CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

P1-M1 - Moasje FNP, EdV en GBA - Fertutearze gebouwen

Raadsvergadering 2 november 2023, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: P1-M1 - Moasje FNP, EdV en GBA - Fertutearze gebouwen304 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

P1 – M1

MOASJE Wurklistpunt: 7. Programmabegroting 2024-2027 Underwerp: Oanpak fertutearze gebouwen De ried fan de gemeente Achtkarspelen byinoar op 2 novimber 2023 Trunet it kolleezje oan: Om it al besteande hanthaveningsbelied fan ús gemeente oangeande fertutearze gebouwen fuortendalik en einlings ta útfier te bringen en jierliks in rapportaazje oan de ried foar te lizzen mei de stân fan saken.

En giet oer ta de oarder fan de dei.

Taljochting: • • • • • • • •

It blykt al jierren dat der yn ús gemeente net -as hiel beheind- op de kwaliteit fan wennings en oare bouwurken tafersjoch plakfynt. De kontrôle op de kwaliteit fan gebouwen stiet leech op de prioriteitelist fan it lêste útfieringsprogramma ‘toezicht en handhaving’. It kin en mei net sa wêze dat der by ferwaarleazging fan wenningen en gebouwen net hanthavene wurdt en dat der alle kearen mar mear rotte plakken yn ús gemeente bykomme kinne. De wetjouwing jout genôch romte om op te treden tsjin dizze praktiken, en dêr komt by dat wy yn dit programma ek al wer behoarlike útwreiding fan fte krije, dat neffens my ek mear romte jout om yn foarkommende gefallen aktyf te hanthavenjen. Fan de ambysje út it kolleezjeakkoart ‘Wy dogge der alles oan om de ferpaupering fan de doarpen tsjin te gean’ ha wy noch neat sjoen. It is in toarne yn it each fan in soad ynwenners fan ús doarpen dat dit jierren en jierren sa trochgean kin. It wengenot wurdt nei ûnderen helle. ‘Achtkarspelen oars as oars’ betsjut blykber dat wy ús doarpen sa fersluorkje litte.

Sake van der Meer (FNP-Achtkarspelen) Edwin de Vries (zelfst. raadslid) Jacob Hooghiemstra (GBA-Achtkarspelen) Voor: CDA, FNP, FVD, GBA, PvdA (dhr. Veenstra) en raadslid De Vries (15) Tegen: CU, GroenLinks, PvdA (dhr. Speulman) en PVV (6) De motie is aangenomen

Bylage: inkelde foarbylden fan fertutearze gebouwen (allinnich sichtber foar riedsleden)

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Achtkarspelen&id=9eb2d91b-50b3-4c29-9013-b5826215ba8d