CConstaterende datDantumadiel
Koppel je AI →
Document · PDF

2025-07 Fragenhealoerke 6 maaie FNP - fytspaden

Raadsvergadering (Dantumadiel) 6 mei 2025, gemeente DantumadielBij agendapunt: Vragenhalfuur221 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Mûnlinge fragen Mûnlinge fragen foar de ried fan tiisdei 6 maaie 2025: Underwerp: Fietspaden yn Dantumadiel

Achte foarsitter, kolleezje en riedsleden, Yn it fragenhealoerke fan dizze riedsgearkomste hat ús fraksje in pear fragen oer de fytspaden yn ús gemeente. In skoft lyn hawwe wy der fragen oer stelt om’t it foar ús in wichtich ûnderwerp is. Wy binne bliid dat de wethâlder en syn team dit oppakt hawwe en se binne hjir de ôfrûne tiid drok mei dwaande west en sa as it liket noch hieltiden neffens ús. Sa is resint de Rinewâl yn De Falom en it Koekoekspaad yn Feanwâlden oanpakt, wêrtroch't fytsers dêr no feiliger en komfortabeler oerhinne ride kinne. Ek de Goddeleaze Singel is meand wat in stik opknapt is. Alderearst wolle we freegje oft ek it Fermanjepaad yn Damwâld op de planning stiet foar ferbreding. Hjir kinne fytsers inoar no net goed passearje sûnder oer it gers te moatten. Dit bringt ûnfeilige situaasjes mei him mei. Dêrneist binne we benijd oft der noch oare positive ûntwikkelingen te melden binne oangeande de fytspaden of in oare bykomstichheid op dit mêd. Wy hoopje fan herten dat de wethâlder ús hjiroer ynformearje kin, sadat wy mei-inoar wurkjen bliuwe kinne oan hieltyd bettere en feiligere fytsferbinings yn ús gemeente.

Ut namme fan, FNP Dantumadiel Ferry van der Ploeg

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=gemeentedantumadiel&id=ddc018bf-59df-4f8d-b574-4ec069d7e274