Inspraakreactie onderwijsorganisaties ROOBOL, Noventa en Kinderopvang Tiko
Tekst van het document
Ynsprekken gemeenterie Achtkarspelen, 8-12-2022 2016. De bestjoerders fan Noventa, Tiko en ROOBOL mei innoar yn petear. De gebouwen foar de skoallen binne âld en foldogge net mear. De gemeente hat de plicht om nij te bouwen foar ûnderwiis. It is foar de bern fan Twizelrheide hurd nedich om yn gearwurking it ûnderwiisoanbod te ferbetterjen. Dat betsjut: Trochgeande learline ‘peuter en kleuterskoalle’. It Dielen fan ekspertize en kennis troch learkrêften fan ROOBOL, Tiko en Noventa. Ûnderwiis, passend by talinten fan bern. Dat betsjut ien modern gebou mei learpleinen foar bern fan 0-12 jier. En fansels mei in goed en sûn klimaat. 2017. Teams en âlders posityf om meiinnoar yn ien IKC (Yntegraal bernesintrum) te gean. Begjin 2018 in oanfraach om te bouwen yn 2019. Ek al in oanset makke foar in nije mienskiplike fisy. Gemeente kent it budget ta. Dus we kinne los. De fisy waard fertaalt yn in plan foar it gebou. Doe kaam it inisjatyf foar in breed mfa. Wy woene wol wachtsje op in ûndersyk, mar ha ek oanjûn dat it net in lange fertraging opsmite moast. We wienen al fier mei ûs plannen, de needsaak wie heech en eltsnien siet yn in ‘flow’. De fertaging soe 4 maand wêze. We binne no 2022 en it is noch net útiten. De âlders fan de skoallen wolle ek net langer wachtsje. It grutste part is foar in nije skoalle op of by it grutte fjild.
It nije IKC soe ek hiel goed brûkt wurde kinne foar gruttere gearkomsten, op jûntiid, dy’t no plak fine yn it doarpshûs. Gearfetsjend, mear útstel is foar de bern fan Twizelerheide net goed. Dêr komt by dat it ek in soad extra jild kostet omdat we yn te âlde gebouwen sitte. Jild bedoeld foar goed ûnderwiis wurdt no brûkt foar enerzjy en ûnderhâld. In ûnderbouwing foar dizze ekstra kosten kinne jim krije nei ôfrin fan myn petear. We moatte los en ljouwst fuort en daliks. Gjin risico’s mear op fertraging! Noventa ROOBOL Tiko
-