P5-M1 - Moasje FNP, FVD, CDA, CU en GBA - Jild Wâldsang foar Frysktalige musicals groepen 7 en 8
Tekst van het document
P5 – M1
fi
MOASJE Wurklistpunt: 6. Kadernota 2024 - 2027 Underwerp: Jild Wâldsang foar Frysktalige musicals groepen 7 en 8 De ried fan de gemeente Achtkarspelen byinoar op 13 july 2023 Fersiket it kolleezje: Om De Wâldsang -foar it bedrach dat net brûkt is foar de muzyklessen en dat eins weromstoart wurde moat- yn 2024 in subsydzje te jaan foar ûnder mear it fersoargjen fan in Frysktalige musical sadat mei yngong fan 2024 de 12-jierrige Gurbes en Loltsjes harren pakes en beppes yn harren eigen taal tasjonge en sprekke sille! En giet oer ta de oarder fan de dei. Oerwaagjende dat: • • • • • • • • • • • •
Kultuersintrum De Wâldsang oanjûn hat as gefolch fan de nommen maatregels tsjin de koroanapandemy minder muzyklessen fersoargje hawwe kinnen as pland; De Wâldsang hjirtroch it foarnimmen hat it tefolle ûntfongen súbsydzjebedrach (nei alle ferwachtings €15.000) werom te stoarten op de rekken fan de gemeente Achtkarspelen; It fanselssprekkend is dat net alle lessen yn te heljen binne, mar dat it dochs winsklik wêze soe wannear’t it, doetiids troch ús ried foar ‘kultuer’(yn de foarm fan muzyklessen) earmerke jild, op de ien as oare wize oan dy kultuer te’n goede komme soe; Okkerdeis op guon basisskoallen yn ús gemeente der ‘groep acht musicals’ plakfûn hawwe; 80% fan de meast 11- as 12-jierrige artysten thús Frysk praat; De meast útfierde musicals foar it grutste part dochs Hollânsktalich wiene…; Dit liket te befêstigjen dat de iene rykstaal geskikt is foar ‘lyts praat’ oan ‘e keukentafel mar sa gau as der in poadium of mikrofoan oan te pas komt moat der blykber oerskeakele wurde nei dy oare rykstaal; Dit alhiel net winsklik is, sis mar ûnakseptabel; Dit it gefolch blykt te wêzen fan te min beskikberens (tekst, muzyk en goreografy op ienfâldige, thús te oefenjen wize kombinearre) fan oansprekkende Fryske musicals; Kultuersintrum De Wâldsang oanjûn hat ‘it ferhaal fan de Wâlden’ hiel goed yn de foarm fan in troch bern út te fieren musical jitte kin; De hjirby oansluten dosinten ek
oantoanber oer de nedige ekspertize beskikke trochdat sy oan de iene kant op alle (!) basisskoallen yn harren fersoargingsgebiet aktyf binne en oan de oare kant (foar wat it tekstuele en muzikale part oanbelanget) hjirta oplaat binne; In moai tafal wol dat in grut part fan de oansluten dosinten harren sels as ‘bern fan ‘e streek’ beskôget.
Wopke Veenstra,
FNP-Achtkarspelen
Albert van Dijk,
FVD-Achtkarspelen
Doethyna Vriesema, CDA-Achtkarspelen Toos van der Vaart, CU-Achtkarspelen Stemming: De motie is met algemene stemmen (20) aangenomen