O1-M3 - Moasje FNP - Provinsjale feroardering bestriding jabikskrúswoartel neikomme
Tekst van het document
O1 – M3
MOASJE Wurklistpunt: 9. Kadernota 2025-2028 (9.3 Onderdeel 1 - Wonen en werken) Underwerp: Provinsjale feroardering bestriding jabikskrúswoartel neikomme De ried fan de gemeente Achtkarspelen byinoar op 11 july 2024 Fersiket it kolleezje: Om de provinsjale feroardering oangeande de bestriding fan de jabikskrúswoartel (jakobskruiskruid) goed nei te kommen en te dwaan wat der yn de feroardering stiet.
En giet oer ta de oarder fan de dei.
Taljochting: • • • • •
De jabikskrúswoartel befettet gifstoffen (Pyrrolizedine Alkaloiden). De jabikskrúswoartel is skealik foar bisten en as dizze plant yn de kuil of it hea komt, kin it fee der dea fan gean. Yn de feroardering stiet letterlik; It giet om de ferwideringsplicht fan alle grûnsoarten en dus net alline de boulannen. Dan stiet der ek noch eksplisyt dat by driigjende oerlêst de plant opromme wurde moat sadree’t dizze yn bloei komme sil. Dizze provinsjale feroardering is foar elkenien fan tapassing.
Wopke Veenstra, FNP-Achtkarspelen
Voor: CU, FNP, GroenLinks, PvdA, PVV, raadslid Van Dijk en raadslid De Vries (11) Tegen: CDA, en GBA (7) De motie is aangenomen