CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

Toespraak aanbieding Dorpsvisie Buitenpost

Informatiecarrousel 2 oktober 2025, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Aanbieden dorpsvisie door werkgroep Dorpsvisie Buitenpost673 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Beste riedsleden en collegeleden, Namens de wurkgroep Doarpsvisie mei ik jimme ús Doarpsfisy Buitenpost oanbiede. Ik neam de leden fan de wurkgroep even: Hans de Vries namns de ferienigingen, Ingrid Rittersma namen PBB, Minze Zijlstra, fan it bedrieuweterrein, BCB, Bert Ytsma namens de middenstand, BCB, Romke van der Wal die úteindelijk de saak opstart hat en undergetekende, fanút de wurkgroep Centrum en nou ek PBB. Neist de gearwurking mei PBB is er ek noch bijdroegen troch de stichting Doarpswurk. De Doarpsfisy is makke tanksij de krêft fan ús mienskip: Hûnderten ynwenners - jong en âld, ûndernimmers, frijwilligers en ferienings - hawwe har ideeën ynbrocht en har stim hearre litten. It jout wer wa at wy, de ynwenners fan Buitenpost, binne, wat wy wichtich fine, en wat foar takomst wy samen foar ús eagen hawwe. Dizze Doarpsfisy is gjin formeel gemeentlik beliedsdokumint, lykas bygelyks de Sintrumfisy. Wat wy wol freegje is dat jo de fisy erkenne en omearmje, en wêr mooglik ynpasse yn besteand gemeentlik belied. Dit sil de stim fan it doarp in plak jaan binnen de bredere koers fan ús gemeente. Us doel is dúdlik: basearre op dizze doarpsfisy wolle wy mei jim gearwurkje om in Masterplan foar Bûtenpost te ûntwikkeljen. San Masterplan set de ideeën en winsken út 'e Doarpsfisy om yn konkrete projekten, keuzes en ynvestearrings foar de kommende jierren.

Wy begriepe dat jim it as ried drok ha, seker yn disse tiid foar de ferkiezingen fan oankom meitiid. Derom binne wy as wurkgroep graach ree om it foartou en de regie te nimmen oer dit proses. Wy leauwe dat dit plan allinich slagje sil as ynwenners, bedriuwen en ferienings yn Bûtenpost nau gearwurkje mei de gemeente en oare partners. It ûntwikkeljen fan it Masterplan freget echter profesjonele stipe. Dêrom binne wy fan doel in stedeboukundig buro yn te skeakeljen om de fisy oer te setten yn in planstúdzje en helberheidsûndersiek. Dit sil derfoar soargje dat de plannen net allinich oansprekkend binne, mar ek realistysk en helber.

Wat freegje wy fan jim? 1. Ynset: erken de doarpsfisy as liedende prinsipes, nim it op yn jim ferkiesingsprogramma en yntegrearje it wêr mooglik yn besteand belied. 2. Meifinansiering, sadat wy in profesjonele ynstânsje ynskeakelje kinne en in robúst masterplan ûntwikkelje kinne. 3. Fasilitearjende rol, by it "leechhingjende fruit" dat wy as doarp sels oanpakke kinne. De doarpsfisy sketst lytsere inisjativen dy't ynwenners en ferienings direkt útfiere kinne - lykas ferbetteringen fan 'e libbenskwaliteit, aktiviteiten, of ienfâldige oanpassingen oan iepenbiere romten. Foar dizze aksjes freegje wy foaral om praktyske gearwurking, fleksibel belied, en lytse bydragen wêr nedich.

As we ien en oar yn de tiid sette dan sjocht dat er ûngefear as folgt út: ● Hjerst 2025 ○ Presintaasje en besprekking fan 'e Doarpsfisy. ○ Gemeenteried beslút oer stipe en meifinansiering. ○ Útfreegjen fan offertes en kiezen geschikte partner foar de ûndersiken. o

Âfstimming oer hoe't de fisy oanslute kin by besteand belied.

● Maityd 2026 ○ Begjin gearwurking mei in stedeboukundig buro. ○ Útfiering fan de planstúdzje en de helbaarhydsstúdzje (wenningbou, foarsjennings, ferkear, wenomjouwing). ○ Brede doarpsgearkomsten om prioriteiten mei ynwenners te besprekken.

● Hjerst 2026 ○ Foltooiing fan it Masterplan Buitenpost: in útgebreid mar ek útfierber plan mei keuzes, fasearring en kostenramingen. ○ Oerlis mei de gemeente oangeande de yntegraasje fan dit masterplan yn besteand belied. ● Fan 2027 ôf ○ Begjin mei de earste konkrete projekten út it Masterplan. ○ Jierlikse evaluaasje en oanpassing fan de útfieringsaginda tegearre mei ynwenners en de gemeente. ○ Kontinu it "leechhingjende fruit" oanpakke troch it doarp, mei de gemeente as fasilitearjende partner.

Mei dizze oanpak geane wy fan fisy nei aksje. Dit soarget derfoar dat Buitenpost net allinnich praat oer de takomst, mar dy ek aktyf foarm oan jout. Dit is gjin papieren oprop; dit is in kâns. In kâns om it hiele doarp Bûtenpost klear te meitsjen foar de takomst - fitaal, leefber en oantreklik foar takomstige generaasjes. Wy hoopje dat jo mei ús meidogge oan dizze útdaging. Ik sil nou in exemplaer oanbiede oan de foarsitter fan de Ried. Der binne exemplaren foar alle fraksjes. We sille der ek foar soargje dat de Fisie digitaal beschikbaar makke wurdt. Dankjewol

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Achtkarspelen&id=8c2c547b-997d-4691-9f30-e2df74319732