryslân derop stjoere dat de ynkomsten fan enerzjyproduksje binnen de provinsje bliuwe.
We bouwe it enerzjysysteem fanút it ferlet fan Fryske boargers en bedriuwen. Oerheden ha de regy by de ynrjochting fan it enerzjysysteem, mar begjinne it leafst by inisjativen dy’t fanút de mienskip oandroegen wurde. Dy inisjativen wurde troch de Fryske oerheden beoardiele, oft se wearde tafoegje oan Fryslân. Om kongestjeproblematyk op it elektrisiteitsnet te ferminderjen, sil de kombinaasje fan enerzjyproduksje, -opslach en -konverzje safolle mooglik desintraal organisearre wurde. Soks kin yn gearspraak mei netbehearders yn enerzjymienskippen organisearre wurde. In foarbyld dêrfan is it selslevermodel fan de OVEF. It doel fan dat model is om safolle mooglik lokaal opwekte stream sels yn te keapjen, bygelyks fan dy fan Súdwest-Fryslân en it Wetterskip. Fryske oerheden stimulearje lokale inisjativen (produksje, besparring, opslach, konverzje) troch de ûndersteuning fan in soarchfâldich draachflakproses, flugge fergunningferliening en kofinansiering fan duorsume projekten. Dêrby stimulearje we yn Fryslân de útwikseling fan kennis en ûnderfinings tusken doarpen, kearnen en stêden. Sa ûntstiet in netwurk fan enerzjymienskippen. Dêrby wurdt sjoen nei de Fryske besteande en op te rjochtsjen struktueren. De Fryske oerheden stypje koprinnerprojekten ek yn de takomst. Ynkomsten fan enerzjyproduksje bliuwe safolle mooglik binnen Fryslân.
Der ûntstean ferskillende lusten en lêsten by de ûntwikkeling fan duorsume enerzjy. Troch lusten, lêsten en sizzenskip tichtbyinoar te hâlden, bliuwe ek ynkomsten út enerzjyproduksje binnen Fryslân. It stimulearjen fan enerzjymienskippen makket in rjochtfeardige ferdieling fan lusten en lêsten op lokale skaal mooglik. Binnen mienskippen kinne ynwenners, bedriuwen en oerheden profitearje fan in draachlike kostpriis foar de elektrisiteit en waarmte. Lokaal eigendom (minimaal 50%) fan duorsume enerzjyfoarsjennings is dêrby in betingst. Oerheden (provinsje, gemeente en Wetterskip) kinne ek it foartou nimme yn de ûntwikkeling fan duorsume projekten, lykas de produksje, opslach, distribúsje en levering fan enerzjy. It eigendom kin dêrtroch ek (foar in part) yn hannen komme fan gemeenten, dy’t de opbringsten wer weromfloeie litte kinne nei de mienskip. By de oerstap nei nije foarmen fan enerzjy hâlde de gemeenten oandacht foar húshâldens yn enerzjyearmoed, bygelyks fia de SPUK-jilden.
4. Kennissintrum Europa Desintraal
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
17
2. Fryslân set maksimaal yn op enerzjybesparring. De beskikberheid fan enerzjy is net altiten fanselssprekkend. Fryslân set maksimaal yn op enerzjybesparring. Alle enerzjy dy’t net brûkt wurdt, hoecht ek net produsearre te wurden. Ek soarget enerzjybesparring foar ôfnimmen fan enerzjykosten, sadat de oprinnende lêsten foar húshâldens werombrocht wurde kinne. Fryslân set dêrom maksimaal yn op strukturele enerzjybesparring op in tal wizen. De provinsje Fryslân jout dêr op koarte termyn ynfolling oan troch yn 2030 25% enerzjy te besparjen neffens 2010, lykas fêstlein yn it provinsjale Enerzjyprogramma 2022-20255. Yn it ramt fan dat programma stimulearret de provinsje enerzjybesparring mei finansjele regelings (op it stuit bygelyks it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy). Gemeenten stimulearje húshâldens om enerzjy te besparjen. Yn útfieringsplannen dy’t hearre by de gemeentlike waarmtetransysjefyzjes is dêr gauris in oanpak oer opnaam. De dielnimmers fan de FET ferkenne de kommende tiid in mienskiplik besparringsdoel foar de langere termyn. Yn de útfieringsaginda wurdt dit neier konkretisearre. Dêr heart in plan fan oanpak by om enerzjybesparring struktureel stimulearje te kinnen. Sy bepale mei-inoar hoe’t it bedriuwslibben, wenningkorporaasjes en ynwenners sa goed mooglik fasilitearre en (finansjeel) stimulearre wurde kinne om enerzjy te besparjen.
Soks hâldt ek yn passende maatregels foar it fuortsterkjen fan bewustwêzen en gedrachsferoaring. Ek ferduorsumje de gemeenten en de provinsje it maatskiplik fêstgoed6 en befoarderje se it gebrûkmeitsjen fan skjinne mobiliteit. It Wetterskip makket syn organisaasje yn 2030 klimaatneutraal en in 2050 klimaatbestindich. As lêste, we hâlde ús binnen Fryslân oan lanlike ôfspraken oer enerzjybesparring. Dat binne bygelyks de enerzjybesparringsplicht foar bedriuwen en ynstellings7, it minimale enerzjylabel C foar kantoaren yn 20238 of in ferbod op label G foar gebouwen fan 2027 ôf en label F fan 2030 ôf 9. Dêr wurdt soarchfâldich tafersjoch op holden en hanthavening op organisearre. De provinsje (type C bedriuwen), gemeenten (boude omjouwing) en de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO, it fierdere bedriuwslibben) binne dêr ferantwurdlik foar. Om by isolaasje rekken te hâlden mei kwetsbere soarten wurde lanlik saneamde ‘Soartemanagementplannen’ (SMP’s) opsteld. Fia dy SMP’s wurdt troch gemeenten op gebietsnivo in ûntheffing fan de Wet natoerbeskerming regele.
5. Enerzjyprogramma 2022-2025 6 Maatskiplik fêstgoed 7 Enerzjybesparringsplicht foar bedriuwen 8 Minimaal enerzjylabel C foar kantoaren 9 Beliedsprogramma fersnelling ferduorsumjen boude omjouwing
18
De beskikberheid fan enerzjy is net altiten fanselssprekkend. Oerheden, netbehearders, enerzjyprodusinten, bedriuwen, ynwenners en oare enerzjyfregers ha de dielde ferantwurdlikheid om enerzjy op in effisjinte wize op te wekken, op te slaan, te transportearjen en te brûken. De oanwêzigens fan it bedriuwslibben fersterket de Fryske ekonomy en dat freget enerzjy, romte en ynfrastruktuer. Omreden fan netkongestje kinne nije bedriuwen net altiten oansletten wurde op it net of kinne besteande bedriuwen net altiten ferduorsumje. Dat hat ympekt op it Fryske fêstigingsklimaat. Om de Fryske ekonomy te behâlden en fuort te sterkjen, ferkenne oerheden, netbehearders en it bedriuwslibben hoe’t besteande Fryske bedriuwen enerzjyneutraal wurde kinne. Dat hâldt yn dat mei-inoar ûndersocht wurdt hoe’t bedriuwen mear besparje kinne, hoe’t se safolle mooglik harren eigen enerzjy produsearje of útwikselje kinne mei oare bedriuwen en hoe’t se sa goed mooglik bydrage kinne oan in balansearre en fleksibel enerzjysysteem. Dat lêste kin bygelyks troch produksjeprosessen ôf te stimmen op it oanbod fan duorsume enerzjyproduksje (fraachstjoering) of troch elektrisiteit, gassen of waarmte op te slaan. It ferduorsumingstrajekt foar gruttere enerzjyferbrûkers wurdt fia it PCES-proses yn kaart brocht. Oerheden fasilitearje it Fryske bedriuwslibben om enerzjyneutraal te wurden.
Hoe’t dat fasilitearre wurdt, is maatwurk. Oerheden kinne bgl. fasilitearje oangeande de fergunningferliening, mei finansjele ynstruminten (subsydzjes of lienings) of troch romte beskikber te stellen. Fryslân freget dêrfoar ek stipe fanút de Ryksoerheid foar middels en de nedige wet- en regeljouwing. Nije bedriuwen dy’t in soad enerzjy ferbrûke binne net altiten sûnder mear wolkom yn Fryslân. It grutte enerzjyferlet dat dy bedriuwen (lykas datacenters) ha, moat nammentlik ek yn Fryslân opwekt wurde. Dat is net altiten winsklik. It enerzjyferlet fan bedriuwen wurdt de kommende jierren dêrom in al mar wichtiger faktor yn it Fryske fêstigingsbelied.
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
19
3. Alle duorsume enerzjyboarnen en -dragers binne nedich. Neist lytsskalige is ek grutskalige produksje nedich. Om likefolle te produsearjen as ferbrûkt wurdt yn Fryslân, meitsje we sa goed mooglik gebrûk fan de potinsje fan Fryske duorsume enerzjyboarnen. Ek néi enerzjybesparring en it beheljen fan it RES-bod yn 2030 bliuwt oant 2050 noch in protte Frysk enerzjyferlet oer dat noch net duorsum produsearre wurdt. Dêrfoar binne alle enerzjyboarnen nedich en is neist lytsskalige ek grutskalige produksje fan enerzjy needsaaklik. Wêrom’t alle boarnen nedich binne, stiet útlein yn Boks 2.1. It takomstige Fryske enerzjysysteem bestiet út in grut ferskaat oan enerzjyboarnen en -dragers, wêrûnder sinne-enerzjy, wynenerzjy, griene wetterstof, biogas en duorsume waarmte. Ek set Fryslân yn op ynnovative techniken, lykas tij-enerzjy of ‘Blue Energy’. De romtlike pleatsing fan de produksje fan enerzjy komt yn it folgjende liedende prinsipe oan bod. Yn dat liedende prinsipe jouwe we foar eltse enerzjyboarne of -drager in taljochting oer hoe’t Fryslân dêr de kommende jierren op ynset. Duorsume waarmte Fryslân set maksimaal yn op lokale waarmtenetten mei duorsume waarmteboarnen. Yn de Missy Wetterwaarmte is de ambysje útsprutsen om 60.000 Fryske wenten en 10.000 bedriuwsgebouwen oan te sluten op kollektive waarmtesystemen yn 2030.
Benammen akwatermy (TEO likegoed as TEA) krijt in al mar belangrikere rol yn de enerzjyfoarsjenning, benammen yn de ferwaarming fan gebouwen. It Wetterskip hat dêr waarmte foar beskikber út WKK’s en út effluïnt fan RWZI’s. Foar waarmte út wetter, boaiem (boaiemenerzjy) of lucht is faak ek elektrisiteit nedich om de waarmte nei in gaadlike temperatuer op te wurdearjen. Fryslân fasilitearret inisjativen foar kollektive waarmte (waarmtemienskippen) en seizoensopslach. Binnen de Missy Wetterwaarmte wurdt op it stuit ûndersyk dien nei lytsskalige waarmtenetten (<1.500 WEQ). Gemeente Súdwest-Fryslân ûndersiket de mooglikheden fan de tapassing fan it Deenske model10 foar lytsskalige netten. Neist kollektive systemen bliuwe ek yndividuele oplossings (yn ûnderling ferbân ôfstimd) yn Fryslân aktueel, en is in kâns dêr wêr’t wenningbou net konsintrearre is en dy net deunby in sintrale waarmteboarne leit. It Wetterskip sjocht ta op it wetterbehear. By enerzjyboarnen dêr’t gebrûk fan wetter by nedich is foar produksje, kuolling of lossing, mei de enerzjyproduksje it wetterbehear net negatyf beynfloedzje. Dat jildt foar de wetterkwaliteit, -kwantiteit en -feilichheid.
10. It Deenske model foar waarmtenetten
20
Gemeenten ha de regyrol yn de waarmtetransysje. Om de boude omjouwing ierdgasfrij te meitsjen foar 2050, moatte de kommende jierren de bestjoerlike karren makke wurde oangeande enerzjybesparring en alternative waarmteboarnen. Dy karren komme ûnder oaren werom yn de Omjouwingsplannen, de Transysjefyzjes Waarmte, Waarmteprogramma en it Wykútfieringsplan (Boks 2.3). Mei de Wet kollektive waarmte (Wcw) krije gemeenten de regy yn de ûntwikkeling fan waarmtenetten. Yn de Wcw is opnaam dat waarmtebedriuwen foar de levering fan waarmte in publyk mearderheidsbelang krije of yn hannen komme fan in waarmtemienskip. De priis fan waarmte is troch dy wet net langer keppele oan de gaspriis en de waarmteboarnen foar in waarmtenet moatte duorsum wêze. Dêrfoar moatte gemeenten oan bewenners en eigners in helber en betelber oanbod dwaan, sadat eltsenien mei kin mei de waarmtetransysje. In grut part fan de gebouwen yn Fryslân sil de kommende jierren de oerstap meitsje fan in cvtsjettel nei in hybride of ‘all-electric’ waarmtepomp. Fan 2026 ôf is de hybride waarmtepomp de minimale noarm wannear’t in cv-tsjettel oan ferfanging ta is11. By ferfanging fan de cv-ynstallaasjes moatte minsken oerstappe op in duorsumer alternatyf. Yn in soad gefallen is dat in hybride waarmtepomp, mar ek alternativen lykas de folslein elektryske waarmtepomp.
De gemeente kin bewenners dus in better hannelingsperspektyf biede. Netbehearders hâlde rekken mei in grutte elektrisiteitsfraach dy’t dêrby sjen komt. Wat mear Fryske oerheden oft stjoere op kollektive waarmtenetten, wat minder elektrisiteit (en útwreiding ynfrastruktuer) oft nedich wêze sil foar it ferduorsumjen yn de boude omjouwing.
Boks 2.3 T ransysjefyzje Waarmte, Waarmteprogramma en Wykútfieringsplan Yn 2021 ha de gemeenten in Transysjefyzje Waarmte (TVW) fêststeld. In TVW jout in earste rjochting oan de oanpak fan it isolearjen en ierdgasfrij meitsjen fan de boude omjouwing. Dêr stiet yn beskreaun hokker wiken oft in gemeente binnen 10 jier fan it ierdgas ôfhellet, en hoe. Is de gemeente fan doel en lis in kollektyf waarmtenet oan of is der genôch netkapasiteit foar de realisaasje fan in wyk mei folslein elektryske waarmtepompen? Soks freget in boarnestrategy. Wenningkorporaasjes kinne dêr dan harren renovaasjeplannen op ôfstimme, netbehearders jout it ynformaasje om prioriteiten te stellen by it fuortsterkjen fan de ynfrastruktuer, bewenners kinne in bettere ôfwaging meitsje hokker ferduorsumingsmaatregels oft sy sels treffe kinne. Op dit stuit is de Transysjefyzje foarmfrij en ferskilt de ynhâld en fêststelling de gemeente. Dat feroaret mei de yngong fan de Wet gemeentlike ynstruminten Waarmtetransysje (Wgiw) yn 2025. De TVW wurdt dan as waarmteprogramma in ferplichte ûnderdiel fan de omjouwingswet. It is oan de gemeenten om de TVW fóar 2026 fannijs te itigjen en fêst te lizzen ûnder de notiidske betingsten fan de omjouwingswet sadat dy troch de wei fan it oergongsrjocht meinaam
11. Hybride waarmtepomp de standert yn 2026
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
21
wurdt as waarmteprogramma. Dogge gemeenten dat net, dan moatte gemeenten yn 2026 in waarmteprogramma skriuwe neffens de nije, strangere regels dy’t yn de Wgiw stean. It waarmteprogramma moat op syn minst alle 5 jierren aktualisearre wurde. Dat programma foarmet de basis foar de regyrol fan de gemeenten. Fia de Wgiw krije gemeenten nammentlik de mooglikheid om gebieten oan te wizen dy’t fan it gas ôf moatte. Dat kin allinne as dy gebieten neamd binne yn it waarmteprogramma. As gemeenten oan de slach gean mei de útfiering fan it waarmteprogramma, wurdt in Wykútfieringsplan (WUP) makke. In útfieringsplan is in gebietsbûne ferdjipping fan de TVW/ waarmteprogramma om de boude omjouwing yn in gebiet ierdgasfrij te meitsjen, of as tuskenstap ierdgasfrij-ree. Yn de WUP wurdt û.o. sjoen nei de technyske en finansjele helberens fan de karren dy’t makke binne yn de TVW en wurdt eventueel in kavelplan fêststeld en tawiisd oan in waarmtebedriuw.
Biogas Gasfoarmige enerzjydragers hâlde ek yn de takomst in belangrike rol yn it Nederlânske enerzjysysteem. Ek by in maksimale enerzjybesparring, maksimale benutting fan skjinne enerzjyboarnen (lykas sinne en wyn), en maksimale elektrifikaasje is de ferwachting dat (griene) gassen needsaaklik binne om yn it takomstige enerzjyferlet fan Fryslân foarsjen te kinnen. Griengasproduksje fia fergêsting en fergassing kin al op koarte termyn in wêzentlike bydrage leverje oan in takomstbestindich enerzjysysteem en draacht ek by oan oare urginte maatskiplike opjeften lykas de reduksje fan emisjes yn de lânbou en de ûntwikkeling fan in sirkulêr grûnstoffesysteem. Lykwols, der spylje op it heden ferskate knyppunten om benammen ko-fergêsting, lykas soargen oer rook-, lûds- en ferkearsoerlêst, oantroffen fersmoargjende stoffen yn restprodukten en net yn it lêste plak de beheinings yn fergunningferliening troch de stikstofproblematyk. Ek ûntstiet by mear griengasynfieders kongestje op it gasnet. Yn Fryslân is in hege potinsje foar grien gas op basis fan mono-dongfergêsting. Op dit momint wurdt mar maksimaal 5% fan it totaal oan beskikbere (kowe)dong brûkt foar dongfergêsting/ produksje fan grien gas. Fryslân hat no in dongoerskot (sirka 366 kton it jier, boarne NEC 2021 en it Kennisdokumint), dat foar in grut part ‘eksportearre’ wurdt nei bûten de provinsje.
Soks betsjut dat ék mei in mooglik ôfnimmen op termyn fan de feesteapel, it oantreklik is om al op koarte termyn de griengasproduksje op basis fan mono-dongfergêsting yn Fryslân te ferheegjen. Al of net as ûnderdiel fan in transysjeperioade nei in situaasje dêr’t waarmtenetten yn oanlein binne (needsaaklik foar bygelyks akwatermy of stedsferwaarming), of in situaasje dêr’t de feesteapel yn Fryslân werklik minder yn wurdt (en dêrmei it totaal oan dong).
22
(Kollektive) mono-dongfergêsters passe gewoanwei yn hjoeddeisk provinsjaal en gemeentlik romtlik belied. De mooglikheden foar útwreiding fan besteande en nije (middel)grutte kofergêsters wurde op it stuit sawol yn Fryslân as lanlik ûndersocht (Senariostúdzje Grien Gas). Yn de provinsjale Omjouwingsfyzje wurdt ôfwoegen oft romte oan nije gruttere fergêstings- of faaks fergassingsynstallaasjes bean wurdt. Gemeenten ha it foech om te besluten oft sy op harren bedriuweterreinen romte biede wolle oan dat type inisjativen. It Wetterskip Fryslân draacht mei RWZI’s by oan de produksje fan biogas foar eigen gebrûk of it fieden fan WKK’s (biogasbatterij). Griene wetterstof De lanlike transportlieding mei wetterstof (de wetterstofrêchbonke12) rint neffens ferwachting troch Fryslân. Wetterstof út de rêchbonke sil fanút lanlik belied13 benammen ynset wurde yn de gemyske en enerzjy-yntensive yndustry, swier dyktransport, binnen- en seefeart en loftfeart. Griene wetterstof nimt yn 2050 ek in wichtige rol yn it enerzjysysteem yn, as boarne foar regelbere C02-frije elektrisiteitsproduksje. De provinsje ûnderskriuwt it lanlik belied mei de Fryske wetterstofljedder út de Wetterstofaginda Provinsje Fryslân. Fryslân set yn op in ôftakking fan de wetterstofrêchbonke. De enerzjysintrale yn Burgum leit oan de rêchbonke en ûndersocht wurdt oft dy omboud wurde kin ta wetterstofsintrale.
Wannear’t sprake is fan in elektrisiteitsoerskot, kin de sintrale de elektrisiteit omsette yn wetterstof (konverzje) dat makliker opslein wurde kin. De sintrale sil dêrtroch ek fleksibel fermogen leverje kinne troch opsleine wetterstof om te setten yn elektrisiteit. Dat draacht by oan it yn balâns hâlden fan it enerzjysysteem. Dy regelbere ynset fan wetterstof is yn line mei de provinsjale wetterstofljedder. Dêrneist set Fryslân yn op lokale inisjativen mei eigen produksje fan griene wetterstof mei elektrolyzers. Yn Easterwâlde rint op it stuit in proefprojekt dêr’t wetterstof by produsearre wurdt mei elektrisiteit, opwekt út in grut sinnepark. Ek yn Boalsert is in pilot yn ûntwikkeling dêr’t de produksje fan wetterstof de mooglikheid yn biedt om it net te balansearjen, de reststreamen soerstof en waarmte goed te benutten en de bedriuwen yn de regio te foarsjen foar de ferduorsuming. In oandachtspunt foar de ynset fan lokale elektrolyzers is it foarsjen fan it wetterferlet dat ûntstiet en dat sirkulêr ynfolle wurde moat (gjin drinkwetter of grûnwetter). Dêrmei wurdt in relaasje lein mei it feit dat ek oan swiet wetter krapte bestiet.
12. Wetterstofrêchbonke 13 It Nasjonaal Plan Enerzjysysteem
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
23
Duorsume elektrisiteit In part fan de takomstige Fryske enerzjyfraach kin ynfolle wurde troch enerzjyboarnen mei lytsere ekologyske of lânskiplike ympekt, lykas mei duorsume waarmte. Opwek fan duorsume elektrisiteit is lykwols nedich yn Fryslân om likefolle enerzjy op te wekken as te brûken. Dêr is mear foar nedich as sinnepanielen op dakken. Grutskalige opwek fan wyn- en sinne-enerzjy makket dêrom diel út fan it Fryske enerzjysysteem. In goede miks fan sawol sinne- as wynenerzjy is essinsjeel foar in effisjint enerzjysysteem fanwegen de ûnderskate opwekprofilen (troch de dei en troch it jier) en de mooglikheid om ien netoansluting te kombinearjen foar sawol sinne- as wynenerzjy, ek wol ‘cablepooling’ neamd. Opwek fan duorsume elektrisiteit moat goed ynpast wurde yn it lânskip en yn it enerzjysysteem (sjoch folgjend liedend prinsipe). Opwek fan duorsume elektrisiteit wurdt yn Fryslân tydlik fergund, sadat it lânskip nei de ein fan de libbensdoer wer yn oarspronklike steat werombrocht wurde kin. Kearnenerzjy Kearnenerzjy wurdt yn Fryslân net as duorsum sjoen en krijt dêrom gjin plak yn it Fryske enerzjysysteem. De ynset fan kearnenerzjy is ûnderdiel fan de lanlike oanpak en Fryslân folget dy ûntjouwings. As gefolch fan lanlike ûntjouwings kin it sa wêze dat Fryslân ferbûn is oan enerzjy opwekt troch kearnenerzjy.
Oare foarmen fan enerzjy en ynnovaasjes As lêste, we sette yn op it (troch)ûntwikkeljen fan nije foarmen fan duorsume enerzjy. Dêrtroch bliuwe we yn Fryslân adaptyf en ynnovatyf. Op it heden wurdt bygelyks by it Amelân eksperimintearre mei in ‘tij-draak’ (tij-enerzjy) en by de Ofslútdyk mei ‘Blue Energy’ (wêrmei’t enerzjy helle wurdt út it gearrinnen fan swiet en sâlt wetter). Foar de tij-draak fynt ek in ekologysk ûndersyk plak. Provinsje Fryslân stimulearret dy produksjetechniken mei twa ûndersyksprojekten. Koartby hat TNO yn opdracht fan it Waadfûns ûndersyk dien nei it teoretysk potinsjeel fan enerzjy út wetter yn en by it Waad. Dy potinsje is grut en wurdt belutsen by it ferduorsumjen fan de enerzjysystemen fan de Fryske Waadeilannen en de Fryske kustgemeenten. Ek sil in relaasje lein wurde mei it tekoart oan swiet wetter. Yn Fryslân sille we ek yn de takomst romte biede oan oare nije ideeën en techniken dy’t passe by in takomstich enerzjysysteem.
24
4. Fryslân past produksje en opslach fan duorsume enerzjy sa goed mooglik yn, yn it lânskip en yn it enerzjysysteem. It Fryske lânskip is karakteristyk en hat in soad ferskaat. Dêrom moat dat wat tafoege wurdt oan it lânskip ék karakter ha en wearde tafoegje oan Fryslân. Dat jildt ek foar de ûnderskate ûnderdielen fan in duorsum enerzjysysteem, lykas enerzjyproduksje of -opslach. In duorsum enerzjysysteem soarget derfoar dat it Fryske lânskip feroaret. It ferskaat yn Fryske lânskippen makket ek de ynpasberens fan grutskalige produksje en opslach slim lokaasjeôfhinklik. Ek de ekologyske ympekt fan grutskalige produksje en opslach fariearret yn Fryslân. By ynpassen fan enerzjyprodukten en -ynfrastruktuer is net allinne it lânskip mar ek yn tanimmende mjitte it wetter-en-boaiem-stjoerend prinsipe en wetterrobúst bouwen út de Omjouwingsferoardering fan de provinsje Fryslân fan belang. De pleatsing fan produksje en opslach freget omreden fan it boppesteande hieltiten maatwurk. Produksje, opslach en transport fan enerzjy moat net allinne soarchfâldich pleatst wurde yn de romte, mar ek yn de enerzjy-ynfrastruktuer. Sa bout Fryslân oan in effisjint en fossylfrij enerzjysysteem. Op de koarte termyn brûke wy it hjoeddeistige enerzjysysteem sa optimaal mooglik.
Op de langere termyn (nei 2030) binne der nije mooglikheden foar de pleatsing fan grutskalige produksje en opslach fan duorsume enerzjy. Dêrmei makket Fryslân goed gebrûk fan de Fryske potinsje fan duorsume boarnen. De dielnimmers fan de Fryske Enerzjytafel sette nei it fêststellen fan de Enerzjyfyzje útein mei in ferkenning oer mooglike lokaasjes foar grutskalige produksje en opslach fan duorsume elektrisiteit. Wy jouwe yn dy ferkenning ekstra omtinken oan plakken dêr’t it elektrisiteitsnet op it stuit fol is of fol begjint te reitsjen, troch grutskalige ferduorsuming of útwreiding fan bedriuwsaktiviteiten. Hokker lokaasjes oft úteinlik yn de beneaming komme foar grutskalige produksje en opslach, wurdt yn de Omjouwingsfyzje Fryslân yntegraal ôfwoegen. De ûndersteande útgongspunten foarmje dêr in wichtige boustien foar. Neist produksje en opslach sil ek enerzjy-ynfrastruktuer in soad romte kostje de kommende jierren (stasjons, (ûndergrûnske) kabels, trafohúskes, ensfh.). Leaver grutskalige produksje en opslach op in beheind tal plakken as rûnom ferspraat troch Fryslân. Grutskalige produksje en opslach wurdt op de langere termyn (nei 2030) op in beheind tal plakken klustere yn Fryslân. Klusterjen hat twa foardielen. Yn it foarste plak is grutskalige produksje en opslach troch te klusterjen net rûnom yn Fryslân sichtber yn it lânskip.
We klusterje grutskalige produksje en opslach yn lânskip dat ek grutskalich is. Yn de Fryske Enerzjywaaier hjit dat prinsipe ‘skaal by skaal’. In oar foardiel is dat klusterjen fan enerzjyprodukten en -opslach faak goed is foar in effisjint enerzjysysteem en sunich omgean mei enerzjy-ynfrastruktuer. Dat jildt benammen
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
25
wannear’t meardere opwektechniken klustere wurde, lykas wynturbines en sinnepanielen (‘cablepooling’). Sa ûntstean ek kânsen foar mearfâldich romtegebrûk (yn kombinaasje mei bygelyks natoer of lânbou). Enerzjyproduksje deunby enerzjyfraach pleatsen hat fanút it enerzjysysteem besjoen de foarkar. Yn in effisjint enerzjysysteem wurdt de produksje fan enerzjy sa deun mooglik by de enerzjyfraach pleatst. Dat betsjut yn Fryslân dat grutskalige produksje it bêste tichtby de grutte kearnen (Ljouwert, Drachten, it Hearrenfean, Harns, Snits) pleatst wurde kin. Yn dy kearnen soargje de boude omjouwing, de yndustry en mobiliteit foar in konsintrearre enerzjyfraach. Wannear’t produksje deunby dy fraach pleatst wurdt, hoecht minder elektrisiteit, waarmte of gas transportearre te wurden en is yn it algemien minder ynfrastruktuer nedich as dat yn oparbeidzjen mei de netbehearders goed ynpast en kombinearre wurdt mei opslach of konverzje. De foardielen dêrfan ljochtsje wy ek ta yn it lêste liedende prinsipe, oer in fleksibel enerzjysysteem. De netbehearders ynformearje en advisearje oer de effekten op en de effisjinsje fan it enerzjysysteem by de pleatsing fan produksje of opslach. Yn hokker mjitte oft grutskalige produksje by enerzjyfraach klustere wurde kin by de fjouwer grutte kearnen, wurdt troch de provinsje en de F4-gemeenten de kommende tiid ûndersocht.
De útkomst dêrfan laat ta karren yn de Omjouwingsfyzje Fryslân en yn pMIEK-projekten. Fierders lizze der oare kânsen yn Fryslân om (op lytsere skaal) produksje by fraach te klusterjen, lykas yn it Enerzjylânskip by Waadhoeke. Lytsskalige produksje en opslach wurde stimulearre as dat ynpasber is yn it lânskip. Neist grutskalige produksje en opslach bliuwt ek lytsskaligens in ûnderdiel fan it Fryske enerzjysysteem. De Fryske oerheden stimulearje dat binnen enerzjymienskippen wurke wurde kin oan lytsskalige enerzjyhubs, dêr’t enerzjyfraach, produksje, opslach en somtiden sels konverzje ûnderdiel fan binne. Doarpskearnen liene har dêr goed foar, bygelyks op de eilannen. De Fryske Enerzjywaaier biedt hantfetten om it enerzjysysteem goed yn te passen yn it lânskip.
26
5.
Fryslân fersterket de fleksibiliteit fan it enerzjysysteem.
It belang fan in fleksibel enerzjysysteem wurdt al mar grutter yn Fryslân. In fleksibel enerzjysysteem hâldt rekken mei it op- en delgean fan enerzjyproduksje en -gebrûk (Boks 2.4). Fryslân set stevich yn op maatregels dy’t de fleksibiliteit fan it enerzjysysteem fersterkje. Wat fleksibeler oft it Fryske enerzjysysteem is, wat effisjinter oft de ynfrastruktuer brûkt wurdt en wat minder útwreiding oft nedich wêze sil. Ek drage fleksibele maatregels by oan in betrouberder enerzjysysteem, dat it op- en delgean fan enerzjyproduksje en -gebrûk bufferje kin. Fryslân stimulearret opslach en oare fleksibele maatregels. De Fryske oerheden fiele har ferantwurdlik foar in betrouber en fleksibel enerzjysysteem. Dêrom wolle sy sterk ynvestearje yn fleksibele maatregels en tûke oplossings en dat net allinne oerlitte oan de merk. Alle dielnimmers fan de FET stypje netbehearders by it finen en tapassen fan ynnovative oplossings foar netkongestje. Dêrneist is enerzjyopslach in wichtich ûnderdiel fan in fleksibel enerzjysysteem (Boks 2.4). Om’t (grutskalige) opslach fan elektrisiteit of oare enerzjydragers ek ympekt hat op de leefomjouwing en it enerzjysysteem, stelle de dielnimmers fan de Fryske Enerzjytafel de kommende tiid in opslachregistraasje op. Ek de provinsje wurket oan belied foar batterijen, dêr’t Liander en TenneT by advisearje.
Nije bedriuweterreinlokaasjes wurde útrist mei EMS, elektrisiteitsopslach en oare tûke oplossings om de ympekt op it net lytser te meitsjen. Tûk laden helpt ek by de fleksibilisearring fan it eletrisiteitsnet. Dy strategyen en belied yn ûntwikkeling foarmje boustiennen foar de Omjouwingsfyzje Fryslân en de Gemeentlike Omjouwingsfyzjes. Fierders ferkenne wy yn mooglike enerzjyhubs by de fjouwer grutte kearnen oft konverzje needsaaklik is en hoe’t soks staljûn wurde kin (mear dêroer by enerzjyhubs, hjirûnder). Lykas earder oanjûn, wurdt by Burgum ûndersocht hoe’t wetterstof út it wetterstofnetwurk ynset wurde kin foar pykfermogen. Wetterskip Fryslân kin, om ôf te sluten, neffens de fraach waarmte en elektrisiteit produsearje mei WKK’s op de suveringsynstallaasjes. Gemeente Súdwest-Fryslân ûndersiket de kommende jierren hoe’t waarmte-opslach it bêste ynset wurde kin.
Box 2.4 Wat is nedich foar in fleksibel enerzjysysteem? De fleksibiliteit yn it enerzjysysteem kin fersterke wurde troch ferskowings yn de tiid of nei oare enerzjydragers. Enerzjyopslach, konverzje, oanbodstjoering (curtailment) fersterkje de fleksibiliteit fan it enerzjysysteem. Boppedat kinne maatregels lykas ‘cablepooling’ of ‘efter de mjitter’-oanslutings de fleksibiliteit fan it enerzjysysteem fierder fuortsterkje. • Opslach: Troch elektrisiteit, waarmte, wetterstof of biogassen op te slaan, kin ynspile wurde op de profilen fan fraach en oanbod fan enerzjy. Dêrmei kin op in dei enerzjy opslein en brûkt wurde, mar ek op seizoensbasis. Brânstoffen en duorsume waarmte liene har benammen goed foar (seizoens)opslach. Batterijen foar opslach fan elektrisiteit wurde ek hieltiten better en wurde al mar wichtiger foar in balansearre elektrisiteitsnet. De wize dêr’t batterijen op ynset wurde, is tige beskiedend foar it úteinlike (maatskiplike) nut.
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
27
• Konverzje: Ynstallaasjes dy’t, ôfhinklik fan oanbod en merkprizen, skeakelje kinne tusken elektrisiteit, wetterstof(dragers) of waarmtebuffers (konverzje), fergrutsje de robústens fan it enerzjysysteem. Piken fan elektrisiteit út sinne- en wynenerzjy kinne bygelyks fia elektrolyze omset wurde yn wetterstof (power-to-gas). De produsearre wetterstof kin dêrnei opslein wurde en op mominten dat der krekt in tekoart is oan elektrisiteit, wer reagearje mei soerstof ta wetter, wêrby’t elektrisiteit generearre wurdt. It is ek in opsje om de oerskotten út sinne en wyn mei waarmtepompen en elektryske boilers om te setten nei waarmte (power-to-heat). De produsearre waarmte kin bygelyks brûkt wurde as waarmtebuffer foar bedriuwen yn de buert. • Curtailment: In maatregel dy’t troch de enerzjymerk of in netbedriuw ynset wurde kin, is oanbodstjoering (curtailment). Dat hâldt yn dat it ynfieden fan wernijbere produksje beheind wurdt op stuiten dat der mear oanbod as fraach is. Troch it tapassen fan dy maatregel kin it enerzjynet better yn balâns brocht wurde. Fraachstjoering (demand side response) regulearret piken oan de fraachkant.
Fryslân stimulearret enerzjyhubs. De niisneamde prinsipes oer enerzjybesparring, de needsaak fan meardere enerzjyboarnen en -dragers, it pleatsen fan enerzjyoanbod by fraach en it fuortsterkjen fan in fleksibel enerzjysysteem, komme gear yn in enerzjyhub (Boks 2.5). Ut it ûndersyk fan û.o. de provinsje Fryslân nei de helberens en akseptabelens fan enerzjyhubs, docht bliken dat gruttere enerzjyhubs (op ‘mesonivo’) yn steedlike of yndustriële gebieten kânsryk binne (Boks 2.5). Dêrom ûndersiket de provinsje Fryslân yn ’e mande mei de F4-gemeenten de mooglikheden foar it tichtby bringen fan enerzjyproduksje by enerzjyfraach yn de fjouwer grutte kearnen. Boppedat lizze der kânsen yn Fryslân om (op lytsere skaal) produksje by fraach te klusterjen yn enerzjyhubs. It Ryk hat jild beskikber steld foar de ûntwikkeling fan enerzjyhubs14. Op guon plakken yn Fryslân wurde al konkrete stappen set yn de ûntwikkeling fan enerzjyhubs.
14. Brief oan Twadde Keamer oer enerzjyhubs
28
Boks 2.5 Wat is in enerzjyhub? Yn in enerzjyhub wurde enerzjyfraach en -oanbod fan gas, waarmte en elektrisiteit lokaal opinoar ôfstimd. It stribjen binnen in enerzjyhub is om de lokale produksje en de enerzjyfraach safolle mooglik tagelyk plakfine te litten. Sadwaande wurdt it iepenbiere net sa minimaal mooglik belêste en kin safolle mooglik lokale enerzjy útwiksele wurde sûnder ôfhinklikens fan de eksterne enerzjymerk. In enerzjyhub kin in protte foarmen oannimme, yn grutte en organisaasje. De foarm is ôfhinklik fan de lokale enerzjyfraach, de beskikbere enerzjyfoarsjennings en oanwêzige enerzjyynfrastruktuer. Utkomsten ûndersyk enerzjyhubs Yn 2023 hat û.o. de provinsje Fryslân in ûndersyk útfierd nei de helberens en akseptabelens fan enerzjyhubs yn Fryslân15. It ûndersyk fokust op in ‘local4local enerzjyhub’ op ‘mesonivo’: • In local4local enerzjyhub is in lokaal ôfbeakene enerzjysysteem dat ferbûn is oan it iepenbiere enerzjynet. Troch lokaal opwekte enerzjy safolle mooglik op itselde stuit lokaal te brûken, wurdt de ympekt op de iepenbiere ynfrastruktuer beheind. • Mesonivo: op dit nivo leit de lokale enerzjyfraach en -produksje tusken de 40 en 350 GWh it jier. Enerzjyhubs op dit skaalnivo kinne signifikant bydrage oan de enerzjyopjefte en in fleksibel enerzjysysteem en ha ek in gruttere kâns op in positive business case en dêrmei in earlike kostpriis fan enerzjy.
It ûndersyk laat ta guon útkomsten en oanrikkemandaasjes: • Enerzjyhubs kinne in brede tafoege wearde biede as se goed staljûn wurde, en benadere wurde fanút de enerzjyfraach yn in lokaal gebiet. • Fokusje mei enerzjyhubs op geografyske gebieten mei signifikant enerzjyferlet op mienskiplik elektrisiteitsnetflak en byhearrende netflakken. Yn de steedlike/yndustriële omjouwing fan Drachten, it Hearrenfean, Ljouwert en Waadhoeke/Harns sille in soad ûntwikkelings yn enerzjyfraach en -oanbod opinoar ôfstimd wurde moatte om netkongestje te beheinen. Enerzjyhubs kinne dêroan bydrage. • In enerzjyhub is nearne gelyk. Maatwurk is wichtich. Enerzjyhubs kinne kongestje ferlichtsje, mar net hielendal oplosse. Unstrategyske karren op it mêd fan lokaasje of nettechnyk kinne netkongestje krekt slimmer meitsje. • Produksje en opslach as mooglike komponinten fan in enerzjyhub ha troch harren omfang en sichtberens ek in potinsjeel grutte ympekt op in gebiet wat beleving, lânskipswearde en oare miljeu-aspekten oangiet. In betingst is dan ek dat de enerzjyhub bydraacht oan in kwaliteitsympuls fan in gebiet en sa romtlike mearwearde opsmyt.
15. Link nei ûndersyk enerzjyhub sadree ‘t beskikbe
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
29
3. T AKOMSTBYLD EN YMPLIKAASJE OP ‘E ROMTE Dit haadstik jout in earste skets fan in takomstich enerzjysysteem yn Fryslân yn 2050. It takomstbyld is in trochfertaling fan de mienskiplike ambysje en de fiif liedende prinsipes. Yn de earste paragraaf wurdt neier yngien op Fryske enerzjybesparring, -produksje, -opslach, -konverzje en -ynfrastruktuer yn 2050. De Enerzjyfyzje is ûnder oaren in boustien foar de Omjouwingsfyzje Fryslân. Yn paragraaf twa folget in rûzing fan de totale romte dy’t in takomstbestindich, fossylfrij enerzjysysteem yn 2050 ferget.
30
3.1
It Fryske enerzjysysteem yn 2050
Yn 2050 wekt Fryslân likefolle duorsume enerzjy op as brûkt wurdt. Dêrtroch hat Fryslân in enerzjyneutraal en fossylfrij enerzjysysteem. It enerzjysysteem is yn de foargeande jierren omtsjoend fan in sintraal nei in kombinearre systeem, kompleet mei produksje fan duorsume enerzjy, opslach en konverzje. Hjirûnder somje wy op hoe’t it Fryske enerzjysysteem yn 2050 opboud is. Enerzjy yn Fryslân is fan en foar ús allegearre. Fryske enerzjy is tagonklik en betelber foar eltsenien yn Fryslân. Produksje, opslach en gebrûk fan enerzjy wurdt yn doarpen lokaal staljûn fanút enerzjymienskippen. Yn in enerzjymienskip bepale bewenners, bedriuwen, netbehearders en oerheden yn ’e mande hoe’t it enerzjysysteem him ûntjout en wêr’t ûndersiken, ûntwikkelings of ynvestearrings nedich binne. Mienskippen hâlde har yn 2050 net allinne mar dwaande mei enerzjyneutraliteit, mar ek mei it bouwen oan in sirkulêre mienskip. Materialen wurde safolle mooglik dield en heechweardich fannijs ynset of recycled. Mienskippen binne ûnderling ferbûn yn kennisnetwurken. De enerzjymienskippen binne safolle mooglik selsfoarsjend, mar stean altiten noch yn ferbining mei it sintrale enerzjysysteem. It sintrale systeem bestiet út in tal klusters mei grutskalige opwek fan duorsume elektrisiteit.
It Fryske enerzjysysteem stiet yn ferbining mei it lanlik netwurk, bygelyks fia de wetterstofrêchbonke foar fleksibel fermogen, of fia it heechspanningsnetwurk foar duorsume elektrisiteit fanôf de Noardsee. Fryslân hat yngeand besparre, sadat it Fryske lânskip en enerzjysysteem soarchfâldich ynset wurde. De Fryske enerzjyfraach is yn 2050 werombrocht fan 17 TWh nei sawat 12 TWh. Besparring hat plakfûn yn bedriuwsgebouwen, troch ynwenners yn huzen en troch effisjintere apparaten en elektrysk transport. Huzen en gebouwen binne goed isolearre sadat it enerzjyferlet fiks sakke is. Gebrûk fan elektrysk iepenbier ferfier en dielmobiliteit is de noarm. Enerzjyneutrale ûndernimmers profitearje fan in geunstich fêstigingsbelied. Der fine reguliere petearen plak mei ûndernimmers om fierder te besparjen of om by te dragen oan in betrouber en balansearre enerzjysysteem. Fryslân hat in robúst en fleksibel enerzjysysteem. Griene wetterstof út de wetterstofrêchbonke wurdt brûkt foar fleksibel fermogen by Burgum. Lokaal wurdt op in beheind tal plakken griene wetterstof produsearre foar de ynset fan de logistyk of foar konverzje en opslach. De fariearre enerzjymiks, yn kombinaasje mei opslach en konverzje fan elektrisiteit, waarmte en gassen soargje derfoar dat it enerzjysysteem goed bufferje kin.