CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

Vragen FNP - Wike fan Regio's en Stêden yn Brussel

Raadsvergadering 12 oktober 2023, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Vragenhalfuur207 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragehealoere 12 oktober 2023

Underwerp: Wike fan Regio’s en Stêden yn Brussel

Achte kolleezje,

Foarsitter, it is fan ‘e wike wer de Wike fan Regio’s en Stêden yn Brussel. Dy wike is bedoeld om stêden en gemeentes út Fryslân by te praten oer Europeesk belied en oer projekten dêr’t Europeeske subsydzje foar te krijen is. De byienkomst is foar boargemasters, deputearren, wethâlders en steateleden. It tema fan dizze Wike fan Regio’s en Stêden wie dizze kear it Europeeske jier fan de Feardichheden (Skills). Hoe leare jo de Europeeske boargers, jong en âld, de feardichheden dy’t it meast nedich binne yn dizze tiid as it giet om duorsum wurkjen, digitalisearring, keunstmjittige yntelliginsje en goed omgean mei wetter. Foarsitter, dêroer hat de fraksje fan de FNP in tal fragen: 1. 2. 3. 4.

Hat it kolleezje fan ‘e wike yn Brussel west by de Wike fan Regio’s en Stêden? Wêrom hawwe jimme der west/wêrom hawwe jimme der net west? Wiene de tema’s net fan tapassing op ús gemeente? Hat it kolleezje gjin ferlet fan foarljochting oer tema’s sa as krekt neamd en is der gjin ferlet fan Europeeske subsydzje?

Tank foarsitter.

Ut namme fan de FNP-fraksje Achtkarspelen,

Wopke Veenstra

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Achtkarspelen&id=c65e2754-a78a-4ae8-8b4a-f0dc071dc584