Inspraakreactie mw. Postma
Tekst van het document
1 van 4 Leden fan de gemeenteried, jo wurde frege om jo miening te jaan oer in útstel fan jo kolleezje. Ik freegje jo om dêrby net allinne te lústerjen nei de minsken dy't it hurdste raze. Ik freegje jo om in empatysk en pragmatysk beslút te nimmen. Spitigernôch moatte we fêststelle dat wrâldwiid hiel wat minsken net feilich binne. Stel je foar datst sels net feilich bist. Omdat der oarloch is of dat ús oerheid geweld brûkt tsjin de eigen ynwenners. Datst net feilich bist fanwege dyn politiek oertsjûging, dyn liuwen of omdatst hâldst fan ien dy't it selde geslacht hat as dû. Omdat troch in natuerramp it hjir net mear feilich is. Of datst dyn bern net mear te iten jaan kinst. Wat soene jo dan dwaan? Wrâldfrede en feilichheid foar alle minsken binne noch fier fuort. Ommers, de ryksten op dizze wrâld, de wapenfabrikanten en de techmiljardairs, hawwe belang by oarloch, polemyk, it útbuiten fan kwetsbere minsken en it fergrutsjen fan tsjinstellingen. 2 van 4 En salang't der minsken op de flecht binne, binne we mei- inoar ferantwurdlik foar in fatsoenlike opfang. Yn Nederlân is de solidariteit tusken gemeenten fêstlein yn in wet – op fersyk fan de gemeenten. Omdat der blykber gemeenten binne dy't fine dat se net by hoege te dragen. Faak binne dat rike gemeenten, lykas Wassenaar.
Mar ta myn spyt moat ik fêststelle dat ek myn eigen gemeentebestjoer net solidêr is mei de oare gemeenten. Hjir yn Fryslân. Mar bygelyks ek net mei Westerwolde. Trochdat de oare gemeenten net foar genôch opfang soargje ha de minsken yn dy gemeente kear op kear te krijen mei de negative gefolgen van flechtlingenopfang. En noch slimmer: kwetsbere minsken dy't op de flecht binne wurde dêr ûnder minne omstandichheden opfongen. Dan haw ik it net allinne oer it de nacht trochbringe yn waar en wyn. Ek oer de ûnfeilige omstannichheden wêryn't bygelyks bern, swangere froulju en LHBTI+ minsken opfong wurde. Wat my oanbelanget is Achtkarspelen sosjaal en solidêr en nimt har ferantwurdlikheid: soargje foar in gewoan AZC. 3 van 4 Hâld jo oan de wet. En: Meitsje ôfspraken mei COA oer aard en skaal fan in opfang dy't passe by ús doarpen. It liket my ta dat in gewoan AZC ek foardielen hat foar ús mienskip tsjinoer in “overlooplocatie”: – wa betellet it, as jo elke 3 jier in tydlike lokaasje opsette moatte? We witte ommers allegear dat needlokaasjes folle en folle djoerder binne as lokaasjes dy't we foar langere tiid opsette. – Alle kearen as der in tydlike lokaasje komme moat, komt der grif op 'e nij ûnrêst; wat der ôfrûne simmer yn Surhústerfean barde – as ynwenner fan dizze gemeente skamme ik my bot...
en wat betellet foar de ekstra ynset fan plysje? – We wite allegear ek, as der ien kear in lokaasje is, dan binne de roppers en razers gau stil. Dan komt de leafdefolle kant fan ús mienskip yn beweging. Dy set har yn om de flechtlingen ta rêst komme te litten, har wer minsk fiele te litten en har hjir wolkom fiele te litten. (Dat we dat kinne, sjogge we ek by de camping fan Appie yn de Grinzet Pein.) Leden fan de gemeenteried, ik freegje jo om by jo ôfwagings net allinne rekken te hâlden mei it hurdste lûd. Ik freegje jo om jo hert sprekke te litten, solidêr te wêzen, jo oan de wet te hâlden – net allinne de letter mar ek sa't er bedoeld is. 4 van 4 En ik freegje jo om de praktyske aspekten mei te nimmen – soargje foar rêst yn ús mienskip, jou ús as ynwenners in kâns om in bydrage te leverjen oan minskweardige opfang, foarkom hege maatskiplike kosten. Ik winskje jo wiisheid en noch mear empaty by it nimmen fan in beslút. 4 novimber 2026 Er is maar een land – onze aarde. Er is maar een volk – de mensheid. Er is maar een geloof – de liefde. - Wibaut