P7-M1 - Moasje FNP, GBA en EdV - Skea boaiemdelgong ferhelje op Vermilion
Tekst van het document
P7 - M1
MOASJE Wurklistpunt: 7. Programmabegroting 2024-2027 Underwerp: Skea boaiemdelgong ferhelje op Vermilion De ried fan de gemeente Achtkarspelen byinoar op 2 novimber 2023 Ropt it kolleezje op: Om yn petear te gean mei Vermilion en harren oan te sprekken en op te roppen om skea feroarsake troch boaiemdelgong te ferheljen op dizze organisaasje.
En giet oer ta de oarder fan de dei.
Taljochting: • • • •
Troch boaiemdelgong fersakket de ûndergrûn en wis en seker fersakket it rioelstelsel dan ek. It wetter wat op de boezem loasd wurde moat, kin hieltyd minder ôffierd wurde, omdat we ek yn ús gemeente te krijen hawwe mei boaiemdelgong, de boezem kriget minder buffer. We sjogge nei klusterbuien dan ek regelmjittich dat der op in soad plakken wetteroerlêst ûntstiet. Somtiden steane der in soad strjitten blank. Doe’t destiids de gaswinlokaasjes fan de NAM oergongen binne nei Vermilion ta, binne hjir yn dit hûs beloftes dien troch in wurdfierder fan Vermilion, dat alle skea út it ferline en skea dy’t der yn de takomst noch komme sil, fergoede wurde sil troch de delfstofwinner Vermilion. De FNP is fan betinken dat Vermilion dizze belofte dan ek wier meitsje moat!
Wopke Veenstra (FNP-Achtkarspelen) Jacob Hooghiemstra (Gemeentebelangen Achtkarspelen)
Voor: FNP, GBA, PVV en raadslid De Vries (8) Tegen: CDA, CU, FVD, GroenLinks en PvdA (13) De motie is verworpen