CConstaterende datDantumadiel
Koppel je AI →
Document · PDF

20260601 Mûnlinge fragen Ynrjochting fan de Foarstrjitte yn de Westereen

Raadsvergadering (Dantumadiel) 2 juni 2026, gemeente DantumadielBij agendapunt: Vragenhalfuur557 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Mûnlinge fragen

Datum: 1-6-2026

Onderwerp / ûnderwerp: Ynrjochting fan de Foarstrjitte yn de Westereen

Acht kolleezje, Mûnlinge fragen foar de ried fan 2-6-2026 : De Foarstrjitte is de haadwei fan De Westereen, foar it doarp sels, it sintrum en it yndustryterrein, en it is de wichtichste ferbining nei de Sintrale As. Dat jild ek foar de doarpen yn’e buert bygelyks Kollumersweach. It is ien fan de drokste gemeentlike diken, mei in soad swier ferkear sa as frachtweinen, streekferfierbussen en swier lânbouferkear en dat allegearre njonken it fytsferkear. Undernimmers warskôgje yn harren brief dat de foarnommen ynrjochting mei in sône 30 yn it sintrale part ta knyppunten yn berikberens en befoarrieding liede sil. Dat er wat barre moat om it feiliger te meitsjen begripe wy wol. Wy wurdearje de ynspannings fan de gemeente en de wurkgroep om ta in moai en feilige ynrjochting fan de Foarstrjitte te kommen dan ek. Tagelyk meitsje wy ús wol soargen oer wat op in ferlies fan wichtige funksjes liket yn de nije ynrjochting en de feiligens fan fytsers yn benammen de smelle dielen. Wy hawwe de folgjende fragen oan it kolleezje : 1. Yn it mobiliteitsprogramma 2024 is de Foarstrjitte eksplisyt as ûnderdiel fan it ‘Kwaliteitsnetwerk voor Landbouwvoertuigen’ yntekene. Neffens it provinsjale kwaliteitsnetwurk foar lânbouferkear moatte sokke rûtes gaadlik wêze foar weinen oant 3,5 meter breed, mei op syn minst sa’n 4 meter ferhurde breedte.

FRAACH : Kin it kolleezje befêstigje dat de Foarstrjitte yndied as diel fan it kwaliteitsnetwurk foar lânbouferkear sjoen wurdt? 2. FRAACH : Kin it kolleezje oanjaan oft it ûntwerp eksplisyt toetst is op lânbouweinen fan sa’n 3,5 meter breed, en oft dy yn alle dwersprofylen feilich passe kinne sûnder struktureel oer de fytsstroken te riden?

3. FRAACH : Kin it kolleezje oanjaan oft er rekkening hâlden is mei kombinaasjes fan bygelyks in brede lânbouwein en in yn’e mjitte kommende frachtwein of in oare lânbouwein ? 4. Yn dwersprofyl C wurde de rydbanen skieden troch in middenberm, wêrtroch per rjochting sa’n 1,5 meter oerbliuwt foar motorisearre ferkear neist in fytsstrook fan 2 meter. Dat betsjut dat de rydstrook smeller is as de fytsstrook en dat auto’s, frachtweinen en lânbouweinen yn ‘e praktyk foar in part op of oer de fytsstrook ride. FRAACH : Hoe beoardielet it kolleezje it risiko dat fytsers har yn dit smelle profyl opjaagd fiele troch ferkear dat feitlik oer de fytsstrook rydt, en útwike nei it trottoir ? 5. FRAACH : Kin it kolleezje ûnderbouwe dat dwersprofyl C foldocht oan de CROW‑rjochtlinen foar dizze yntinsiteit en in miks fan lânbouferkear, frachtferkear, personauto’s en fytsers? 6. It provinsjale kwaliteitsnetwurk foar lânbouferkear is ûntwikkele yn nauwe gearwurking mei ûnder oaren Cumela en LTO, dy’t ek by it gemeentlik mobiliteitsprogramma belutsen binne. FRAACH : Is it kolleezje ree om de ûntwerpútwurking foar de Foarstrjitte foar te lizzen oan Cumela en LTO en harren technysk oardiel oer de gaadlikens fan de profilen foar lânbouferkear en swier ferkear mei de rie te dielen foardat it definityf útfieringsbeslút nommen wurdt? 7.

In alternative ûntsluting is er op it stuit net en it is wichtich dat de Foarstrjitte har hjoeddeistige funksjes hâld sadat ûndernimmers en ynwenners net yn’e knipe komme. FRAACH: Hoe sjocht it kolleezje der op ta dat de werynrjochting fan de Foarstrjitte net laat ta funksjeferlies?

ûndertekening: namme: Peter Reitsma fraksje: BBB Dantumadiel

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=gemeentedantumadiel&id=c5d52944-6a40-4710-8538-a8b9f1c67cb1